Algemeen

Column HfdP: Supporters

Om’t ús bern en bernsbern nochal sportyf oanlein binne, komme wy ek wol gauris te sjen nei harren sportive prestaasjes. Us bern binne no, bûten de sportskoallen, allinne noch oan it tennisjen en padeljen wat klupferbân oangiet. Simmers wolle se ek noch wolris in baltsje slaan by it keatsen. 

Wat ús bernsbern oanbelanget komme wy faker op it fjild en by in hynstebak. Der wurdt hânballe, keatst, kuorballe, fuotballe en hynsteriden. Winterdeis binne wy faak yn de ferwaarme sporthal by it kuorbaljen en hânbaljen te sjen. Dat is in stik nofliker dan op it fjild stean te blaubekjen. Dochs bin ik, as it waar it talit, ek wolris op it fuotbalfjild te finen as ús pake- en beppesizzer fuotbalje moat. Wat my dan opfalt is dat faak de heiten, memmen en pakes oan de line steane, mar de beppes net folle. Ik tink net dat dy net komme wolle, mar dy fine it faak te kâld om oan de kant te stean.

Ik liet dat ris yn my omgean en gie werom nei myn eigen sportkarriêre yn Terwispel. Gymnastykje by UDA, fuotbalje by Wispolia en kuorbalje by LDO. Troch de wike gymnastykjen, sneons kuorbalje en sneins om tsien oere fuotbalje. Sneins tsien oere moarns, minder tiid koe men net betinke. Foaral doe’t ik yn A1 spile en sneontejûns op stap west hie. En dat mei in leadswiere bal dy’t him folsûge hie mei it dauwiet fan it fjild. Myn fuotbalkarriêre is nei A1 ek opholden en ik bin doe mei myn kuorbalkarriêre fierder gien. 

Mar sa as wy as supporter oan de line stean, kin ik my net heuge dat ús heit en mem oait ris by ien fan myn fuotbalwedstriden sjoen ha. Hie miskien ek te meitsjen dat wy bûtenút wennen, mar ús heit siet ek leaver oan de kant fan de feart te fisk-jen dan nei it doarp te fytsen. En ús pakes en beppes hawwe der ek nea west, om’t se doe al lang net mear libben. Ik haw se sels net iens kennen. Letter doe’t wy nei it doarp ferhuze wienen, kamen ús heit en mem wol op it sportfjild. Us mem stie oan de line by it kuorbaljen te sjen en ús heit stie neist it fuotbalfjild by Rinse Donker en Harm de Groot. Twa minsken fan deselde leeftiid as ús heit. Rinse, âld boer, en Harm wienen fanatike Wispolia supporters. Us heit net. It ienichste dat hy oer it fuotbaljen fertelde wie, dat hy in kear mei Evert Gaastra nei it Hearrenfean west hie, doe’t Abe dêr noch spile. Sy binne doe wat earder fuortgien om’t sy foar melkerstiid thús wêze woenen. De útslach is him net bybleaun en ek net wa’t de tsjinstanners wienen, mar wol de wille dy’t sy hienen oer wat sy seagen doe’t Evert en hy ûnder de folle iepen steantribunes lâns rûnen en út en troch omheech seagen. Nee, ús heit hie net folle mei sport en hy stie allinne mar oan de line om te praten oer it waar en de buorkerij dêr’t hy buorke hie en hokker bêst fee as hy eartiids hie. Us heit prate tsjin Rinse en Harm. Mar as dy beide ek nei ús heit harken, ha ik myn twivels oer, want hja wienen mei de westriid dwaande. Us heit wist ek nea de útslach fan de wedstriid. 

Eardeis stie ik nei in wedstriid te sjen fan Stiens ûnder 19, dêr’t in pakesizzer fan my yn spilet. It wie kreas waar en op it fytske is it fan Britsum ôf ek mar in hoannestap. Doe trof ik it dat der noch in stik as wat pakes oan de kant stienen. Al gau rekke ik mei ien oan ’e praat. Ek om’t ik dizze pake noch koe út de tiid dat ik noch wurkje mocht. It gesprek dat wy hienen gie oer fan alles en noch wat. Undertusken gie it fuotbaljen gewoan troch en der foel sa no en dan ek ris in doelpunt. Mar ús praat gie ek troch en it hiele wrâldbarren waard nochris by de kop pakt. It foel my wol op dat de man ek it each by it fuotbaljen hâlde woe. Mear dan iksels, tink ik. Haw ik dan dochs wat fan ús heit meikrigen, docht my tinken! 

Net hielendal, want doe’t de wedstriid ôfrûn wie, haw ik yn de rinwei noch wol oan myn pakesizzer frege hoe’t sy spile hienen en as hy ek skoart hie! Sadwaande koe ik oan it thúsfront de útslach trochjaan. 

Dat koe ús heit wer net! 

hfdp@kpnmail.nl