Algemeen

Faak gie ik sneontemoarns nei’t sportfjild om nei de kuorbalkwaliteiten fan ús bernsbern te sjen. Ik kin der fan genietsje. Fan it spultsje, mar ek hoe’t dizze bern noch op harren wize mei de sport dwaande binne. Hja dogge it noch op ’e manier sa’t Pierre de Coubertin it foar eagen hie.

De ienichsten dy’t senuweftich binne en harren opwine, binne de heiten en memmen en soms in pake, oan ’e sydline. Inkeld komt it foar dat ek in trener út ’e bân springt. Faak binne dat âldere treners, want de jongeren meitsje harren der net sa drok om.

Wylst ik sa nei de bern sjoch, hear ik de heiten en memmen harren bern oanfiterjen. It giet dan wolris mei in lûdere stim, sa as “Jolina-Alida, je moet beter op je tegenstander letten” en “ Karst-Wilco je moet beter verdedigen”.

Ja, jo hearre it goed, de Nederlânske taal hat sels it Frysk al oan ’e sydline ferdreaun.

Wat my foaral opfalt, binne de nijmoadrige nammen dy’t de bern hawwe.

Jo komme de moaiste, mar ek de dreechst út te sprekken nammen tsjin. Der binne nammen by, dêr’t sels de eigen heit en mem harren tonge hast oer brekke.

Mar wat my no it meast opfalt, is dat der tsjintwurdich gjin Jan mear by is.

Net in heit as mem dy’t mear oan Jan ropt, ienfâldichwei om’t der gjin Jan mear by dit jongfolk omrint. It is sels sa sterk dat der tsjintwurdich hast gjin Jan mear berne wurdt.

Foarhinne – en dat is noch net sa hiel lang lyn – wie ien op ’e tsien jonges in Jan. Pake Jan waard altyd ferneamd. En kaam it net út om’t Pake wol oan bar wie, mar der in famke kaam, dan waard dat in Jantsje.

No komt sa’n jonge Janco, Jorian as Johan te hjitten. In famke sil dan Janet as Jantine wurde. Mar foaral net fan dat âlderwetske Jan as Jantsje.

Ik ha sa rûchwei de leden fan ús feriening ris neigien, mar dan kom ik mar in inkele Jan tsjin. En dan allinne ek mar yn ’t âldste ein.

Dan wie dat yn myn jonge jierren al oars. By my yn ’e klasse sieten al trije Jannen. Se waarden útinoar holden troch de efternamme der by te neamen: Jan Jongedyk, Jan Visser en Jan Koopmans. De oare bern waarden allinne by de foarnamme  naam. Faak nammen dy’t men no net mear oan bern jouwe. Nammen as Pietsje, Metsje, Wietske, Lolke, Alle en Hindrik heart men hast net mear op in sportfjild by de jongerein.

Op ’t wurk kaam it ek wol gauris foar, dat der meardere Jannen omrûnen. Dan wurde it al gau Jan ien, twa en trije. As grutte Jan, oardel Jan en lytse Jan.

Tsjintwurdich binne dûbele as trijedûbele nammen skearing en ynslach. Op ’t wurk komt it aanst ek faker foar dat immen Johan Wilco Frederik en Jacob Willem Benjamin as sa hjitte. Der wurd ek noch ferwachte dat alle nammen brûkt wurde. Foarhinne kamen sokke nammen ek wol foar, mar dan waard dat fan thús út al gau in Jappie as sels wolris Jan.

Wat my oanbelanget mei it wol wer sa wurde as eartiids, want Jan ropt makliker dan Johan Wilco Frederik.  

It sil de tiid wêze, dy’t minsken  ta dizze nammen brocht hat. Mar ik leau steefêst dat it wer oars wurd, en wy yn ’e takomst wer oan ’e sydline in heit as mem roppen hearre: “Jan, do moast al goed dyn bêst dwaan”. Ja, sels it Frysk sil nei ferrin fan tiid de kop wer opstekke. Ek oan de sydline.

hfdp@kpnmail.nl 

( Om misferstân foar te kommen: Alders bepale sels de namme fan it bern, ik net. It is altyd in goeie kar, om’t ik noch nea heard ha dat immen dy’t boppe de bernewein hong sei: “Wat hat dat bern in frjemde namme”. Wol dat frege wurdt de namme noch in kear út te sprekken, om’t se it net goed ferstien hienen.)