Algemeen

Column: In jier om nea te ferjitten

Wy hearden it hjoed op de radio: dit jier definityf gjin PC. Neffens my hiel begryplik. Want de PC stiet bol fan tradysjes. Sûnder dy tradysjes is it gjin PC. 

Sûnder al dy minsken der om hinne, fan moarns betiid yn de Koarnbeurs, oerdei op it Sjûkelân en jûns let yn de Bogt, is it heechút in “gewoane” keatspartij. It is mar ien lyts partsje fan wat der oars is. Gjin tour de France, gjin Wimbledon, gjin Skûtsjesilen, alles wat de simmer oars ta “simmer” makket, is der net. 

Alles, mar dan ek alles is oars dit jier, ek foar ús persoanlik. Yn jannewaris moasten wy ôfskied nimme fan myn mem. Net ûnferwachte. Mar dochs, it âlderlik hûs is fuort. De tille-foantsjes nei Balk binne der net mear. As der wat is, oh nee, ik kin net mear even belje.

Korona, it sette fansels de hiele wrâld op de kop. En noch is dat net foarby. Foar ús persoanlik feroare der net safolle. Miskien dat wy no krekt wat faker nei Grou geane, om in dei “fakânsje” te fieren. It wurk giet troch, wy sjogge de bern en famylje noch geregeld. En festivals wiene dochs al net sa oan ús bestege...

Dochs waard yn juny ús libben op ‘e nij op de kop set, doe’t der konstatearre waard, dat Nico lymfeklierkanker hat. Gelokkich yn in begjin stadium, sadat de genêzingskâns grut is. No, twa chemo’s fierder en noch ien te gean, liket it hiel goed. Fansels is de kondysje en wjerstân fan Nico nei in leech peil daald, mar fierder giet it eins boppe ferwachting goed. Nei de lêste kuer noch trije wike bestraling, en dan ferwachtsje wy eins, dat it “klear”is.

Mar opnij wurdt dus alles wer even goed troch elkoar skodde. Dat docht net allinne wat mei ússels, mar ek mei ús omjouwing. In “lotgenoate” sei foarige wike: “it bringt je ek hiel wat.” Dat sintsje bleau hingjen. Wat bringt it ús? Behalve     earst panyk, komt der dan ek krêft nei boppen. Wy geane der foar. Mar tagelyk is der dan ek de omjouwing, de minsken om jin hinne. De bern, famylje, freonen, de wurknimmers, en al dy oaren dy’t ticht by of wat fierder fuort steane. Ik hoech mar nei al dy kaarten te sjen, dy’t hjir no noch yn myn keuken steane, mar dy’t straks yn it plakboek geane. As oantinken oan dy spannende tiid, dy’t dochs ek sa fan meilibjen en waarmte wie. Wat bringt it ús? Yn elts gefal dy waarmte, dat meilibjen. Der binne wiken, dat wy amper hoege te itensieden, om’t der elke kear wer in hearlike panne iten klear makke wurdt foar ús. Eks-wurknimmers hawwe spontaan   oanbean, om yn te fallen yn de bakkerij, sadat alles dêr troch gean kin. Safolle minsken biede oan om te riden, as Nico nei it sikenhús moat. Dàt bringt it ús dus allegearre. 

En foar ússels: foar my giet it wurk fansels gewoan troch. Mar wy beseffe no, dat der mear is. Fansels wisten wy dat wol. Mar wy genietsje no dûbel fan de dagen, dat wy der op út kinne. Fan de wykeinen, dat wy mei ús bern genietsje kinne fan it by elkoar wêzen. En sa komt it momint, dat wy ôfskied nimme sille fan ús wurksem libben as bakker en bakkerinne dochs ek hieltyd tichter by. Hoe as it rinne sil, witte wy noch net. Dat sil de kommende tiid útwize moatte. Wat de lêste helte fan dit jier ús bringe sil, gjin idee. Mar dat der nei dit jier hiel wat feroarings wêze sille, dat is seker.

In jier om nea wer te ferjitten, dat sil it seker wurde. Mar dat it ús hiel wat brocht hat, dat stiet ek as in peal boppe wetter.

 

Resept: pancake mei banaan. Ha wy fan ‘e wike noch hân en it smakke hearlik mei iis!

 

Ingrediënten:

2 aaien

80 g sûker

1 pûdsje fanyljesûker

1 tlk kanielpoeier

230 g tarwebloem

40 g boekweitmoal

300 ml folle molke

2 à 3 ripe bananen

70 g bûter

 

Klopje de aaien mei de sûker en de fanyljesûker los. Doch it kaniel, de bloem en it boekweitmoal der by. Jit de molke der mei lytse bytsjes by en ried goed. Prakje de bananen fyn en doch se ek troch it beslach. Meitsje in pankoekspanne waarm op in matich fjoer, ynfetsje mei bûter. Skep 4 leppels beslach yn de panne en bak se sa’n fiif menuten. Dêrnei omkeare. Salang troch gean oant alle beslach op is.

Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens.