Algemeen
Column: It is foarby!
As jo it boppeskrift lêze dan soe ik my foarstelle kinne dat jo tinke, witte se dêr yn Hijum mear as yn de rest fan de wrâld? No nee, dat is sa net hear, want al hoe graach ik wol dat it dien wie mei it Caronafirus kin ik jo dêr net bliid mei meitsje.
Wêr wy wol oe sa bliid om binne, is dat ús âldste pake- en beppesizzer yndie slagge is foar it atheneum en no aanst fierder studearje kin! Oer dy beide ûnderwurpen giet dit stikje lykwols net mar oer in hynder! In rinhynder wol te ferstean, fan hurd plastik, goed fjirtich jier ferlyn oanskaft foar ús jongste.
Hy wie net sa betiid mei rinnen en omdat er mei sa 'n ding wat mobieler wie ha we him ien op syn earste jierdei jûn. Net dat we der oer yn sieten dat er net sa betiid rinne koe, want it wie ús tredde bern en de earste twa wienen dêr ek let mei. Wylst de bern fan freonen mei in moanne as acht al yn it loophek omfleagen en der sels al út klommen, leinen, sieten en krûpten dy fan ús noch. De iene is no ienkear foarliker as de oare, sa koenen dy fan ús al hiele wurden sizze doe 't se noch yn de bernewein leinen. Ek in bytsje frjemd miskien, mar se dienen sa har famyl-jenamme wol ear oan, want elk dy de Pasma's kin, wit dat dy omraak prate kinne.
As foarbyld neam ik altyd mar, dy kear doe't in broer fan myn man op in kamping syn jierdei fierde. Wy wisten net wêr se stienen mei de karavan en fregen ien dy we foarby kamen en sa te sjen dêr wol aardich thús wie. Hy sei: 'Oan it ein fan dit paad rjochtsôf en gean dan mar op it lûd ôf!' De man hie gelyk, want sels healwei dat paad koenen wy de stimmen al werkenne! Werom nei it hynder, it wie in izersterk bist en ús soan hat der in protte gebrûk fan makke. Doe hy der te grut foar wie is it hynder, krekt as in hiele soad oare dingen, nei de solder ferhúze. Wy binne no ienkear gjin minsken dy sa mar dingen, dy noch goed binne, fuort dogge en as je der romte genôch foar ha dan giet soks, sa as fytskes en oar guod, nei de fliering of nei de hokssolder. Doe der letter pake- en beppesizzers kamen, hellen we earst it ledikantsje en de bernewein, letter de tafelstoel, en wer letter it lytse tafeltsje mei de twa stuoltsjes en it boartersguod wat by harren leeftyd paste wer fan boppen en sa kaam ek it hynder wer fan 'stâl'. It wie op in moaie sneintemiddei dat ús hiele neiteam del kaam. Fansels wie de iene der earder as de oare en sa koe it barre dat Marrit, de jongste, al by ús wie en Marion efkes letter mei har heit, mem en sus oankaam. Marion wie doe in jier of 7, tink ik, dus it rinhynder hie se net mear nedich, mar sy en har âldere sus mochten der graach op om jakkerje. Omdat de hurde plastik tsjillen fan it hynder in hiel soad leven makken op de houten flier, wat earder op de flierbedekking net opfoel, hie ien fan de âlders it bist ris opburgen yn it hok. Marion, dy de gewoante hat om Hollânsk te praten, socht it bist. Se kaam Marrit tsjin en tocht dat dy wol wist wêr er wie en frege har:' Waar is het paard?' Marrit, sawat oardel jier en went om Frysk te praten, snapte net wat in paard wie, sei: 'Hin? Paard?' Marion sei no wat lûder: 'Ja, het paard! Het zwarte paard!' Marrit hie gjin benul wêr se it oer hie en mei de skouders en de hannen omheech socht se har heil by pake dy yn 'e buert wie en sei: 'Het zwarte paard!'
Gelokkich koe pake har helpe want dy hie it hynder wol stean sjoen, efter de fytsen, yn it hok! Efkes letter draaiden de bern harren rûntsjes mei it bist troch de keuken, de sêre en de keamer. Dat duorre net sa lang want wy koenen ús net mear fer-steanber meitsje troch it leven dat soks makke. Gelokkich wie it moai waar dus koenen de bern en it hynder nei bûten. Omdat ús bern der gjin belangstelling foar hienen en wy mar net op oerpake- en beppesizzers wachtsje is it measte spul nei de kringloop winkel brocht, mar it hynder hat Marrit mei krigen al is dy der yntusken ek al te grut foar.
Lêst wienen wy dêr te fiskjen en seach ik "Het Zwarte Paard".Ik tink dat er hast nei syn lêste rêstplak ferhúzje sil en ik koe it net litte om der in foto fan te meitsjen en der in stikje oer te skriuwen want dit stikje nostalgy út ús libben is aanst foargoed foarby!
Etie Pasma, Hijum 2020
Laatst geplaatst
Agenda
-
Di 24 december
-
Wo 25 december
-
Do 26 december
-
Vr 27 december
-
Za 28 december
-
Zo 29 december