Algemeen

Column HvdP: Byld en lûd

Foar in wike mei ús lytse karavan op de kamping “Erve Hendrikshoeve” yn Tusveld hienen wy foar de feroaring mar is in televyzje meinommen. Foarôf net witten as hy dêr de programma’s wol út de loft helje woe. Gjin grutte skûtel op it dak, mar in lyts prikje as antenne. It wie ús foarhinne wolris slagge en mei die gedachte binne wy ôfset. 

Net dat wy it net sûnder tv dwaan kinne, mar by min waar kin it wolris wat ôflieding jaan, ek al om’t wy gjin kaarters binne en foar spultsjes, lyk as “mens erger je niet”, moatte jo ek net by my oankomme. De earste jûns haw ik fuortdaliks de tv op syn plak hong. Mei in “Samsung” boekje mei gebrûksoanwizing derby haw ik myn uterste bêst dien om byld en lûd te krijen. It is net slagge, ek al om’t ik it boekje net snapte. It waar wie der wol foar om tv te sjen, mar fierder as snie op it skerm bin ik net kaam. 

De tv is wer yn de doaze set en op de efterbank fan de auto telâne kaam. Wy hienen der fierders gjin muoite mei, mar foar buorman dy’t twa plakken fierderop kamen te stean, wie it wol in probleem. Hja kamen yn in grutte kamper mei dûbele efteras en alles der op en der oan it fjild opriden. Twa minsken op leeftiid mei in hûntsje. Doe’t hja te plak stienen wie it earste wat de man die, de televyzje yn stelling bringe. My in ôfstânsbetsjinning kaam in grutte skotel op de karavan omheech wêrtroch ús karavan fuortdaliks yn it skaad kaam te stean. 

Doe is hy in tiidlang dwaande west om byld en lûd ut’e loft te heljen. It wie oant de jûns let dat de man dêr mei dwaande west hat, mar it is him ek net slagge om byld en lûd út harren rom útfallen tv skerm te krijen. Nei in pear dagen binne man, frou en hûntsje mei harren kamper, dêr’t alle lúkse op en oan siet, wer ôfsetten. Troch it ûntbrekken fan in goed wurkjende televyzje wie foar harren de fakânsje mislearre.

Mar sûnder tv kin in fakânsje noch folle moaier wêze, want dan kin men de eagen op in oare wize de kost jaan. Lykas de ek rom útfallen kamper mei twa fytsen efterop en in tichte karre der efteroan, skean tsjinoer ús kaam te stean. Doe’t de kamper te plak stie gie it deksel fan de karre omheech en kamen der twa rom útfallen túnstuollen en in rom útfallen túntafel út. It kaam ûnder de luifel te stean, mei in blomke op tafel. 

De fytsen waarden “standby” set en hja binne doe de kamper yndoken. Troch in rut koe ik sjen dat harren televyzje it wol die. Foar safier ik neigean koe hat harren televyzje ek net wer út west. De man bin ik in kear tsjinkaam by de húskes, mar de frou haw ik net wer sjoen. 

No moat ik der by sizze dat wy doe ek in pear dagen min waar hân ha en it ek net oanloklik wie om bûten te wezen. Trije dagen letter hawwe sy de fytsen wer efterop de kamper bûn, sûnder dat sy der op fytst ha. Ek binne de rom útfallen kampingmeubels, dêr’t net ien op sitten hie, wer yn de karre kaam en hja binne wer ôfset. It boskje blommen seach ik yn de grienkontener lizzen. Dizze minsken hienen graach fan de natuer genietsje wollen, mar it waar twong harren om mar televyzje te sjen. Men kin wol sizze dat it sjen nei de televyzje harren fakânsje ferpest hat.

Doe’t wy op wei nei hûs gienen, mei de tv op de efterbank, binne wy der efter kaam dat wy de tv net mist hienen en ek gjin ynfloed hân hie op ús fakânsje. Nei’t wy thús de boel wer teplak hienen kaam ik der efter dat ik it boekje fan ús oare “Samsung” meinaam hie. Mei it goeie boekje wie it miskien wol slagge om byld en lûd op de televyzje te krijen, mar dan wie dit in hiel oar ferhaal wurden