Algemeen

Column HvdP: De brulloft

Op’e televyzje seach ik lêstdeis in filmke oer in brulloft fan eartiids. Dêrby tocht ik fuortdaliks oan ’e tiid doe’t wy troud binne, sa’n goed fyftich jier ferlyn. Doe wienen it meastal resepsjes  fan acht oant âlve. Gebakje, trije as fjouwer slokjes, stikje tsiis of woarst, bakje kofje mei in flaubyt, en wer op hûs oan. It wie noch yn ’e tiid dat der in bekerke mei rokerij en in jiskebak op elk tafeltsje stie, om’t se tochten dat roken noch sûn wie. 

Men seach doe ek faak dat men it toniel opgie om in kado oan te bieden. Hjoed de dei bart dat net folle mear om’t de jongelju hast alles al hawwe, ek om’t se tsjintwurdich foar dat se trouwe faak al in staazjeperioade efter de rêch hawwe. Dêrom stiet tsjintwurdich meastal in “slûfke” op de útnoeging as “kadotip”. Dat kin men by it lokwinskjen al oerjaan. Mar yn ús tiid bestie it staazjerinnen noch net. Wol dat men al oan it sparjen wie foar in útset. En om’t men as jonge minsken noch wol it nedige brûke koenen, wienen der ek ferlanglistjes. Meastal wie it in lyts boekje dêr’t op ien side fan elk blêd wat stie. Faak mei fermelding fan merk en soart. En foaral rekken hâlde mei de kleuren fan dy tiid. Yn ús tiid wie dat brún en oranje. Fan goedkeap oan ’t djoer. Foar elke beurs stie wol wat yn it boekje. Sommige dy’t noch neat foar de útset sparre hienen, om’t it trouwen earder barre dan dat men ferwachte hie, hienen faak wol twa boekjes. In kapstok, bysettaffeltsjes, ûndersetters en taartfoarkjes kaam men hjirop yn alle gefallen tsjin. Hie men wat útsocht,  dan moast men dy side út it boekje  skuorre. Soks waard dan oanbean op it toniel. Faak kaam der noch wat oerhinne om de fleur der wat yn te bringen. Ik haw doedes-tiids wol faker meimakke dat in pispot mei in droech woarstje oanbean waard en de seal hast fan de stoel foel. Wy hawwe doedestiids ris nei in resepsje west, dêr’t it in gean en kommen wie fan minsken op it toniel dy’t allegear harren grutte, as noch gruttere kado’s oanbiede woenen. Sa kamen ek de freonen fan de brêgeman op it toniel om wat te dwaan. Want bûten it oanbieden fan de pispot mei it droege woarstje en in kapstok, moasten se ek noch wat dwaan. Soks “dwaan“ bestie meastal út in ferhaal, sa as yn dit gefal, in gedicht yn ’e foarm fan it ABC. Faak fan dat ôfwaait praat: A is it aapke, dat komt út de mouw. B is it broekje dat sakket al gau. As sokssawat. Tolve freonen op it toniel, elk twa letters fan it alfabet, want de Q en de X wienen te dreech. En as it dan noch net genôch wie, kamen ek de freondinnen fan de breid noch ris in kear mei in ABC ferhaal. Ûndertusken wie it al blau fan ’e reek wurden, sadat de minsken efteryn de seal allinne noch mar skimmen op it toniel seagen. As ien nei lêste kaam dy jûns it hiele sjongkoar it toniel op. Dat koe ek net oars, want hja hienen mekoar ek by it sjongkoar troffen. It sjongkoar hat doe mei it breidspear ek noch in pear ferskes songen. Under oaren “ It feintsje fan Menaam” en “Er ruist langs de wolken”. Doe’t men útsongen wie, mocht it breidspear ta beslút harren kado útpakke. Dizze kear wie dat in hiele grutte doaze dy’t fol treaun wie mei krantepapier en mei, sis mar, it “ferrassingsaai” hielendal ûnderyn. It breidspear stoarte harren op ’e kop en earen yn dy hiele grutte doaze om der úteinlik, wylst it toniel fol lei mei Ljouwerters en Frysk deiblêden, in doaske mei it kado ûnderút te fiskjen.

En ja hear, in fonduepantsje op in spiritusbranderke yn ’e kleuren brún en oranje, fyftich jier ferlyn hiel nijmoadrich. Men koe sjen dat se der tige wiis mei wienen. Mar op ’t stuit dat it brún oranje fonduepantsje út it doaske kaam, ferskeaten de minsken fan ’e buertferiening, dy’t noch yn ’e seal sieten om’t se as lêste optrede woenen, allegear fan kleur. Om’t yn harren “ferrassingsaai”, dy’t yn in noch gruttere doaze efter it toniel stie, sa’n selde brún oranje fonduepantsje op in spiritusbranderke siet. Ien buorfrou hie it efkes net mear om’t sy har ienienen betocht dat sy ferjitten hie om it bledsje út it ferlanglistje te skuorren