Algemeen

Column HvdP: Damslûs

Men kin my gjin histoarikus en ek gjin letterkundige neame, mar ik bin op myn âlde dei wol in protte dwaande mei it ferline, foaral mei it plak dêr’t ik berne bin. Ik neam it mar dat ik it “paad werom” gean. 

(foto’s binne fan Alt Liemburg)

Werom nei in plak dêr’t in protte feroare is. Sneintemoarn mocht ik yn Terwispel fertelle oer myn “paad werom”. Werom nei myn bernetiid. Want it is al wer rom 75 jier ferlyn dat de earrebarre mei efterlitten hat op in boerepleats efter de Polderdyk yn Langsweagen op ’e skieding mei Terwispel. In pleats midden op de romte dêr’t wy allinne mar mei de fyts en de roeiboat oan hûs ta komme koenen. It sintelpaadsje nei de Klidze wie de koart-ste ferbining mei de bewenne wrâld. Kraanwetter en elektrysk dreamden wy noch net iens fan. Us heit buorke dêr op in foar dy tiid nijmoadrich spul dêr’t trettjin bisten op ’e lange rigel stienen en wy sawol foar as efter de kij delrinne koenen. In pleats dy’t yn 1929 de âld pleats fan 1855 ferfongen hie. Doe’t ús heit en mem yn 1935 op de polderpleats kamen te wenjen, wie ús heit, bûten it boer wêzen, ek tagelyk slûs- en brêgewachter fan de Damslûs. In slús dy’t dêr yn 1854 boud is yn ferbân mei it ynpolderjen fan it 6e en 7e feandistrikt. Bûtendat moast hy winterdeis ek noch de petroaljelampe opstekke dy’t op ’e polderdyk by de slûs stie. Ik haw my wolris ôffrege wêr’t die lampe einlikst foar nedich wie, want s’ nachts wie der wat folk oanbelanget net folle te rêden op ’e Polderdyk. Útsein, miskien in pear jûnpraters.

Dêr efter dy Polderdyk haw ik myn bernetiid trochbrocht. In bernetiid yn alle ynfalt, mei in al âldere heit en mem en âldere broers en suster. In bernetiid dy’t foar my langer duorre dan de bern út it doarp, om’t ik fan ús âlders thús de bewaarskoalle trochbringe mocht. Boartsje op ’e Polderdyk. Boatsjefarre, fiskje en swimme by de slûs. Opgroeid yn in húshâlding dêr’t wy net-tsjinsteande de ienfâld neat tekoart kaam binne. Dêr mocht ik sneintemoarn oer fertelle.

Mar foar ik nei it Doarpshûs yn Terwispel gie bin ik noch efkes by myn berteplak west. Wie it eartiids net mooglik, hjoed de dei kin men oer in betondyk, mei de auto oan de pleats takomme. En doe’t ik tsjin de polderdyk oprûn en efterom seach, seach ik de pleats stean. Suver noch krektlyk as doe’t ik dêr noch wenne. Doe ‘t ik dêr stie gie foar my ynienen it “paad werom”. It paad werom nei myn bernetiid. De pleats mei de Damslús en it Klidzerak mei op de eftergrûn de “skyline” fan de Klidze. In stikje “paad werom” dat nea werom komt.

Bernetiid,

Efter de Polderdyk

dêr’t ea de Damslûs wie.

Belibbe ik myn bernetiid, 

om’t myn bertehûs der stie 

 

Boartsje op ’e Polderdyk, 

klompfarre yn ’e slûs. 

By heech simmer swimme, 

yn ’e feart by ús foar hûs.

 

Boatsjefarre yn ’e Kromten, 

smytlinen sette yn ’e Nijefeart.

Altyd mar bûten wêze,

foar bern beslist net ferkeard.

 

Winters wie it rûnom iis,

Kromten, Nije feart en Klidzerak. 

En as dat noch net fertroud wie, 

koenen we op it lâniis te plak.

 

Slydzje fan de Polderdyk ôf, 

sjen hoe fier de slide gie.

Want eartiids wienen de winters stranger, 

en foel der ek folle mear snie. 

 

Fiskje yn ’e slûs op bears, iel en soms 

hellen we in snoekje oer de râne. 

En as it fiskje de maat helle hie, 

dan kaam it faaks op it stel telâne. 

 

It earste tútsje fan in famke, 

ik wit it allegear noch skoan.

It wie op in middei yn ’e simmer, 

we leinen tsjin de Polderdyk oan. 

 

It is allegear efterhelle,

de tiid hâld gjin skoft, jild ek foar my. 

Mar ik kin oan it ein ta sizze, 

ik kom fan efter de Polderdyk wei.