Algemeen

Column HvdP: Kangoeroes en talinten

No it nije kuorbalseizoen wer oanbrutsen is ha ik sneontemiddei noch efkes nei it kuorbalfjild fan CSL west, in feriening dêr’t wy al mear as fyftich jier lid fan binne. Hoewol it gleonhjit wie, foel it my net tsjin hoefolle folk der noch wie. Wat my foaral opfoel wie dat der in protte bern oan de line fan it fjild stienen. Bern yn de leeftiid fan bernewein oant junior. Sa flotwei telde ik tsien bern wêrfan de âldsten oan de Kangoeroes fan trije jier ta wienen. 

Wat dat oanbelanget sit de takomst fan CSL wol goed en kin de doelstelling fan alle jierren in F-team derby wol helle wurde. As it treft sitte der op dy leeftiid ek talinten tusken. Soms binne dat bern fan âlders dy’t sels ek kuorballe ha, en faak hawwe dy harren âlders ek noch kuorballe. It sit dan hielendal yn de genen. Mar net allinne bern fan âlders mei in kuorbal eftergrûn kinne talint wurde. By CSL is bewezen dat in grut tal bern fan net kuorballers it al fier brocht ha. De talintfolle kuorballer komt altyd boppe. De iene soms wat earder, de oare soms wat letter. Mar net elkenien sil it nivo fan it earste fan CSL helje, en dêrom is it nivo fan de teams dêrûnder ek wichtich om talinten te behâlden. Dat falt soms net ta, want as it sa tsjin it ein fan de kompetysje rint, wurdt der faak fan alle kanten oan talinten lutsen. 

Yn de fuotballerij is it al jierren de gewoanste saak fan de wrâld dat spilers oerstappe nei in oare feriening om heger te spyljen. Tsjintwurdich komt men it yn alle sporten tsjin. Ek by sa’n oerdeeglike famyljesport as kuorbal hat it wurd “scouting” syn yntree dien. Wienen it foarhinne noch de senioaren dy’t it hegerop sochten, tsjintwurdich is it net frjemd as in jeugdlid oerstapt nei in heger spyljende feriening. CSL kin it ek as in eare besjen dat harren jeugdoplieding yn alle gefallen goed is.  CSL spilet op it fjild haadklasse en wol ek graach op dat nivo bliuwe. En mei de talinten dy’t der omrinne moat dat neffens my ek mooglik wêze. Mar as de talinten fuortgean, sille sy miskien ek wer talinten oanlûke moatte om harren doelstelling te behâlden, wêrtroch oare ferienings harren talinten wer kwytreitsje. Jo kinne it der mei iens wêze of net, mar it is fan dizze tiid. In tiid wêryn elk himsels ûntwikkelje wol op in sa heech mooglik nivo. 

Falt neat fan te sizzen. Kuorbal hat him ûntwikkele ta in sport fan in heech nivo. Op tiid oanpaste spulrigels en it bymekoar bringen fan talinten hat hjir yn mei holpen. De tiid dat de wedstriden soms betider begûnen om’t de boeresoannen foar melken wer thús wêze moasten en de froulju mei krolspjelden yn it hier spilen, sadat it hier nei de wedstriid droech wie, is foarby. 

Wat wol bleaun is, binne de minsken dy’t prate oer syn feriening. Ek de spilers dy’t it hegerop sykje. Want hja ferjitte nea wêr’t hja de bernetiid trochbrocht hawwe. Foar elke feriening soe it moai wêze, as dy spilers dy’t it hegerop sykje oait ris werom komme. Slagge as net slagge. Hja kinne faak noch fan grutte wearde wêze foar harren âlde klup.  CSL hoecht him foarearst net drok te meitsjen oer harren takomst. Teminsten as ik sjoch nei de bern oan de line. Straks allegear mei trije jier nei de Kangoeroes en boartsjendewei mei kuorbal dwaande wêze. Want it kuorbaljen by CSL begjint faak sneontemoarns om njoggen oere yn de Bordinahal yn Stiens by de Kangoeroe klup. 

By kuorbalferiening MNenW komme de Kangoeroes tiisdeite-middeis by mekoar om 15.45 oere  yn de Kampioen yn Hijum.  Net allinne de bern ûntdekke by dizze ferienings it moaie fan kuorbal, mar ek harren âlders. En “scouts” hat men by de Kangoeroes noch gjin lêst fan. Dy kin men pas by de Fkes ferwachtsje!