Algemeen

Column HvdP: De kâlde kant

It wie earstdeis efkes goed neitinken as der wer in neef, dan wol nicht mei oanhang it hiem op fytsen kaam fan B & B De Scharren yn Skarsterbrêge. It wie nei fiif stille jierren wer foar it earst in famyljedei mei Geartsje har neven en nichten fan de Wiering kant. Troch de corona en oare argewaasje wie it fan it twa jierliks barren dizze kear in fiif jierliks barren wurden. 

wêze as ik wol de goeie neef as nicht op it netflues hie. Eartiids kamen wy bûten it famyljetreffen mekoar noch wol tsjin op begraffenissen fan in omke of muoike, mar dy binne yn de rin fan’e tiid, op in pear nei, ek al te rêste lein.

De Wiering famyljedei is ûntstien op de neisit fan de kremaasje fan in omke. Men woe as neef en nicht wat faker bymekoar komme dan allinne by begraffenissen en kremaasjes. It binne de neven en nichten fan it neiteam fan Libbe Wiering en Geertje van Leer. Libbe wie berne yn Selmien as boeresoan en Geerje is berne yn Terwispel as dochter fan in slachter. As men de namme van Leer en slachter meimekoar ferbynt soe men fuortdaliks tinke oan in Joadske eftergrûn. Dat is ek sa. De famylje van Leer stamme ôf fan Jacob Mozes, dy’t yn 1719 yn Leer berne is, en Hendrina Abrahams. Om’t in oer-oer-oerpakesizzer fan Jacob Mozes yn 1848 troude mei it grifformearde famke Geertje van der Zwaag, wie de hikke fan de daam en tagelyks ek it Joad wezen by harren neiteam. 

No wienen wy wer mei syn allen bymekoar op it “landgoed” fan ien fan de nichten út it jongste ein. Allegear fiif jier âlder dan doe’t ik se foar de lêste kear sjoen ha. Sommigen wienen neat feroare, mar by sommigen hat Geartsje my earst wat yn it ear flústere. Lit it by pake Libbe en beppe Geertje dikke earmoede west hawwe, it is wol sa dat it neiteam de fuotten aardich ûnder it gat krigen hat. Uteraard hawwe de oantrouden hjir ek grutte ynfloed yn hân. Hjir moat ik foarsichtich wêze, want by ien ferkeard wurd kin ik samar ta de “verstotenden” hearre. Want sy ferjitte wolris dat harren pake ek mar in ge-woane komelker wie en net opkoe by wat der by ús pake op stal stie. Mar ja, ik bin fan de kâlde kant en der wurdt hjir, lyk as by meardere famyljes, noch wolris op delsjoen. Ik murk it wol doe’t der in groepsfoto makke wurde moast. Ien fan de kâlde kant moast de foto mar nimme, want it joech neat as dy der net opstie. Hja wiisden my oan om de foto te nimmen. Doe bin ik efkes op myn strepen stean gien en harren ferteld dat ik hjir de âldste fan it hiele stel wie en ek wol wat yn te bringen hie. Doe hawwe sy mar ien út it jongste ein nommen. Alle neven en nichten binne ek noch meimekoar op de foto kaam. Doe’t ik mei it foarstel kaam om ek alle folk fan de kâlde kant apart op in foto te setten, waard der sels gjin acht op slein. Hja fûnen dat skynber net nedich. Wy hawwe ûndertusken allegear in foto krigen mei neven en nichten mei harren oantroud spul. It sil gjin kwea jaan om dizze foto hjir sjen te litten. Mar om in protte argewaasje foar te kommen haw ik yn ferbân mei de “privesywet” de foto wat oanpast. Dyjinge dy’t de foto makke hat soenen se der by opplakke. Hy sil miskien wol efter in beam plakt wêze, want ik kin him net werom fine. 

Al mei al hawwe wy in moaie middei hân. Der is wat ôf keakele. By de famyljekwis die wer bliken dat de kâlde kant net ûnder die fan it neiteam.. 

Nicht en har man fan B & B De Scharren hienen it goed foarmekoar. Der wie genôch lekker iten en drinken. Elk wie op syn winsken betsjinne. Ja, want mei sa’n groep binne der altyd minsken mei bepaald dieten as prinsipes. Sis mar: It wie top en elkenien hat sêd krigen. En is der dan neat hingjen bleaun fan de Joadske tradysjes? Jaseker wol. Wy koenen fan alles wol krije, mar krektlyk as by de foarige Wiering famyljedagen lei der ek dizze kear gjin bargefleis op it roaster. Sy wolle dy tradysje yn eare hâlde. Foar my hoege dy tradysjes net, mar yn soksoarte dingen sil de kâlde kant wol gjin stim ha