Algemeen

Witte jimme it noch? De houten oranjekoek kistkes? Trije jier lyn stie der in stikje yn de “Volkskrant” oer duorsum ûndernimmen en dan gong it foaral oer it “Toogoodtogo” ferhaal.

 Pakketten, dy’t op de ein fan de dei ophelle kinne foar in bepaald bedrach, sa’n  an wat it echt wurdich is. In projekt dat opset is nei Deensk foarbyld, om it fuortsmiten fan iten tsjin te gean. Wy wiene yn it noarden ien fan de ear-ste bakkers, dy’t hjiroan mei diene en dêrom krigen wy in sjoernalist fan de “Volkskrant” op besite. Yn dat stik fertelde ik ek oer de houten oranjekoekkisten, dy’t earder troch de bakkers brûkt waarden. Duorsumer kin hast net, de kiste koe kear op kear syn wurk wer dwaan: it oerbringen fan de oranjekoek fan A nei B. Ik krige doe in réaksje fan in frou út Amersfoart, dy’t in protte mei (ôffal) hout wurket. Om koart te kriemen: se hat in searje kisten makke en dizze binne dy simmer en hjerst mei oranjekoek der yn de winkel út gien. It doel: duorsume ferpakking meitsje, dy’t wer brûkt wurde kin, is net berikt. Ik ha nea wer in kistke yn de winkel sjoen. Wol kaam der noch in stikje yn it “Friesch Dagblad”. 

Dochs ha wy besletten, om nochris wat kistkes oan te skaffen en sa kamen der begjin 2020 wer in hiele searje út Amersfoart. Ek dizze kear allegearre fersjoen fan in “paspoart”, gegevens oer houtsoarte en wêr't it wei kaam. Op ien nei steane dizze kistkes no allegearre noch op souder.

Yn begjin 2020 it idee, om in “moanne fan de duorsumes” út te roppen. Om mei de klanten oan de slach te gean. Hoe de papier- en plestikberch lytser te meitsjen? Papier liket soms wol duorsumer, mar net yn alle gefallen is dat sa. De houten kistkes soene der ek wer in rol yn spylje kinne.

It is der net fan kommen. Yn maart bruts de koroana-pandemy út en stie de holle net mear nei in duorsume moanne. Yn de simmer waard Nico siik, en wiene oare dingen folle mear fan belang.

En no binne wy al wer in jier fierder. Koroana is der noch altyd, Nico syn sykte gelokkich net mear. Mar wat der dus ek noch is: de houten kistkes. No kin ik se fansels wol ferkeapje foar it goede doel, krekt sa as trije jier lyn. Mar  miskien is der immen ûnder de lêzers, dy’t der in better idee oer hat.

 miskien binne der ek wol lêzers, dy’t om in spesjale reden graach sa’n houten oranjekoekkistke hawwe wolle.  miskien kinne wy mei elkoar wol in moaie bestimming fine foar dizze kistkes. Want it soe ek sonde wêze, at se op in stuit yn de kachel belânje... Lit it mar witte!

Ien ding ha ik wol leard yn de rom 37 jier, dat ik bakkersfrou west bin. Foarút sjen is better as werom sjen. Oranjekoeke yn kistkes, dy’t wer ynlevere wurde, is net mear fan dizze tiid. Oan de oare kant moatte wy ús wol réalisearje, dat wy in ferskuorrend protte ferpakkingsmateriaal brûke. It kostet net allinne in protte jild om it yn te keapjen, it ferwurkjen fan al dat ôffal kostet ek nochris it nedige. En dan alles wat net ferwurke wurdt, mar ergens rûn sweeft...

Ik los it hjir net efkes op. Mar earst: wat dogge wy mei de houten kistkes?

It resept is fan in Finse plaatkoeke. Past ek wol yn sa’n kistke.

 

Ingrediënten.

Ingrediënten koeke:
500 gr. selsrizend bakmoal
500 gr. sûker
3 dl. molke
3 ytl. kakao
4 aaien
2 pûdsjes fanyljesûker
300 gr. bûter

Ingrediënten glasuer:
50 gr. bûter
150 gr. basterdsûker
2 ytl. kofje-ekstrakt
200 gr. kokosskaafsel

 

Earst de bûter rane oan it floeiber is. Alle droege ingrediënten der by dwaan oant it in egaal deech is. Dêrnei de aaien en de molke der by dwaan mei lytse bytsjes, goed minge elke kear sadat it deech moai egaal bliuwt. De oven foar ferwaarmje op 160°C. As de oven op temperatuer is, it deech op de bakplaat mei aluminiumfoolje útstrike. Sa’n 30-35 minuten yn de oven en dan in kertier ôfkuolje litte.

Yn de tuskentiid kin it glasuer makke wurde: Lit de bûter en de sûker rane yn in stâlpantsje oant it be-gjint te brûzen. Fan it fjoer helje en it kofje-ekstrakt der by dwaan. Goed troch-riede en it dêrnei útsmar-re oer de koeke. As lêste it kokosskaafsel der oer hinne dwaan. Noch efkes hurd wurde litte en de koeke kin iten wurde.

Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens.