Algemeen
Column: Genen
Elts minsk hat by de geboarte genen meikrigen fan âlders en foarâlders en in skoftke ferlyn sei ien dat wy fêst musyk yn ús genen hienen.
Dat soe bêst kinne, want der waard by ús beide famyljes songen en spile en der stie in oargel yn de wenkeamer. Foaral it ynstrumint is wichtich, want je kinne noch sa folle oanlech ha mar as der neat is om musyk mei te meitsjen dan wurdt it ek neat! As foarbyld neam ik mar de grutte komponist Bach, want as dy net in ynstrumint hân hie, wêr hy musyk op meitsje koe, dan hie er de Matthäus Passion miskien nea makke!
Omdat it blazen Wil wol wat like is er as grutjonge by it korps gien en learde dêr it noatenskrift. Myn foarkar hie it oargel en dêrom bin ik op oargelles gien en ik spile mei 14-15 jier yn 'e fakânsjes al op it tsjerkeoargel en doe ik goed 18 jier wie bin ik yn Hijum fêste tsjerkeoargeliste wurden. Sneins siet ik twa kear op de kreake te spyljen en doe wy ferkearing krige siet Wil dêr meast middeis by my.
Op in kear wie er hiel let en nei in flugge tút sei ik, wylst ik troch spile: 'Wat bist sto let?'
'Ja', sei er, 'it wie wer ris sa fier, doe ik de auto by jim hûs delsette balte der in ko. Gau gie ik nei 't bûthús en koe it keal noch krekt yn it strie lûke. Dêrnei ha ik jim heit roppen, ha hurd hânwosken en bin út in draaf hjir hinne flein!'
Soks barde ek wol op sneon- of sneintejûn, ús heit hie dan al sein dat der in ko op tarieden stie en as wy dan in ko balten hearden, gie hy alfêst nei it bûthús en ik nei boppen om ús heit te roppen.
De tsjerkerie kaam der yn en hy ferhúze nei ien fan de stuollen neist it oargel. As de preek begûn gie ik dêr ek sitten, mar ik siet dêr noch net sa lang, snúfde ris en flústere: 'Do stjonkste!'
Hy beseach syn skuon en hannen en sei sêft werom: 'Ik ha oars goed fuotfage en hânwosken' en stuts syn hannen nei foarren om dy nochris te besjen. En wat seach ik dêr? Yn syn mouwe?
In kwak stront!!! De ko hie him krekt by de mouwe ynskiten! Dy sneintemiddei ha ik de preek belústere op de oargelbank, want al bin ik dan in boerendochter, ik hâld beslist net fan dy lucht!
Nei 't wy troud wienen siet hy thús gauris efter it oargel en learde himsels sa it oargelspyljen. Dat gie sa goed, dat hy spile sneins yn tsjerke wolris by it útgean of begeliede in maklik liet!
Nei in skoft rekke ik swier.
En dat bringt my ynienen werom yn dizze tiid, want doe 't yn maart it Coronafirus hjir kaam sei men, yn de media, dat der dit jier wolris in "babyboom" komme koe omdat de minsken har 'fertier' binnendoar sykje moasten! Yn de twadde wrâldoarloch wie dat ek bard!
No wit ik net hoe it liket yn jo omjouwing, mar der rinne hjir yn Hijum noch net in soad froulju om mei in dikke búk, want dat soe dan men no, nei in moanne as acht, hast wolris sjen moatte!
Werom nei doe, want as ús poppe der ien kear wie dan soe ik net mear twa kear sneins spylje kinne. It wie de tsjerkerie fansels net ûntgien dat hy sneins sa no en dan yn tsjerke spile en se fregen him dan ek om fêste tsjerkeoargelist te wurden. Nei oerlis binne wy beide, mei myn broer en noch ien út it doarp, dy knap spylje koe, mei syn fjouweren yn Hijum as tsjerkeoargelisten fierder gien. Myn broer en Wil hawwe dat tegearre 40 jier lang folhâlden en dêrom ha se yn 2010 in lintsje fan Keninginne Beatrix krigen! Bêst genôch! Wat ús neiteam oangiet, dy ha alle trije by it Hijumer korps west en twa gienen op oargelles. En dy earste poppe spilet no al hiel lang sneins ek op in tsjerkeoargel! Myn musykleraar, dy ek har letter op les hie, sei ris tsjin in skoansuster dat sy it meikrigen hie fan de beide kanten fan ús famyljes. Dy genen soenen dus ferbûbbele wêze! Of sis ik it no te ienfâldich? Hawar, dy skoansuster, dy spitich genôch sond in jier net mear ûnder ús is, makke doe tsjin ús de opmerking: 'Der binne mindere dingen om oer te erven!' En sa is it mar krekt! Nei 't de tsjerke fan Hijum-Feinsum yn 2014 opgien is yn dy fan Hallum woe Wil dêr wol trochgean as reserve-oargelist en hy spilet dêr no sa 'n tsien kear yn it jier! Om't hy no al 50 jier spilet hat de Protestante Gemeente Mariengaarde fan Hallum him lêst yn it sintsje set. Hy wie dêr net fan op 'e hichte en dat wie in hiele ferrassing en no hoopje ik mar dat dizze column en de foto dat aanst ek is, want hy hâld der net echt fan om op de foargrûn te stean! De foto is trouwens makke yn de St. Maarten tsjerke fan Hallum! Dan noch efkes oer dy genen, dat is moai fansels, mar dêr hoege je neat foar te dwaan, dy krijt elk gewoan mei! Mar dat je je sels oargelspyljen leare en dat je dêrnei tsjerketsjinsten begeliede kinne en dat dan ek noch 50 jier folhâlde, dat is en bliuwt wol in hiele prestaasje!!! No?
Etie Pasma, Hijum 2020
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 26 december
-
Vr 27 december
-
Za 28 december
-
Zo 29 december
-
Ma 30 december