Algemeen
Column HfdP: Willem
Doe’t ik foarich jier op de side “Alle Friezen” fan Tresoar oan it sykjen wie om wat mear te witten te kommen oer Willem en Johanna Elzinga, âlde buorlju fan ús oan de Polderdyk, kaam ik harren tsjin as ynwenner fan Koarnjum. Oant doe ta haw ik nea witten dat sy op’e klaai wenne ha. Ik wist wol dat sy yn Dútslân wenne hienen en ha altyd tocht dat sy fan dêrwei, nei de Polderdyk ûnder Langsweagen ferhuze binne.
Nei fierder sykjen kaam ik der by Tresoar efter dat sy bûten Koarnjum ek yn Stiens en Froubuorren wenne ha. De yn dit foarjier ferstoarne Piet Keestra ut Stiens hat foar my útsocht wêr’t sy wenne ha en by hokker boer Willem arbeider wie. Piet hat der in moai ferhaal foar de Flapút fan makke, de doarpskrante fan Jelsum/Koarnjum. It dokumintaasjesintrum yn Stiens kaam der efter dat Willem en Johanne wenne ha yn ien fan de âldste huzen fan Stiens, it weinhûs oan it Achterbosk. Bildts Aigene wie al like flot en troch in tillefoantsje waard my ferteld dat sy wenne ha yn ien fan de trije wenten oan de Sudhoekstermiddelwei, dy’t ûndertusken romte makke haw foar ien moaie wente. Wy hawwe it hjir oer 1916 oant 1927.
Willem Elzinga (1883) út Idzinge troud yn 1907 yn Snits mei Johanna Boonstra (1884) út Goutum. Yn 1910 binne sy nei Dutslân ferhuze en kaam Willem by in boer oant wurk. Yn 1916, midden yn de earste wrâldoarloch, binne se werom kaam en yn Stiens kaam te wenjen.
Yn 1927 binne sy yn in lyts spultsje oan de Polderdyk kaam te wenjen en wie Willem samar boer mei meastentiids mar ien buske molke by de feart. Sy hienen in pear kobisten,wat jongfee en wat lytsfee dat om’e doar rûn en letter meastal op it petroal-jestel bedarre. En nei’t de bern de doar út wienen hoegden sy allinne mar te wurkjen foar harren deistich brea. Oan de Polderdyk wie gjin lúkse. Der wie doe gjin elektrysk, leidingwetter en ierdgas. It bytsje molkjild dat se barden, soarge der foar dat se de holle boppe wetter hâlde koenen. Willem koe ek omraak mollefange en as ik hjerstdeis by harren yn ’e hûs kaam dan stie der steefêst in planke neist de kachel der ’t de mollefeltsjes opspikere wienen. En as hy winterdeis in print fan in murd fûn, dan moast de murd meastentiids belies jaan. In murdefel smiet doe aardich mear op as in miel molke fan in ko. Willem wie gek op fel. Ek jonge geitebokken waarden by Willem brocht, want in geitebok smiet neat op en hy sûpte allinne mar de molke op dy’t wy better oan de keallen jaan koenen. Ik wit dat der wol gauris in wyt fel oan de line hong.
Willem en Jehanne hearden by dat part fan minsken dy’t fan Drees krigen, sûnder dat se der foar betelle ha. En doe’t dy sosjale útkearing der kaam gong it fee al rillegau fan stâl en koene hja genietsje fan de âlde dei. Drees hie der foar soarge dat se it noch nea sa goed hân hienen. Al rillegau dêrnei binne se ferhuze nei de Klidze. De Klidze wie in streek hûzen dat ek ûnder Langsweagen foel. Dêr wennen mear minsken dan oan de Polderdyk en de buorlju wennen neist harren en gjin hûndert meter fan harren ôf. Foar Willem hie it net hoegd, want dy hat hieltyd sein dat hy oan de Polderdyk stjerre woe. No wie de Klidze ek wer net safier fan de Polderdyk ôf, want as Willem by syn nije stee efter hûs stie te pisjen dan koe hy it âlde stee dúdlik stean sjen.
It kin net oars as Willem hat deaûnwennich west want as hy syn AOW fan it postkantoar út Langsweagen helle naam hy net de koartste wei, mar de omwei oer de Polderdyk. Alle kearen wer. En as hy by harren âlde stee lâns fytste, wat leech efterbleaun wie, dan seach hy efkes fan siden. Gauris kaam de bûsdoek út ’e bûse om in trien wei te faaien.
Lang om let hat Willem dôchs syn sin krigen. Want op ’e moarn fan twa oktober 1956, doe’t hy werom kaam mei syn AOW yn ’e bûse, is hy by de daam fan syn âlde pleatske oan de Polderdyk fan ’e fyts rekke en fuortynienen ferstoarn.
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december