Algemeen

Column: It swarte gat

Noch twa wike, en ik ferdwyn yn it swarte gat. Dan is it dik 47,5 jier lyn, dat ik myn wurkseme libben begongen bin.

Op 4 moanne nei ha wy 38 jier lang selsstannich ûndernimmer west. Lang ha ik dus net ûnder in “baas” wurke. Miskien fielt it dêrom ek net sa as wurk, dy 38 jier. Eigen baas wêze is hurd wurkjen, mar it is ek in menier fan libjen. De saak is der, dei en nacht, 7 dagen yn de wike. 

Miskien dat it dêrom noch hieltyd sa ûnwerklik is. Dat ôf-skied fan wat in hiel libben west is. Op in moment, dat ik miskien wol de leeftiid ha om mei pensjoen te gean, mar dat noch net sa fiel.

Dêr ha ik it ek wolris faker oer hân yn in kollum: it gefoel, dat dy leeftiid, en ek dat gesicht yn de spegel, net by my heart. Yn de holle fielt it as bin ik noch altyd dy jonge ûndernimmer mei allerhande plannen en ideeën. Al wit ik fansels, dat dat wol even oars leit...

 

Fansels wurd ik fan alle kanten warskôge foar “it swarte gat”. En it sil ek wol hiel frjemd wêze, as “de saak” der ynienen net mear is. De earste tiid sil ik fansels noch wol in protte tiid noadich ha om alles ôf te wurkjen. Mar fierder is der aanst net mear it “moatten”. Al ha ik altyd wol besocht om it te sjen as “meien”. Ik mocht hast 38 jier myn bêst dwaan foar de bakkerij. En as ik earlik bin: fansels fielde it ek wolris as “moatten”. Even mar net, of even gjin sin der oan, komt net foar yn it wurdboek fan in ûndernimmer. De kop der foar, sa moat it wêze.

No tink ik sels, dat dat “gat” wol wat tafalle sil. As ik hjir sa om my hinne sjoch, ha ik yn elk gefal noch wol wat te dwaan hjir thús. Wy ha ûnderwilens hast twa moanne ynwenning. Dat befalt noch altyd bêst. Sa’n pjut fan no 11 moanne alle dagen om jin hinne, is fantastysk! Mar der moat straks wolris it ien en oar opromme wurde. Dêr ha ik it ek alris oer hân, it “ontspullen”. It wurdt in hiele toer bin ik bang, mar ik sil myn bêst dwaan.

Fierder merk ik, dat ik mear enerzjy krij foar de “baantsjes” dy’t ik noch ha, in stik as wat bestjoersfunksjes. De dingen dy’t ik dêrfoar dwaan kin, hoege net mear yn ferlerne oerkes ôfraffele wurde.

Koartsein: ik sjoch út nei dat grutte swarte gat, fol romte en frijheid. 

Dan is it ek noch in moaie tiid om wat oars te dwaan. De simmer komt der oan, en fansels ha wy dan ús plakje yn Grou, en it boatsje. Wat in rykdom! Ik fiel my noch enerzjyk, ha de bern allegearre yn de buert, ha in hearlik plak yn Grou en in fijn plak yn Stiens. Ik bin noch net ôfskreaun en kin hjir en dêr wat betsjutte. Wat der allegearre noch op myn paad komt, wit ik net. Ik wachtsje it ôf, lit it mar gebeure. Ik ha der sin oan. It fielt as in nij begjin. Sa fan: “letter as ik grut bin”. Ik bin no grut en de takomst leit iepen. Wat wol in mins no noch mear? Kopke ûnder yn it swarte gat. Benijd, wat ik dêr allegearre tsjin kom...

 

As resept dizze kear in “Ape-bôle”. Gjin idee, werom as it sa neamd wurdt, mar it is wer ris wat oars as oars.

 

Ingrediënten

500 gr. bloem

200 ml lauwe molke

1 pûdsje droege gist

60 gr. sûker

2 teel. kaniel

100 gr. sachte bûter

snufke sâlt

 

Meitsje earst it deech. Ming de bloem, de molke, de gist,       1 teeleppel kaniel, 30 gr. sûker, 40 gr. bûter en in snufke sâlt. It handigst is dit om it yn in keukenmesine te dwaan. Doch der dêrnei in doek oer en lit it deech 30 menuten rize.

Fetsje in tulbânfoarm yn mei in bytsje bûter. Lit de 60 gr. bûter dy’t der noch oer is, rane yn in pantsje. Ming de rest fan de sûker en it kaniel. Pak in stikje deech en meitsje der in baltsje fan. Doopje it yn de bûter en rôlje it dan troch it sûkermingsel. Doch it boltsje dan yn de tulbânfoarm. Gean sa troch oant it deech op is. Lit alles noch in oerke rize. Bak de bôle op 180˚C yn 30 menuten ôf.

 

Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens.