Algemeen

It kin soms frjemd rinne op in kamping. Ek op de 

kamping dêr’t wy ear stienen. Want gean ik ûnder de brûs, stiet der noch neat. Kom ik wer ûnder de brûs wei, stiet der in grutte kamper neist ús lytse karavan wêrfan in man, ik skat fiifenfjirtich+, wakker dwaande is om in luifel fêst te setten. Twa froulju mei lang ljocht hier, fan ik skat sa tsjin de tritich, stienen mei in gleske wite wyn yn ’e hân te sjen hoe de “jongknaap” him yn it swit wurke. 

Geartsje hie it fan út ús foartinte wei al ris besjoen en it wie foaral de man dy’t har opfoel. Kin ik my ek wol foarstelle, want hy wie in stik jonger as my. It wie sa’n “patserich” mantsje, net grut mar wol breed oer de skouders.  Jo witte wol sa’n ien mei in keale polyste holle en rûnom it lichem in protte plakplaatsjes. En foaral net ferjitte in sinnebril boppe op ’e holle mei goudkleurige stangen en in spegelbyld dêr’t jo de hiele kamping wol yn sjen koenen. 

No sei dy man my sels net folle, mar wat om him hinne rûn koe der wol op troch. Ek logysk om’t se in stik jonger winen as wat ik went bin. Ik mei it dan net sizze, mar miskien wie ik wol in bytsje jaloersk op dy man. En dat net om syn plakplaatsjes en syn sinnebril. Alhoewol! Miskien soe in plakplaatsje op myn leeftiid wol stoer oerkomme, lykas sa’n gouden sinnebril dat ek wêze kin. Hoewol men sokke brillen hjoed de dei by de measte supermerken wol keapje kin.

Doe’t de beide froulju de kamper yndûkten en in skoftke letter wer bûten kamen, seach ik fuortdaliks dat se harren klean oanpast hienen oan de hege temperatuer. Mei oare wurden: It hie net folle mear om’t liif. 

 

Ik fûn it op dat stuit it juste momint om my harren yn ’e kunde te kommen troch my oan harren foar te stellen, en net te wachtsjen oant se harren kâlde jûntiid outfit wer oan dwaan soenen. 

Mei’t ik my foarstelde koe ik it ek net litte om te sizzen dat sa’n man it mar trof mei twa fan sokke kwike fuorlju om him hinne. Hja gienen der yn mei en seinen dat se ek tige wiis mei him wienen. 

 

Wilens it petear sette de iene har boppestikje fan de bikiny sa no en dan wat teplak om’t dy skynber wat oan ’e krappe kant wie, wêrtroch it spul nei bûten komme woe.

Doe’t hja mei harren safolste gleske wite wyn nei de plakplaatsjeman sieten te sjen hoe dy him foar harren útslove,  bin ik ús foartinte mar wer yn doken.

Sjoch, en dan komt it noch. Dan is it de keunst om út te finen hoe de situaasje by it neie folkje ynmekoar sit. Heart hy by har? Heart sy by har? Heart hy by dy oare? Hearden se wol bymekoar? Hienen se de man miskien ynhiert, as hie hy harren ynhiert?

 

Der kinne jo oeren mei dwaande wêze om der efter te kommen. Och ja, jo hawwe doch fakânsje en dan hawwe jo de tiid der ek wol foar, is ’t net sa? 

We hawwe de tiid net krigen om dêr efter te kommen, want doe’t wy de oare deis nei it doarp gienen om in krante en in pear boadskippen te heljen sied alles noch potticht yn ’e kamper en doe’t wy in lyts oerke letter werom kamen wie de hiele kamper mei alle folk al wer fuort. 

De fjouwer lege wite wyn flessen en de lege wisky flesse, dy’t efter bleaun wienen, haw ik yn ’e glêsbak mitere. 

De lêste spoaren fan harren “one night on the camping” wienen dermei fuortsmiten. 

 

Mar dêrmei noch net de nijsgjirrigens, fan hoe’t it krekt ynmekoar siet. Dêr sille wy ek wol nea efter komme, mar dy man hie it yn alle gefallen goed foarmekoar. Miskien moast ik myn imago ek wat oanpasse. 

Doe’t ik dat oppere hat Geartsje my fuortdaliks warskôge dat ik it net yn ’e kop helje moast om mei in keale holle en plakplaat-sjes op ’e rêch,  earms en skouder thús te kommen. Mar ik wie, neffens har, sa njonkelytsen wol oan in nije sinnebril ta   

 

hfdp@kpnmail.nl