Algemeen

Column HvdP: Berneskuon

Al jierren stean yn myn “studio” in pear berneskuon op in planke boppe myn buro. In pear skuon wêr’t ik fan ik wit dat ik se sels oan hân ha. It binne in pear skuon mei in ferhaal wurden. In ferhaal dat ik allinne mar taljochtsje kin mei in pear foto’s. No is dat wol ien fan myn hobbys om dingen te efterheljen en in ferhaal der oan te jaan.

In pear berneskuontsjes fan mear as 75 jier âld dy’t ús heit en mem altyd bewarre ha. Doe’t ús heit yn 1989 as lêste fan ús âlders weirekke, kamen dizze skuon, mei noch in hiele protte moaie dingen, út it âld bedstee fan harren wenninkje oan de Kompanjonsfeart yn Terwispel.

Tagelyk kamen der ek alde foto’s fan ús boppe wetter. Op ien fan dy foto’s stiet ús mem mei my op’e earm. Ik bin hjir in goed jier âld, miskien krekt twa. De earste foto dêr’t ik opstean. In spjochtich mantsje dat de groei min te pakken krije koe. Us mem sil op dizze foto 42, as krekt 43 jier wêze. De ienichste foto fan my en ús mem út 1949 lit deselde skuon sjen, as dy’t by my op’e planke stean. 

Mar út itselde bedstee fan ús âldelju kamen mear foto’s. Ek in foto fan in jonkje fan in jier as twa. In foto dy’t, letter bliken die, makke is op it skoalfeest fan Alde Wei yn Gersleat. It is in foto fan myn âldste broer, no njoggentich jier. In moai fotootsje fan in leaf jonkje. Mar wat opfalt is, dat dit jonkje deselde skuon oan hat as dy’t ik oan ha as ik by ús mem op’e earm sit. Dat soe betsjutte dat dizze skuon al hast 90 jier binne. 

Ik bin der wis fan dat it deselde skuon binne want as men goed sjocht sit der in tear yn it rjochter skuontsje. Dan kin men ek wol hast neigean dat de skuon fêst noch in foarige eigener hân ha en it wolris betsjutte kinne dat de skuon wolris hûndert jier wêze kinne. 

Tuskentroch hawwe der ek noch in broer en suster fan my dizze skuon  oan hân, mar dêr is gjin fotografysk bewiis fan. Dan komt de fraach noch: as ús mem dizze skuon healsliten kocht as krigen hat, wa hat se dan earder droegen. Faak moatte jo soks yn’e famylje sykje, om’t men doe faker mei in “trochjousysteem” wurke. Fan ús heit syn kant kinne se net komme om’t myn broer de âldste is fan de neven en nichten. Fan ús mem har kant soe it wol kinne om’t dêr âldere neven en nichten binne, wêrfan de âldsten no al fier oer de hûndert west hienen.  Ik haw alle âlde bernefoto’s fan ús mem har kant besjoen, mar net ien mei deselde skuon as dy by my yn de “studio”stean. Spitich, mar myn tiid is noch net om, dus fierder sykje. 

Op dizze wize is noch wol it ien en oare te efterheljen. Foaral âlde foto’s kinne in protte oer it ferline fertelle. Allinne is net alles mear te efterheljen, want der is ek in sigarekistke fol âlde foto’s út de bedstee  kaam, wêr’t net ien mear fan wit wa dêr opstean. En dat is spitich. Hienen ús heit en mem mar de nammen efter op de foto’s set, dan hie it siikjen nei it ferline folle makliker west. No is de kâns hiel grut dat dizze foto’s in minder moai ein krije, sûnder te witten wa der opstean. Want in foto kin it ferline sprekke litte.

Ik leau dat ik ek mar ris begjinne moat om de âlde foto’s in namme te jaan, om foar te kommen dat se letter yn de kontener telâne komme

hfdp@kpnmail.nl