Algemeen
Column HvdP: Feestje
“Ik haw dy eartiids noch wolris in skjin ruft ûnder dien” sei hy tsjin my doe’t ik him by de hân hie om him te felisitearjen mei it beheljen fan dizze moaie leeftiid. It wie de hân fan myn âldste broer Alt dy’t njoggentich jier wurden wie en wêrfan wy ôfrûne snein in feestje hienen.
Doe’t ik berne bin, wie hy fjirtjin, myn suster njoggen en myn oare broer seis jier. Men kin hjir út opmeitsje dat ús heit en mem de tiid nommen ha om de húshâlding kompleet te meitsjen.
Alt is op in pleatske yn Gersleat berne, goed fjirtjin dagen binnen de “deadline” fan njoggen moanne nei ús heit en mem harren trouwdei. Hy wie noch mar twa jier doe’t hy al twa kear mei ús heit en mem ferhuze wie, foar’t hy op’e Damslûs grut wurde koe. Fjouwer jier hie hy it ryk allinne foar’t myn suster berne waard. Doe kaam hy der al efter dat it net tafalt om âldste bern te wêzen op in buorkerij. Want nei dat hy it kaart spyljen goed en wol ûnder de knibbel hie koe hy ek begjinne mei it komelken. En om’t syn skoaltiid ek noch yn de oarloch foel en hy faak in dei thús bliuwe mocht, om’t de turf op skoalle op wie, wie der thús genôch te dwaan. En doe’t der yn de oarloch noch in broer by kaam, waard it der foar ús Alt net better op. Dan haw ik it as syn jongste broer, fan in pear jier nei de oarloch, thús folle makliker hân.
Om’t ik fjirtjin jier nei him berne bin, hawwe hy en de beide oare bern in protte wurk foar my weinommen. Want bûten it kaartspyljen, dat wy al learden sa gau as wy droech wienen, ha ik yn myn bernejierren mar in frekt lyts bytsje wurk op’e pleats fersetten.
Sels haw ik nea ûnder in ko sitten te melken. Letter doe’t myn broers en suster de doar út wienen, wie ik as jongste oan’e beurt. Want doe’t ik nei skoalle gie, siet ús Alt al efter de froulju oan. En doe’t ik fan de legere skoalle kaam, wie hy al troud. Mar hy is altyd de âldste bleaun, want as der wat mis gie, as der moast wat barre, dan moast ús Alt altyd de saak wer oplosse. Alt en syn frou stienen altyd klear, dei en nacht. Nee, net mear om moarns ier en betiid noch in oardel bunder te meanen mei de hynders. Ek net om healwei seizen yn de jister te stean om seis kij te melken, de helte fan ús feesteapel. Dat meanen mocht ik no dwaan. Mei de trekker, ien fan de twa nijmoadrige ynvestearrings fan ús heit. De trekker dêr’t ús heit him, foaral yn it begjin, mar min mei rêde koe en de skuorredoarren it ek al ris ûntjilde moasten.
De oare nijmoadrige masine wie de molkmasine. Ek dêr moast ús heit ferskriklik oan wenne en mannich kear stie ik om healwei seizen al yn it lân om de saak op gong te helpen. Doe wie it foardiel fan de jongste wêzen ek foarby en kaam it der soms op del dat it jongste wêzen ek in neidiel wêze kin.
Sa as fier foarôf al bekend wie, binne ús Alt en ik gjin boer wurden, mar hawwe beide ús draai yn it libben fûn. Hy foarearst as tsiismakker op it bûterfabryk en ik by de smid, beide yn Terwispel.
It tafal wol dat hy op ien febrewaris 1970 yn Drachten by de wenningstichting oan it wurk gie, en ik op ien febrewaris 1970 yn Stiens by Tacoma. Hy wie doe 35 en ik 21. It ferskil yn jierren wie der en sil der ek altyd bliuwe. Nee, net yn dwaan en litten. No ja, lit him dan wat kerbintich wurde, dêr boppe-yn draait alles noch goed.
En no siet hy op it ein fan de tafel te genietsjen fan it feest om him hinne. In feest dêr’t Griet Wiersma noch efkes troch de doar kaam om him wat ta te sjongen.
Doe tocht ik by my-sels, wat soe it dochs moai wêze as ik it meimeitsje mei dat ik 90 wurd en hoopje dat immen fan 104 my de hân jaan kin, en seit: “Ik haw dy eartiids noch wolris in skjin ruft ûnder dien”
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december