Algemeen

Column HvdP: Oktoberfest

Okkerdeis krigen wy in útnoeging om mei te dwaan oan it “Oktoberfest” fan ús kuorbalferiening. Hja hienen in moaie tinte op it sportfjild stean, dêr’t moai wat minsken yn koenen. Yn alle gefallen foar ús feriening grut genoch. 

Nei de wedstriden koenen wy ek al yn de tinte telâne om alfêst wat te priuwen fan wat ús de jûns boppe de holle hingje soe. Bier drinke en pizza ite. Kratten bier stienen te wachtsjen op de ôfnimmer. Om no te sizzen foar elk lid in krat wie miskien wol wat oerdreaun, mar it gie dy kant al in moai ein út.

Wy hawwe efkes preaun en binne doe earst mar wer op hûs oangien om in kopke kofje, foar’t wy wer oanskikke koenen om te pizza iten. Mei wy bedoel ik Geartsje en twa freondinnen dy’t ek de gemiddelde leeftiid omheech lutsen

Doe’t wy tsjin sânen oankamen moast it measte folk noch komme. Wy mei ús fjouweren hawwe ús noflik deljûn op banken fan de keatsklup en binne doe al rillegau oan de pizza begûn te haffeljen. It smakke goed en mei wat oktoberfestfocht der by gie it sa bêst as mar koe. Undertusken kamen ek ferskate jonge minsken de tinte ynsetten wêrfan de jonges fan dy switterige learen broeken oan hienen en de froulju fleurige koarte jurkjes, lyk as de froulju yn myn jonge tiid dat ek hienen. It die al gau bliken dat Geartsje en ik de ienichste santich plus minsken wienen en ek bleaunen. Mar it makke de sfear der net minder om. Iksels begûn der hoe langer hoe mear aardichheid oan te krijen. It jongfolk begûn al wat op en del te springen en mei de hjoeddeiske muzyk waard de sfear der net minder op. Ik krige suver nocht om ek op de flier om te springen, mar in bekende hân op myn skouder wie foar my in teken om it mar net te dwaan.

It die my wer efkes tinken oan ús moaie jierren sechstich. Ik seach my alwer mei in jong frommeske op de dûnsflier de finale te dûnsjen. Stiif tsjin mekoar oan en desnoads noch mei in ekstra rol pipermunt yn myn strakke broek mei wide pipen. Mar we libje yn de tiid fan no en no binne der oare regels en kin in rolle pipermunt al net iens mear. Doe’t ik it fersyknûmer oanfrege fan “Achter de tent word je pas een vent”, tocht ik fuortdaliks dêrnei: kin dit wol, is it net “grensoverschrijdend?

Yn de rin fan de jûn waard it ek wat drokker. De jeugd rûgele sa stadichoan ek de tinte yn. Hja binne wend om pas nei tsienen it feest yn te gean, wylst it by ús eartiids tolve oere “slus” wie. Ik moat sizze dat, doe’t Geartsje en ik tsjin alven wer op hûs oan gienen, ik him al aardich preaun hie en by thúskomst haw ik my ek fuortdaliks noflik deljûn yn myn relax stoel. It wie noch folop feest, wylst ik mei myn safolste bierke dwaande wie, en de jurkjes fan de froulju ek hoe langer hoe koarter waarden. En doe’t in jong frommeske yn sa’n koart jurkje by my lâns run, koe ik it net litte om in plastyk bierbekerke op’e dûnsflier te smiten. Tagelyks frege ik har at sy dat bekerke efkes foar my fan de grûn pakke woe. Sy draaide har om, seach my oan en sei: “soest wol graach wolle âlde snoepert”. Tagelyks skeat it my yn’t sin dat ik hjir swier yn’e fout gie. “Grensoverschrijdend?”, ja miskien wol mar folle slimmer wie dat ik in plastyk bierbeker op de dûnsflier goaide. Want foar ik it goed en wol trochhie waard it feest stillein en moast elkenien de dûnsflier ferlitte. Al rillegau bin ik troch in pear stevige jongknapen fan de bank ôfplukt en bûten de tinte set. Fuortdaliks waard my ek ferteld dat ik takommend jier net wer op it “Oktoberfest” komme mocht, wylst ik my foar mysels al besluten hie om dan yn in “lederhoze” te kommen. Fan ellinde bin ik mar op hús oan gien. Underweis hearde ik dat de ôfkuollings perioade efter de rêch wie, om’t de muzyk wer útein sette. En ek noch mei myn fersyknûmer, “Achter de tent word je pas een vent”. Dat wie ek it momint dat Geartsje mei wekker makke