Algemeen
Column HvdP: Auto
Njoggen jier lyn krigen wy in oare auto, in Opel Meriva mei in hege sit, wat foar minsken fan ús leeftiid ideaal is. It wie in kreaze auto mei 80000 op’e teller en alles der op en der oan, dat wy nedich wienen.Foar my is de romte efter de foarste banken fan grut belang, om’t de ynruile Opel Astra ek as frachtwein brûkt waard foar it sammeljen fan âld izer foar de kuorbalferiening.
Ik wie dêrom ek ynnaam mei de laadromte fan de Meriva.
Allinne hie ik der net by stilstien dat de auto fan ús tegearre wie en ek noch op Geartsje har namme stie. It kaam der op del dat ik te sizzen krige dat dizze Meriva gjin frachtwein wurde soe en ik mar op in oare wize it âld izer ynsammelje moast. Dat hat ek in skoftsje sa west, mar it is al rillegau mei in bak fol izer efter de fyfde doar wer útein set om frachtwein te wurden. En ik moat sizze dat der op’t lêst in protte yn koe. Frachten âld izer binne der mei fertôge. En it weintsje hat ús nea yn’e steek litten. Ek hat sy ús alle jierren mei de karavan nei ferskate kampings brocht. Sawol binnen de lânsgrinzen as bûten Fryslân. Alle jierren foar de keuring, skjinne oalje en op’e tiid in pear nije bannen. Dat der net folle stikken gean koe hie ek te meitsjen om’t der bûten de dingen dy’t de auto nedich hie, ek neat opsiet. Wy moasten ek alle kearen útstappe om de spegels yn te flappen foar’t wy de garaazje ynriden. Wie soms lestich as it reinde, mar it wie no ienkear sa.
It sil in wike as fiif lyn wêze dat ús jongste soan by ús oan’e tafel siet en ek it praat begûn oar in oare auto. “Soenen jimme net ris oan in automaat ta wêze?”, kaam hy mei oansetten. No moat ik sizze dat wy der in jier ferlyn al ris mei dwaande west hienen. Wy hienen doe in moai weintsje op’t each, mar dat is oergien om’t dy auto ús (lytse) karavan net lûke koe. No kaam it wer te praat. Hy helle de tillefoan út de bûse en gie fuortdaliks nei “Gaspedaal.nl”. Al rillegau kaam der in auto op it skerm, wêrfan hy sei dat soks krekt wat foar ús wie. No bin ik altyd in bytsje huverich as hy in auto geskikt foar ús fynt, want it is in man fan hoe mear knopkes en ljochtsjes der op it desboerd sitte hoe leaver dat hy dat hat, wylst iksels leaver ha dat der net folle tierelantijnen opsitte.
Mar om in lang ferhaal koart te meitsjen, Geartsje en ik ha de oare deis nei de auto west te sjen. It wie in kreaze wein wêrfan de foarige eigener de earste 80000 km der mei riden hie. Mar ik moast wol fan myn geloof ôfstappe want it wie gjin Opel. No bin ik wolris faker switst, want ik bin begûn yn in Goggomobiel sport coupé. Letter oerstapt nei Fiat 600(kruiskijker), Fiat 850 en letter VW polo. Nei de VW altyd Opel riden. B kadet, C kadet, 3 x Astra en Meriva. En no stie de oerstap nei Renault Captur der oan te kommen. In moaie auto, mei in hiele protte lampkes op it desboerd. “Oars is der net mear te krijen”, moast ik oanhearre, “Mar dêr is heit gau oan wend en boppedat is it in automaat, dat is foar mem ek wol maklik”, sei ús meitinkende soan. De keap is trochgongen om’t ik noch in bats jild foar myn âlde simpele auto krije koe. In wike letter ha wy him ophelle. Hy is wer op Geartsje har namme kaam en it earste wat ik oanhearre moast wie: “Dit wurdt gjin frachtwein wer!”. We binne no alwer in oardel wike fierder en it ynstruksjeboekje leit op tafel, sadat wy nei it iten der in stikje út lêze kinne. Allinne it haadstik oer de wurking fan de rutewiskers nimt al trije siden yn beslach en is dreech om dat yn ús harses op te slaan. Fan dêr, dat wy it boekje alle kearen mei nimme as wy de auto brûke. Ien knopke hienen wy gau troch, dat wie it knopke om de spegels nei efteren klappe te litten. Wy kin op’e hoeke fan de strjitte de garaazjedoar omheech gean litte en as wy it hiem opride, de spegels ynklappe. Foaral maklik mei wiet waar, want dan kin men droech yn de garaazje útstappe λ
hfdp@kpnmail.nl
(De earste bak mei âld izer hat al efter de efterbank stien en it lampke fan de bannespanning is oan-gongen en baarnt konstant, wylst de bannen hurd binne. “Moat reset wurde”, seit ús jongste soan, “stiet wol yn it boekje hoe’t it moat”.)
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 26 december
-
Vr 27 december
-
Za 28 december
-
Zo 29 december
-
Ma 30 december