Algemeen
Column: Kabouter Plop
It wie gjin waar om mei de fyts der op út te gean. Dan de Scherjontsjes mar oan en efkes in rûntsje oer de kamping. Doe’t ik nei de daam gie, kaam der in man oan rinnen op ynstappers en omsleine boksen fan syn spikerbroek. Bûtendat hie de man in burd ûnder it kin hingjen dat my foarearst tinken die oan kabouter Plop.
Hoe âld de man wie wit ik net, om’t it by kabouters muoilik yn te skatten is, mar hy wie neffens my de santich al foarby. De man hie de auto, mei in frou efter it stjoer, foar de daam stean litten, Sûnder in wurd te sizzen rûn hy my flak foar de noas lâns rjochting it hokje dêr’t men harren melde moast. Fuortdaliks kaam hy ek werom rjochting harren auto, dêr’t de frou noch rêstich siet te wachtsjen. Hja binne doe yn guozzepas rjochting it hokje gien. Hy foarop, lyk as de boade by in lykwein, en sy mei auto en karavan der efteroan. Iksels bin ek wer nei de karavan gien en haw my deljûn yn de foartinte. It duorre net sa lang doe kamen se yn deselde formaasje it fjild opriden, mei dit ferskil dat de kampingbaas no mei foarop rûn. Jo soenen sizze kinne dat de dominy him der ek by oansluten hie. Op oanwizing fan, sis mar, de dominy hawwe se harren al wat âldere karavan neist dy fan ús delsetten. De frou is al frij gau de karavan yn dûkt en de man hat alle war dien om de luifel foar it spul te krijen. It waard allegear mei toutsjes en bandsjes bymekoar holden. In taffeltsje en twa al âldere túnstoelen wie it bûtendoar meubilêr. Men koe sjen dat se it net sa rom hienen. It bleau mar wat stil by ús neiste buorlju. Har seagen wy net folle en hy die alle war om de húshâlding draaiende te hâlden. Geartsje en ik hawwe mekoar ris oansjoen en doe tochten wy itselde. Soenen it miskien ek Amish wêze, om’t de man samar as Amish troch it libben koe. Selde útstrieling en wat my oanbelanget ek de selde spikerbroek mei omsleine boksen. It woe ús hast net oan want dan hie der faak wol in hynder foar de karavan rûn. Se hienen beide wol in mobile tillefoan, mar dy hawwe se sels op plakken dêr’t de grutste earmoede is. Ik frege my ôf at se wol oan it elektrysk sieten en gjin wynmûntsje op it dak hienen. Jûns haw ik efkes op ûndersyk west en it bliek dat der yndied in tried tusken it pealtsje en de karavan siet mei oan beide kanten in stekker.
“It sintsje skynt wer moai buorman”, sei ik op in moarn doe’t hy bûten in boek siet te lêzen. “Ja”, wie it ienichste antwurd. Hold neat oer dus. Buorfrou kaam ek wat mear op ’e lappen en wie ek wat spraaksumer. Nee, as jo it my freegje, soe ik sizze dat dizze minsken it net breed hienen. Doe’t op in moarn der twa ienpersoans dekbêden bûten oer de stuollen hongen gie by ús yn de karavan al it praat fan:”It koenen wolris broer en suster wêze”. Twa dy’t fan in grutte húshâlding tegearre oerbleaun wienen en no beide op in ein fan de karavan leinen te sliepen. Soe ek samar kinne.
De lêste dei dat we op de kamping stienen en wy de saak oan it ynpakken wienen, sieten buorman en buorfrou beide yn it sintsje mei in boek op ’e skurte. In houten taffeltsje tusken harren yn mei twa kop en pantsjes dêr’t wierskynlik tee yn siet. It ûntbruts him oan moalkoekjes.
Doe’t ik harren sei dat wat it waar oangie it wer in moaie dei wurde soe, kaam buorfrou oerein fan har stoel en begûn te praten. Hja fertelde dat hja al in moai skoft op paad wienen en ek al in wike mei bern en bernsbern op in kamping stien hienen. Sy fertelde ek dat se foarhinne altyd mei de tinte der op út gienen. Foaral nei Frankryk. Wylst siet kabouter Plop mei de kop yn in boek en bromde sa no en dan, wat skynber by kabouters heart. Wat dat oanbelanget soe men him gjin sân stoeren jaan. Bliek ek wol want buorfrou fertelde dat sy auto ried, om’t hy gjin rydbewiis hie. In jier as wat ferlyn hienen se in karavan kocht om it wat nofliker te krijen. It wie net ien fan de jongsten fertelde sy, en der siet ek net in húske yn. “Och”, sei ik, “dizze karavan kin it jimme skoan dwaan”, der fan út geand dat se it net sa rom hienen. Buorfrou fertelde ek dat se tsjintwurdich Nederlân mar wat mear beseagen. Sadwaande wienen se ek yn Fryslân telâne kaam. Hja hienen it sa goed as mar koe en koenen dwaan en litte wat se woenen, fertelde sy. De bern de doar út, beide fan Drees en in pensjoen. Doe’t ik frege hokker wurk har man foarhinne die, wie myn ferwachting, sa’t ik him dêr sitten seach, net sa hiel heech en koe sa’n fraach ek sneu wêze. Dat feroare yn ienkear doe’t buorfrou fertelde dat sy direktrise west hie fan in âldereinhûs en har man hie oan syn pensjoen ta heechlearaar west oan in universiteit.
www.henkiefandepolderdyk.nl
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december