Algemeen

Column HfdP: It Mes

Alhoewol ik net in leafhawwer bin fan films dêr’t minsken yn fermoarde wurde, bin ik soms wolris nijsgjirrich hoe’t de polysjemannen en net te ferjitten polysjefroulju dwaande binne om de moardner te efterheljen. Net wittende dat iksels ek nochris mei ien as oare delikt te meitsjen krije soe.

dat ik yn myn frije tiid wolris dwaande bin om âld izer te sammeljen foar ús kuorbalferiening. Meastal wurdt it by my brocht en dan skiftsje ik de boel. Sa no en dan bring ik ris wat fuort en dat smyt wer wat op foar ús feriening. No net tinke dat ús feriening der ryk fan wurdt, mar alle bytsjes helpe. En wat miskien noch it wichtichste is: Ik bin fan de dyk en rin Geartsje ek net alle dagen foar de fuotten. 

No wie it gefal dat in skoftsje ferlyn immen my skille at ik ek belang by in kôkplaat hie, ien op gas wol te ferstean. Hja hienen yn harren “buitenverblijf” alles op gas en woenen sa njonkelytsen oergean op elektrysk. Om te begjinnen troch elektrysk te koaitsjen. Op it hiele dak leinen al sinnepanielen om safolle mooglik sinneljocht op te fangen om elektrisiteit op te wekken en foar de ruten oeral sinneskerms om it sinneljocht te kearen wêrtroch it yn’e hûs net te waarm wurdt. Sadwaande kaam de âlde kôkplaat op gas by my yn de wurkpleats te stean. 

Koartlyn wie ik dwaande mei it âld izer en naam ek de kôkplaat ûnder hannen om him te ferwurkjen yn ferskate soarten metaal. Foar dyjinge dy’t gjin ferstân fan kôkplaten hawwe, in lytse útlis. De plaat bestiet út in boppe en in ûnderkant, mei dêr tuskenyn it djoere spul. De boppe en ûnderkant sitte mei in tal skroeven oanmekoar fêst. As it mei sit, wolle dizze skroeven draaie, as it tsjinsit moat de slyptol der oan te pas komme. By dizze plaat koe ik de skroefkes der samar útdraaie. Men soe hast sizze dat se al ris earder los west hienen. Doe’t ik de twa helten fan mekoar ôfhelle kaam der samar in mes foar it fuot-ljocht. It mes mei in pear spatten farsk bloed foel samar op’e wurkbank. No wienen dy pear spatten bloed fan mysels om’t ik de hannen iepenhelle hie oan in skerpe râne fan de ûnderkant. Mar no freegje ik my ôf; hoe komt dat mes tusken de twa platen fan dy kôkplaat. En wêrom sit dat mes yn dy kôkplaat. 

Op dat stuit wie ik ferbjustere, mar tagelyks ek nijsgjirrich. Dit hie no krekt sa’n putsje west foar de polysjeminsken út ien fan Geartsje har films. Bûten myn spatten bloed wie it in smoarich mes. Men soe sizze dat it der foar it ôfwaskjen yn bedarre is. Doe’t ik in foto fan it mes nei de eigeners fan it “buitenverblijf” stjoerde, wie harren reaksje dat sy net fan dizze messen hienen. Sy hienen in bestek fan Sola, en hjir stie gjin merk op. Sels net fan Ikea as Hema. Hat it him dan ôfspile yn de tiid fan de foarige eigeners? En wat hat him ôfspile yn dizze minsken harren “buitenverblijf”. 

Miskien is der immen mei itselde mes fan kant makke en moat der yn de omkriten fan it “buitenverblijf” noch in lyk bedobbe wêze. Miskien is it wol bard yn de relationele as kriminele sfear. Dat it bewiis dan ferdwine moast is te begripen, mar werom is it dan tusken de boppe en ûnderkant fan in kôkplaat ferstoppe. Men hie him ek yn de Dokkumer Ie smite kinnen, dan hie der gjin hoarne mear nei kraait. It wie ek nea opfallen as de kôkplaat sa op de âld izer bult bedarre wie. No kaam hy by my yn de wurkpleats telâne om in pear sinten foar de kuorbalferiening te fertsjinjen. Mar tagelyks krige ik mei in mystearje, miskien wol mei in moard, te meitsjen. Miskien hie ik dochs de polysje warskôgje moatten en wie der miskien wol in polysjefrou, lyk as Vera út Geartsje har film, by my yn de wurkpleats kaam om mei alderhande foefkes in oplossing fan dit mystearje te finen. Hja soe fêst begjinne mei it mes te ûndersykjen op fingerprinten. 

Mar der is gjin polysje oan te pas kaam, en hie ek net nedich west. Want om’t myn farske bloedspatten der op sieten haw ik mei myn domme harsens it mes fuortdaliks skjinmakke, mei derby ek alle fingerprinten. Yn Geartsje har films binne se, wat dat oanbelanget, folle tûker λ

hfdp@kpnmail.nl