Algemeen

Column HvdP: Eachsalve

My wurdt wol gauris frege:  Hindrik, hoe komsto oan dyn ferhalen. Ja hoe kom ik oan de ferhalen. Gean der mar fan út dat yn al myn ferhalen in stikje wierheid sit. Lyk as it ferhaal fan hast tsien jier ferlyn doe’t ik op in middei efterhûs wakker oan it seagjen en skroevjen wie om in oerkappinkje te meitsjen. 

No is, tink ik om’t it nochal wat wynderich wie, by it seagjen in stofke yn myn each telâne kaam. Ik hie it earst net fernaam, mar doe’t ik dy jûns op bêd lei begûn it op te spyljen. Sadwaande koe it beteare dat ik de oare moarns al betiid by ús húsdokter yn ’e sprekkeamer siet.  De man koe yn earste ynstânsje neat fine, mar mei in kleurstofke en in frjemd lampke koe hy dochs in lytse skansearring sjen. Net slim, mar hy fûn it wol nedich om in resept út te skriuwen foar in eachsalfke. Fuortdaliks, by de húsdokter wei, koe ik it by de apteek ophelje. It frommeske by de apteek hat my, sûnder dat ik der om frege ha, op in fatsoenlike wize útlein hoe’t ik dy salve brûke moast. 

Ik wit it wol, it koste doe in pear sinten, 4,24 sa’t ik my noch heuge kin, mar dan wurd it jo ek goed útlein. Hja hie der trije fellen A-fjouwer by nedich, en sy brûkte dêrby ek noch har eigen each om sjen te litten hoe’t ik de salve der yndwaan moast. Sa bêst as’t mar koe, neat mis mei.

Mar doe’t ik mei it doaske mei eachsalve de doar útgie ha ik my wol ôffrege fan: hoe hie se it my útlein, as ik salve tsjin aambeien helle hie. 

It sil in goed jier letter west hawwe doe’t ik samar sa’n jokte kriich.  

Ek net efter it ear as ûnder it kin, nee, gewoan oant efterein. Om presiis te wezen, yn ’e  útlaat. No hie ik der al ris earder lêst fan hân en doe haw ik der in salfke foar krigen. Ik bin doe ek wer, krektlyk as de foarige kear, by de húsdokter telâne kaam.  En dy hat mei help fan in lampke wakker sitten te loeren, foar’t hy der efter kaam dat it, krektlyk as de foarige kear, aambeien wienen. “Ik skriuw wol efkes in resept foar, in salfke en dan kinne jo dat  fuortdaliks wol by de apteek helje” sei de man. 

Doe’t ik nei de apteek fytste gie myn gedachtegong al wat fierder. Soe datselde frommeske der ek noch wêze, dy’t my doedestiids mei de eachsalve holpen hat? Ik soe der wol 4,24 foar oer ha, at sy my útlizze mei, hoe’t ik de salve brûke moat. En jo wolle it leauwe as net, mar doe’t ik oan ’e beurt wie, kaam itselde frommeske as de foarige kear by de balie. 

Ik joech har it resept en hja gie wer nei efteren om it spul op te heljen. Doe’t se mei de salve werom kaam seach se mei efkes op en del oan en sei: “ik kin jo earne fan”. Ik sei tsjin har: “dat kloppet wol, want ik ha hjir foarige maitiid ek noch west.” ”No nee dêr net fan,”sei se, “mar as ik my net fersin, haw ik jo holle wolris yn ’e Stienser Omropper stean sjoen, ûnder de columns fan Henkie fan de Polderdyk. Binne jo dat?”. 

“Ja , sei ik, dat kin kloppe, dat bin ik. Ien kear yn ’e fjouwer wike stiet der wat fan my yn”. “It ferhaaltsje oer dy eachsalve fûn ik wol grappich”, sei se, wylst se my de salve oerjoech. Ja, sei ik: “Iksels fûn it ek wol in moai stikje”. Doe waard it stil, en barde der fierders neat.

“Moat ik fierders ek noch wat witte?”,  frege ik har, om de saak wer wat op gong te bringen. “Nee hear”, sei se, “want hjir yn ’e kompjûter stiet dat jo dizze salve earder hân ha en dêrom hoech ik it jo ek net út te lizzen. “Spitich hè “, sei se mei in knypeach, “mar de 4,24 kinne jo no ek yn ’e bûse hâlde”.

 

hfdp@kpnmail.nl