Algemeen

Column: Fakânsje mei beheining

Wy hawwe in skoft ferlyn in goed wike mei de karavan der op út west. Net fier fuort, om’t it tichteby yn Fryslân ek moai wêze kin. 

Fan dêr dat wy mar wer ris werom gien binne nei ús “roots” en ús deljûn hienen op kamping de Turfhoeke, oan de râne fan ’e Gordyk.  

No sei ik dat Fryslân moai wêze kin, mar die wike liet Fryslân him fan de minder moaie kant sjen. Bûten in protte reinwetter wie der ek noch de hurde súdwester stoarm dy’t bot tekear gie. Foaral as hy syn siken efkes ynholden hie en der in hiele dikke pûster fan makke. 

De foartinten, foar safier men dy foar syn karavan stean hie, waarden foargoed teste op harren kwaliteit. Sawol op wetter- as wynticht. 

Ek ús eigen foartinte, dy’t de stoarm fan de foarige kear noch net ferjitten wie, waard no wer oan in “kwaliteitsproef” ûnderwurpen. 

Nee, it wie ús wike net. Fytse wie der net by. No ja, om in boadskipke nei de Gordyk gie noch wol. Fiskje foel ek tsjin. Sieten jo mei de wyn yn ’e reach, dan waaiden jo hast fan it fiskerstuoltsje ôf en moast men him skrep sette om net foaroer yn de Tsjoele te kiperjen. 

Sieten jo oan de oare kant fan it wetter en hienen de wyn pal yn ’e snút, dan wie it hast net mooglik om de dôber yn it wetter te krijen en wie it gefaar dat josels de heak troch de lippe krigen grutter dan dat it by in fisk barre soe. 

Mar it slimste wat my oerkaam hie neat mei hurde wyn en reinwetter te krijen. Nee, dat wie it gefolch fan it slimme firus dat ús yn ’e besnijing hâldt: It coronafirus mei syn oardel meter beheining. 

Oeral kamen jo grutte plakkaten tsjin fan wat jo net en foaral wol  dwaan moasten. Net om’t de eigenaren der sa wiis mei wienen mar om’t it harren fan hegerhân oplein waard. Litte we der mar fan út gean dat it nedich is.  

Men mocht pas ûnder de brûs troch as de dampen fan de foarige besiker wer oplutsen wienen. As men pisje moast gie der in hiel program oan foarôf foar dat jo him by it ear pakke koenen. En as men klear wie, kaam der ek noch in hiel program efteroan foar’t men wer nei syn karavan as fiskstek tagean koe. 

Foar de fanatike fiskers duorre dat ritueel te lang om by harren angel wei te bliuwen en meastal sochten se de kast op, dy’t yn ’e hoeke fan de karavan stiet, om it miel kwyt te reitsjen.  

Mar it allerslimste wat my dy wike oerkaam is, wie dat ik  allinne ôfwaskje moast. It wie in iensume oangelegenheid. Allinne efter it grutte oanrjocht, sûnder de sosjale kontakten mei oare ôfwaskers, lyk as ik dat went wie. Foaral mei dit reinwetter en hurde wyn seach ik der nei út om wer in praatsje te meitsjen mei oare kampinggasten. Ek al om’t it oanrjocht ûnder in ôfdakje stiet en bûtendat ek it ienichste beskutte plakje fan de kamping wie dêr’t we gjin lêst fan de súdwester hienen. 

 En dêr stie ik dan allinne. Ja, ik mocht wol mei Geartsje tegearre om’t wy fan itselde kampearplak kamen, mar dat wie ek in stille bedoeling om’t wy mei dizze hurde wyn en reinwetter de hiele dei al mei mekoar yn petear west hienen  en sadwaande wie der by it ôfwaskjen gjin nijs mear. 

Is it ôfwaskje op in kamping ien fan myn grutte favoriten, no haw ik it foar it grutste part mar oan Geartsje oerlitten. Litte wy hoopje dat wat it ôfwaskjen oanbelanget de rigels mar gau oanpast wurde. Oardel meter koe it hjir krekt net helje, ien meter soe rom kinne. Sa net, dan it oanrjocht mar langer meitsje. Want der giet neat boppe gesellich ôfwaskje

www.henkiefandepolderdyk.nl