Algemeen
Column Hijum diel 8 - troch Etie Pasma
Wer efkes werom sjen yn it Hijum fan goed 60 jier ferlyn. Dizze kear kaam my wat yn ‘t sin doe der lêst in goeie kennis by ús oanbelle. Fansels noege ik har deryn, mar sy sei: ‘Earst efkes myn fyts op it slot dwaan!’ en rûn werom nei har fyts. Dat wie in goeie saak want ek hjir yn Hijum wurdt wolris in fyts wei, no ja, stellen dus. Somtiden by nacht en ûntiid mar ek wol gewoan op ljochtskyndei.
Sa barde der by ús yn it ferline ek wat, allinnich namen se net in fyts, mar molke, mei. Wy en de measten hjir yn Hijum hienen yn dy tiid de doarren eins nea op slot, deis net en nachts ek net. Der wie hjir ek net folle te heljen en men gie doe miskien ek wat better om mei “mijn en dijn”. Hawar, op in winterdei kaam ien fan myn broers jûns let thús. Hy hearde wat yn it bûthús en drekst dêrop rún der ien hurd fuort. Myn broer gie nei it bûthús, die it ljocht oan en seach dat der in deksel fan in molkbus ôf wie en neist dy bus stie in lege panne klear. Ús heit wist al in skoftke, fan it molkfabryk, dat der minder fet yn de molke siet as oars en hy snapte dat net rjocht, want de kij krigen altyd it selde foer, mar dy stellerij fan molke barde dus al in moai skoft. Omdat er fan it boppeste meinaam, wêr it fet siet, wie ús molke heal-folle-molke wurden, al wisten se doe noch net wat dat wie. Wy ha der gjin plysje by helle want myn broer wist, oan de stap, wa it dien hie. Wol kaam tenei de doar fan it bûthús nachts op slot en dêrnei waard dêr net mear stellen en hienen wy wer folle-molke!
Tsjintwurdich komt der in grutte tankauto om de molke op te heljen mar yn dy tiid kaam de molkrider del mei hynder en wein. Hy helle de folle bussen op, brocht de lege werom en sette dy by de trochgeande dyk yn Hijum del, in ein fan ús hûs ôf. Eltse sneon-te-moarn siet der tusken it deksel fan in lege bus in kefet mei dêryn it molkjild fan de ôfrûne wike. Alhoewol it mar maklik wêze soe om dat te stellen is dat nea bard en dêr wienen wy ek net bang foar. De molkrider kaam meast as wy sieten te brea iten mar dat makken wy gewoan dien en as wy it iten op hienen sei heit tsjin ien fan ús: ‘helje de bussen efkes by de dyk wei en bring it oare yn ‘e hûs.’ Dat oare wie it molkjild, mar ek wol ris in heale tsiis, dy we by de fabryk keapje koenen. Dat molkjild lei dus ûnbeskerme by de dyk en dy molkrider wie mei it molkjild fan al dy boeren, mei in kapitaal dus, op stap!
En no meistje ik ek efkes in stap, nei hjoed de dei. Want stel, jo lean fan de ôfrûne wike wurdt op sneon-te-moarn troch de post yn in brievebus dien dy oan it begjin fan de dyk stiet. Hoe lang soe it dêr no lizzen bliuwe tinke jo? En dy molkrider soe dy no noch mei sa ‘n soad jild op paad kinne? Sjoch, ik wit wol dat net alles goed wie yn dy tiid, goed 60 jier ferlyn, mar op dit mêd kin men seker wol oer “die goede oude tijd” prate!
Noch efkes werom nei dy hûshâlding op it adres fan Hijum 61. As neikommerke wie it soms in foardiel en soms in neidiel om de jongste te wêzen. In neidiel wie dat ik jûns, krekt as it gesellich wie, sa as mei in jierdei, betiid op bêd moast. Want al wie ik dan noch sa stil en makke ik my noch sa lyts der wie altyd wol ien dy my seach en dan sei: ‘Moat dat fanke net op bêd?’ Oan de oare kant hie it ek foardielen want heit en mem wienen al hiel wat went mei de gruttere bern. En al wie ik, ek fan myn freondinnen, de jongste ik mocht in soad. Sa as mei healdagen of yn it wykein nei de film yn Ljouwert, wêr oaren soms earst thús hiel wat om ôfbiddelje moasten. En thús, thús koe en mocht eins ek alles. Wy mochten altyd freonen en freondinnen meinimme. Elk wie wolkom en mocht bliuwe te iten en al wie it by ús thús echt gjin fetpot, mem soarge altyd dat der yn it wykein genôch bôle yn ‘e hûs wie. Mar net elts wykein hienen we iters en dan wie der bôle oer, mar dêr waard niks fan wei. O nee hear, dan krigen wy op moandei as brij, de âlde bôle yn de molke. Weake bôle wie dat en dêr lei in grutte giele fel boppeop. Elk iet dêr mei smaak fan, mar ik net, ik koe der wol fan spuie! Ja, ik moat earlik ta jaan, ik wie doe tier en oe sa meager. Mar dat kinne jo der no net mear oan sjen.
Etie Pasma, Hijum 2022
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december