Algemeen

Column HFDP: De earste fakânsje

“Kin beppe my fan’e middei ek út Harns helje. Ik bin min by’t spul en kom om goed fiif ûre mei de snelboat yn Harns oan”. 

Dit apke krige Geartsje fan har beppesizzer dy’t foar it earst mei in keppeltsje jongfeinten fan om en de by de sechstjin jier in goed wike nei Skylge wienen yn in tinte dy’t al foar harren klearstie. Dat sokke apkes nei beppe gean hat der mei te meitsjen dat hy beppe’s jonkje is en him gjin frjemde fragen stelt, lyk as pake dat docht. Ja yn it begjin doe’t sy krekt op Skylge sieten kriich ik in foto apt mei in fleske bier. Mar nei’t ik frege as dat 0.0 wat smakke, ha ik neat wer heard. Myn twadde fraach oan him wie as hy ek al pineholle hân hie. It antwurd fan “nee”, haw ik mar foar wier oannaam.

It die my efkes tinken oan myn earste fakânsje yn 1964, as sechstjin jierrige. Mei trije freonen út Terwispel in wike yn in tinte nei Terherne. Foar my wie ek alles nij. Fakânsje bestie foar dy tiid út útfanhûs gean nei omkes en muoikes en in dei mei ús heit en mem nei Appelskea. 

No gie ik mei in taske mei klean ûnder de snelbiner, mei myn maten op’e fyts nei Terherne, dêr’t in tinte foar ús klear stie. In luchtbed, slieptekken, swimklean, handoeken, wat skjin ûnderguod en in reserve setsje klean. Folle boppeklean wie net nedich, want wy rûnen dochs de measte tiid yn de swimbroek. Foar de wissichheid hie ús mem noch in nije pyama foar my kocht om’t ik der yn de tinte kreas by lizze moast. In wike fan hûs mei as ienichste nijmoadrige in transistorradio, om foaral radio Veronica net te missen. In tillefoan om apkes nei hûs te stjoeren as der al wat misgie, bestie doe net. Wienen hja min by’t spul dan koenen jo, as deljaan, as nei hûs fytse. Kratten bier kamen der by ús doe noch net oan te pas, wol dat ik dêr myn earste fakânsjeleafde opdien ha. Ik trof har op de pier fan Terherne en sy fertelde dat sy út Langsweagen kaam, itselde doarp dêr’t ik ek wenne. Allinne ik koe har net en sy koe my ek net. Wy wennen yn Langsweagen op it fuottenein en gienen yn Terwispel nei skoalle en sieten dêr letter ek yn it jongfolk. Ik haw, mei troch dy fakânsjeleafde, in pracht wike hân yn Terherne en fûn it spitich dat de wike sa gau om wie. Doe’t ik thús kaam hat ús mem har Miele “langzaamwasser” oan’t wurk setten en nei ien ritsje wie de boel wer skjin. 

No krige Geartsje in apke dat har beppesizzer min by’t spul wie en nei fiif fan de acht dagen alwer op hûs oangie. Wy hienen ús al ris ôffrege wat der oan de hân wie, want it is net immen dy’t it byltsje der gau by del smyt. Soe der mot hân ha, soe der te djip yn de 0.0 sjoen ha, soe der ûnwennich west ha, as wie it jild miskien op. As....hat hy miskien syn earste fakânsjeleafde troffen en moast dy nei hûs en wie foar him de lol der doe ek ôf. 

Tegearre binne wy nei Harns riden en seagen him de loopplanke ôfkommen. Petsje efterstefoaren, wyt T-shirt, trainingsbroek en wite doppen yn’e earen. In rêchtas en in koffer op tsjiltsjes wêrfan men sizze soe dat dyjinge trije wike nei de Kanaryske Eilannen west hat. 

Hy wie, neffens de moarns, al aardich wer opknapt fertelde hy, doe’t wy de parkeargaraazje ynrûnen. En doe’t wy yn de auto teplak sieten frege hy fuortdaliks as hy de tillefoan yn de auto ek oplade koe. Dat koe, want as jo faker mei dat jongfolk ûnderweis binne moatte jo dat soart dingen ynoarder hawwe. It soe dochs net sa wêze dat sy harren tillefoan dêr net oplade koenen? Want dat soe tsjintwurdich samar in reden wêze kinne om mar wer op hûs oan te gean. Sûnder tillefoan gjin fakânsje! Wy hawwe it der fierders ek net oer hân en beppe wie bliid dat hy wer thús wie. Letter sil ik ris hifkje hoe’t it mei de froulju siet. As mannen ûnder mekoar, ûnder it genot fan in 5.0. Thús oankaam frege hy beppe as dy foar him it smoarge guod wol útwaskje woe om’t syn heit en mem ek net thús wienen. Seker woe beppe dat wol dwaan. De grutte koffer stiet by ús yn de garaazje en der binne al trije ritten draait. No noch ien rit en de boel is wer skjin. Fjouwer dagen Skylge. Fjouwer kear de masine fol. Us mem koe in wike Terherne yn ien rit dwaan...