Algemeen
Column HvdP: Ald en Nij
It is al wer mear as 2000 jier lyn dat de timmerman Joazef en syn jonge frou Maria, dy’t op alle dagen rûn, op ’e jûn fan 24 desimber oankamen yn Bethlehem. Herodes, in Romeinske keizer, fûn it nedich dat yn ferbân mei in folkstelling de minsken werom gienen nei harren berteplak om harren dêr yn te skriuwen. Hjoed-de-dei soe men sizze dat se in úttreksel fan it bertebewiis ophelje moasten. Hja hawwe dagen ûnderweis west fan Nazareth ôf, dêr’t hja weikamen. It is altyd noch in ôfstân fan sa’n lytse 120 kilometer.
Hjoed-de-dei mar in skyteintsje. In goed oere mei de auto en dan binne jo teplak.
Dat bestie doe net en harren reis gie binnentroch, oer sânpaden en heidereden. Om’t Maria swier wie, hienen se yn Nazareth al in ezel hierd, om’t oars de reis foar it famke fierstente dreech wurde soe. Mar om in dei as wat op ’e rêch fan in ezel te sitten falt ek noch net ta. Foar Maria net, mar ek net foar de ezel. Doe’t se de jûns oankamen yn Bethlehem hienen se de piip út. No moasten se noch sjen om in sliepplak te finen. Dat foel net ta, want alle herbergen sieten al oan ’e nok ta fol mei folk dat om deselde reden ek nei Bethlehem moast. Uteinlik koenen se noch by in herberch yn it efterein tusken it fee sliepe. Dy nacht fan 24 op 25 desimber binne by Maria de fluezen brutsen en is Jezus berne. Berne moarns betiid tusken it fee, by it ljocht fan ien oaljelampe. Behimmele, yn doeken wolle, en yn ’e foerbak lein. Noflik yn ’t hea. Alles der omhinne yn rep en roer en Jezus sels hie der gjin euvelmoed yn, ek net wat him letter noch te wachtsjen stie. De befalling, hoewol der nea oer praat is, sil wol flot ferrûn wêze, om’t hja de oare deis ek al wer rillegau op ’e fuotten stie en in pear dagen letter al wer op Nazareth oangienen. Yn Nazareth der’t Jezus syn jonge jierren trochbringe koe en letter it timmersaakje fan syn heit oernimme soe, lei syn takomst. Ik tocht hjirby ek werom oan in tal bern út myn bertedoarp, in goed sechstich jier ferlyn. De soan fan ’e winkelman soe wol winkelman wurde. De soan fan ’e dominy soe foar syn stúdzje wol nei Kampen gean. De soan fan ’e boppemaster soe uteraard skoalmaster wurde. En de boeresoan soe letter it spul fan syn heit wol oernimme.
Mar as Jezus no ris yn dizze tiid berne wie, hoe hie it der dan om en ta gien. Soe hy dan ek yn deselde funksje op dizze ierde kaam wêze? It hie harren hjoed de dei yn alle gefallen dy hiele reis nei Bethlehem besparje kinnen, want Jozef koe no in apke mei alle gegevens mei syn Smartphone nei de meiwurkers fan Herodes stjoere en klear hie it west. Maria hie dan ek net dagenlang yn har tastân, op ’e rêch fan in ezel oer dy stoffige paden hinne hoegd. Jezus wie dan ek net yn dy kâlde muffige stâl berne, tusken it fee en mei it ljocht fan ien oaljelampe. Nee, hy soe hjoed-de-dei miskien wol berne wurde yn in mei ledlampen ferljochte keamer op in dêrfoar bestimd bêd yn it MCJ, it Medysk sintrum Jeruzalim. Want it is wol sa dat in bern wol in bytsje gelok hawwe moat wêr’t de biologyske klok de doar foar harren iepen docht en it de wrâld ynstappe kin. Wurdt it op in sânflakte yn Soedan berne, dan is de kâns grut dat it fuortdaliks mei earmoed en honger te krijen hat. As it yn it Midden Easten berne wurdt, is de kâns grut dat harren fuortdaliks de kûgels om ’e earen fleane.
Jezus hat it miskien noch net iens sa raar troffen dat hy goed 2000 jier ferlyn yn in fredige, mar miskien kâlde muffige stâl yn Bethlehim berne is. Oan belangstelling hie hy yn alle gefallen neat te kleien. En hoewol hy gjin timmerman wurden is lykas syn heit, hat hy letter, neffens saakkundigen, wol degelik op in goeie wize oan ’e wei timmere. Mar sa’t Jezus doe gjin timmerman wurden is, is it mei de bern út myn bertedoarp ek oars gien dan foarôf ferwachte wie. De soan fan ’e winkelman soe de saak fan syn âlders oernimme. Mar doe’t de earste supermerk iepene waard wie it ek fuortdaliks dien mei de lytse winkels op it doarp. De soan fan ’e dominy is gjin dominy wurden. Hy is letter wer nei Amsterdam werom gien om’t sy dêr ek weikamen. Yn it jongfolk hat hy noch wolris werom west yn syn provopakje mar wy binne him út it each ferlern. De soan fan ’e boppemaster wie altyd al wat oars en is gjin skoalmaster wurden mar foar syn stúdzje nei Amsterdam gien. Hy is skriuwer wurden en hat in jier as wat ferlyn de Constantijn Huygenspriis wûn.
En wat de boeresoan oanbelanget, dy hat ek net de pleats fan syn heit oernaam, mar is by de smid oan it wurk gien. Hy is letter nei de klaai ferhuze en sit no op syn âlde dei in column te skriuwen foar de Stienser
Ek út namme fan Geartsje
winskje ik alle lêzers
fan de Stienser
noflike Krystdagen
en in sûn 2025.
hfdp@kpnmail.nl
Laatst geplaatst
Agenda
-
Wo 25 december
-
Do 26 december
-
Vr 27 december
-
Za 28 december
-
Zo 29 december
-
Ma 30 december