Algemeen

Column HvdP: Fyftich, fier it libben

Geartsje, dy’t op alle dagen rûn, krige in ferskriklike pine ûnder yn ’e rêch. Doe’t ik de húsdokter skille en him it ferhaal die, sei de man dat it wierskynlik weeën wienen. Foar Geartsje en foaral foar my wie dat nij. Beide hienen wy noch nea mei dizze situaasje te meitsjen hân. 

Ja, wy wienen noch jong en  dwaande om in bern der yn te krijen, mar doe net by stilstien dat it der ek wer útkomme moast. Hawar, it is allegear goed beslikke en wy waarden âlders fan in sûne soan fan krap acht pûn.

In goed heal jier letter moasten wy ús âldelju fertelle dat Geartsje foar de twadde kear swier wie. Ik hear ús mem noch sizzen: “Moat dat no sa fluch? Soks hoegt hjoed de dei net mear”. Ik koe har wol gelyk jaan, mar it feit wie no ien kear. 

“Ik fiel allegear hannen en fuotten yn myn lichem”, sei Geartsje tsjin dr Geart Bosma as sy wer foar kontrôle by him op it sprek-oere kaam. Dr Bosma draaide de saak wer teplak en dan wie it efkes rêstich yn Geartsje har liif. Mar it duorre net salang as it wienen allegear wer hannen en fuotten. Geartsje hat de folle njoggen moannen útsitten, doe’t sy wer pine ûnder yn ’e rêch krige en ik, as bedreaun heit, dr Bosma skilje koe dat it wolris oangean soe. Bosma kaam en hat de saak efkes oersjoen. Hy hat de saak opmjitten en de grutte houten toeter op it liif fan Geartsje set om de saak oan te hearren, wêrtroch hy de konklúzje luts dat it allegear goed wie. Neffens him koe it noch wol efkes oanhâlde, wêrtroch hy earst noch wol efkes it Aldlân yn gean koe te ljipaaisykjen. Ik seach der wol wat frjemd tsjinoan. Aanst stiet dr Bosma efter yn it Aldlân en sil it bern de doarren mar iepen dwaan om, yn dit gefal, it deiljocht op te sykjen. De tiid fan de mobyltsjes wienen doe noch net oan de oarder. Undertusken wie der al in kreamheinster by ús yn’e hûs kaam dy’t de saak op regel brocht hat. Alles waard klearset en it earste gerak kaam noch efkes op de radiator te lizzen om de kjeld der wat ôf te heljen. It koe oangean, mar it gie net oan. Dr Bosma hat noch oan west om te sjen as alles goed gie, mar it sette net troch. Wol de oare moarns doe’t ik om kofjetiid thúskaam en Geartsje alles sels al yn it wurk set hie. Ek no kaam de kreamheinster wer en ek dokter Bosma, dy’t ek no wer te aaisykjen gie. Ek al om’t hy stomme graach it earste ljipaai fan Ljouwerteradiel fine woe. 

It is allegear goed gien. Bosma kaam, sûnder aaien, op’e tiid werom en tsjin tolven waard ús twadde bern berne, in famke. No hienen wy fan beide ien, it koe net stikken. Mar ik hear Geart Bosma noch sizzen: “Wat in lyts dinkje, der koe der noch wolris ien yn sitte”. Doe wie it wol efkes panyk, om’t der mar op ien rekkene wie. En ja hear, sa’n fiif minuten letter kaam ús bonusbern, in jonkje, him oanmelden. Hy stie rjochtop yn it gat mei de fuotten omheech mei skynber nochal wat druk op ’e blaas. Want doe’t Bosma him by de fuotten pakte, wie hy al mei syn earste miel dwaande. Dat hy oars-om berne is hat him altyd wol wat dwers sitten, lyk as ek de druk op syn blaas. 

Beide wienen se goed fjouwer pûn en sa as it faak giet, sette it famke gau de sokken der yn en groeide as koal. It jonkje gie wat minder hurd. Hy koe de groei mar min te pakken krije. Mar doe’t hy ien kear troch hie hoe hy in fleske leech slobberje moast is dat ek goed kaam. 

Dat alles is oankommende 13 maart fyftich jier lyn. Fyftich jier, wer bliuwt de tiid. Net allinne ús bern wurde âlder, mar wy lokkich ek. Wy meie ús lokkich priizje dat it allegear goed gien is mei ús bern. Hja hawwe alle trije foar in moai neiteam soarge, dêr’t wy o sa fan genietsje kinne en hooplik ek noch lang fan genietsje meie. En wat Geartsje oanbelanget, dy hat letter nea wer pine ûnder yn ’e rêch hân.