Algemeen

Column: Ferklaaiersklean

As je it oer ferklaaiersklean ha dan moat je al gau tinke oan eartiids. As de froulju dan it moarnswurk en de ôfwask fan it middeis iten dien hienen, dan kamen de ferklaaiersklean oan. In protte minsken witte fêst noch wol dat mem en/of beppe dat ek foar de gewoante hie.

No kinne je dat wurd ek oars brûke, want ea ha ik oer de winter in 'Haikû' makke. Haikû 's dat binne lytse gedichtsjes oer de natûr, fan trije rigels dy net ryme meie en 5-7-5 lettergrepen ha. Dy haikû begûn sa: 'Snie yn 'e winter, de wrâld yn ferklaaiersklean, Fryslân op syn moaist!

Mar dit stikje giet dêr net oer, mar oer de klean dy je brûke kinne yn in optocht fan it karnaval of sa as by ús yn de optocht fan it doarpsfeest. Wy krigen lêst de doarpskrante fan Feinsum en Hijum 'De Rattelwacht' troch de brievebus en dêr stie, neist it nijs fan de beide doarpen, ek yn wannear it doarpsfeest dit jier hâlden wurde sil. En doe kamen my de tariedings yn it sin, foar de optocht fan hiel wat jierren werom. Dy optocht hie as tema: "it bûtenlân" Mei myn freondinnen rûn ik sa no en dan mei yn de optocht en omdat myn man en ik begjin dat jier mei fakânsje soenen nei Tunesië tocht ik dat it wol aardich wêze soe om der dan út te sjen as ien út dat lân. No hie ik op de souder âlde klean bewarre en dêr koe ik wol wat fan brûke, tocht ik, mar om't ik net woe dat se sjen koene dat ik it wie woe ik yn Túnesië mar om in wale 'in sluier' sjen. No dy wienen dêr wol. Yn in winkeltsje wêr se soks hienen, stapte ik op in rek ôf mei fan dy holledoeken. De winkelman, in lyts mantsje mei mar ien each, pakte ien, lei my dy op 'e holle en sei: 'Eerst kijken! Kijken, kijken, dan kopen!' De man koe net folle Nederlânske wurden, mar wat er witte moast, no dat wist er!  Hy luts my mei nei in spegel, seach my yn 'e spegel oan en sei:' "Allemachtich prachtich!" Wy wienen beide slop fan it laitsjen, mar it mantsje wie in echte keapman en sei: 'Shirt bij!'  Hij dûkte linich tusken de rekken mei klean en kaam dêr wer tusken wei mei in lange swarte jurk. 'Nee, nee!' sei ik en skodde myn holle, want dat wie de bedoeling net. 'Eerst kijken! Kijken, kijken, dan kopen!' rôp er no.  Hy wist fan oanpakken want hy helle my yniens de bril fan de holle. Ik moast passe! Opnij skodde ik myn holle, mar myn man sei: 'Doch him mar ris oan je.' It mantsje hie yn 'e gaten dat er in meistander hie en rôp:' Niet duur! Eerst kijken, kijken, kijken!' No, toe dan mar, tsjin twa mannen kin je net op en it jurkje seach der ek wol goed út. Doe ik him oan hie en wer foar it ljocht kaam, gie it mantsje foar my stean en foar dat ik it goed en wol yn 'e gaten hie stuts er syn hannen yn de wide earmsgatten fan de jurk en frimele op myn bleate fel om! Frijwat ferbjustere sei ik: 'Wat moat hy dêr, jonge?'   En tsjin myn man, dy wat yn de winkel omstrúnde: 'Do bliuwst hjir al by my yn 'e buert no?' Mar it mantsje hie gjin kwea yn 't sin, want it die bliken dat der oan de binnenkant fan dy jurk twa bandsjes sieten dy op de rêch fêst makke wurde moasten. It mantsje die alles op 'e taast, mar hy hie it samar foar mekoar. Hy die it op it gefoel en dêr hie er fansels ek gjin twa eagen foar nedich. Dêrnei moast ik wer mei nei de spegel en it " Allemachtich prachtich" wie net fan de loft.  Omdat it wol aardich stie ha wy de hiele bubs mar kocht, mar alhoewol ik it wol fan doel wie ha ik dat jier, dy "Allemachtige prachtige" jurk net oan hân yn de optocht fan it doarpsfeest.  Want it wie doe sa roetkâld, dat de lange dikke winterjas moast oan.

De wale koe ik wol brûke en dat wie moai, want de minsken wisten sa net wa ik wie. Sels ús hûn koe my net mear en begûn as in wyld tsjin my te blaffen. Mar doe ik begûn te praten wie er efkes fan slach, mar al gau gie syn sturt drok hinne en wer en wie er bliid my te sjen.

Fan it meirinnen yn de optocht fan dit jier sil neat komme, want op de jierfergadering fan de feestkommisje is besletten dat der dit jier gjin optocht hâlden wurde sil. Sa it no liket sil op 21 maaie ús doarpsfeest úteinsette, mar dat is noch mar ôfwachtsjen, want it Coronafirus slacht hjir op 't heden foar master op. 

Moandei ha ik harke nei de taspraak fan ús minister-president, Mark Rutte en hy hie net sa 'n moai boadskip, want dat firus kin ús noch wol ris in hiele tiid pleagje. 

No bin de skoallen, de horeca, winkels, kappers ensafuorthinne ticht en alle minsken moatte sa folle mooglik yn 'e hûs bliuwe, mar dat alles is net it slimste. It slimste dat binne al dy siken en sy dy kamen te ferstjerren en harren dy 't yn fertriet efter bliuwe. De siken winskje ik betterskip en sy dy in neiste misse moasten in soad sterkte!

Dit stikje einiget oars as de bedoeling wie, mar dat is en koe no net oars, fûn ik.

Ta beslút bêste minsken, wês wiis, bliuw nuchter, bliuw thús en bliuw sûn.

 

Etie Pasma, Hijum 2020