Algemeen

Column HvdP: Weromsjen

Der hat in tiid west dat we op âldjiersjûn wakker foarútseagen nei de dingen dy’t komme soenen yn it nije jier. Doe’t ik fyftjin wie, wie ik al dwaande om as ik sechstjin waard in bromfyts oan te skaffen. Op myn santjinde wie it heljen fan it rydbewiis de grutste winsk. 

No sieten wy âldjiersjûn tegearre nei de top 2000 te harkjen en hearden wy de knallen fan it swiere fjoerwurk, dat al fier foar tolven útein set wie. Mar goed dat ús hûs knap isolearre is. 

Eartiids hienen wy rotsjes. Foar ús al in hiele belibbenis en der kamen ek net folle ûngemakken mei. As der ien wat te gau út-inoar spatte hie men in pear dagen in sêre hân. Tsjintwurdich mei dat swiere spul is men de hân kwyt. Mar it neidiel fan de rotsjes wie dat as it wat rûzich waar wie men de knal hast net hearde. Dat waard better doe’t de strikers kamen. Die koe men oanstrike oan de sydkant fan it lúsjefersdoaske. Ek wer gefaarlik as men de strikers en it lúsjefersdoaske yn deselde bûse hie. Lit it fjoerwurkferhaal hjir mar ophâlde en mar net fertelle hokker spul ús bern letter hienen. Om oer it fjoerwurk fan ús tredde generaasje hielendal mar te swijen. 

No sieten wy tegearre nei de televyzje te sjen mei twa heale staatslotten yn hânberik. Foarútsjen is der net folle mear by. Sûnens is wichtich en miskien in pryske yn’e staat soe moai meinaam wêze.  

Mar it measte praat gie dochs oer de tiid dy’t soms al wer jierren efter ús lei. Hoe wy âldjiersjûn belibben yn de fyftiger en sechstiger jierren. As skoaljonge begûn it nije jier al yn begjin novimber, om’t wy doe al begûnen te tôgjen om in sa grut mooglike âldjiersbult te krijen. Hoe mear der op de bult kaam, hoe heftiger it fjoer wie. It is no net mear yn te tinken mar hoe mear auto- en fytsbannen, hoe moaier as it wie. Aldjiersjûn om in oere as acht kaam it folk fan de Klidze en Ald Dyk om te sjen hoe de flam yn’e bult gie. Profesjoneel fjoerwurk hienen wy doe net. It knalfjoerwurk bestie by ús út it karbidsjitten mei ferfblikjes. Der stie ek net in grutte tinte mei in stik muzyk en in pear kistjes mei kâld drinken om it folk mar fan de dyk te hâlden. En om’t der neat fernield waard, hoegde de man yn it blau der ek net oan te pas te kommen. As it droech waar wie, wie de bult samar fuort en bleau der in smeulend bultsje mei foaral izer út de auto- en fytsbannen efter. Foar ús wie dat it ein fan it jier, dat faak yn’e nachtrêst oergie nei it nije jier.  

As opslûpen jonge gie ik mei in bûse fol rotsjes jûns al betiid nei it doarp om mei in keppeltsje leeftiidsgenoaten op de dyk om te swalkjen en tuskentroch alles wat los en fêst siet fan plak te heljen en op in oar plak wer efter te litten. Ferniele wie der net by. Dat lieten wy ek wol, want yn ús skaad rûn altyd ien yn it blau, dy’t ús al wyslik tasprutsen hie wat de konsekwinsjes fan it fernielen wie. Mar ûndertusken wie hy ek net te beroerd om in hântaast te helpen. Ien fan de tradysjes op ús doarp wie dat der in heawein boppe op it bûterfabryk stean moast. In heawein dy’t meastal by Jan fan Popke út it hok kaam. De wein waard útinoar helle en de ûnderdielen waarden oan in tou omheech lutsen. Boppe stie de montaazjeploech om de saak wer ynelkoar te setten. De man yn it skaad seach it fan ôfstân allegear oan sûnder yn te gripen. It waard oars doe’t der in nije man yn it blau kaam en de saak ek oars oanpakke woe. Doe’t hy belette woe om in tsjil omheech te lûken, liet de lûker it tou fiere en kaam it tsjil op de man syn skonken telâne. De man hat doe it skaad mar wer op socht. 

It wie doe al in ôfrinnende saak wat it tôgjen oanbelange. It waard skynber te folle wurk. En om de minsken dochs wat te bieden, gienen nei tolven de doarren fan it doarpshûs iepen. Dêr waard op in feestlike wize de man as frou fan it doarp huldige. 

Tsjintwurdich is it allegear oars en wurdt yn ferskate doarpen in grut program makke mei karbidsjitten en profesjoneel fjoerwurk. In grutte tinte mei de nedige muzyk en kâld drinken moat der foar soargje dat der gjin fernielerij yn it doarp is. Faak ferrint it rêstich en hoegt de man yn it blau net út it skaad wei te kommen. Ja, miskien om in hântaast te helpen, lyk as de man dat yn ús tiid ek die.

It is twa oere as wy de televyzje útdogge. Op oare plakken begjint men dan pas. Wy kinne ús tefreden deljaan want de staat hat ús fiif euro opsmiten. Better be-gjin kin men dochs net winskje. Noch in noflik 2024 tawinske.