Algemeen

Column: Even it jier oereidzje...

De holle sit noch fol mei Kryst, want dizze kollum moat foar de Krystdagen by de drukker wêze. Dus even yn de drokte achter de kompjûter om de gedachten op papier te setten. 

De lêste kollum yn in jier sa’t men dat fan te foaren net betinke kinnen hie. Wa hie ea betinke kinnen, dat in spontane knuffel net mear kin, dat wy mei boogjes om elkoar hinne rinne en in mûlkapke drage op in hiele protte plakken? Dat Kryst in feest wurdt mei heechút twa of trije minsken ekstra om de tafel? Dochs is it sa, en op de ien of oare menier is it ek al wer gewoan. It is sa as it is. En sa is it mei dit hiele jier, dat achter ús leit. It is sa as it is, en wy feroarje der neat mear oan. 

Djiptepunten, it ferstjerren fan myn mem, de kanker fan Nico. Mar ek prachtige hichtepunten. Us wykein fuort mei de hiele húshâlding ein septimber, in pear dagen foardat de maatregels wer strenger waarden. It wykein weryn wy hearden, dat wy wer pake en beppe wurde. De kanker fan Nico, dy’t him sa goed behandelje liet, dat er wer hielendal skjin ferklearre waard. Mar ek tidens de sykte fan Nico, doe’t safolle minsken om ús tochten. Ek tegearre ha wy fan de simmer genietsje kinnen, ûndanks alles. Hast elk wykein yn Grou, mei de boat der op út. 

Gek genôch oerhearsket by my net in gefoel fan negativiteit, as ik werom tink. It wie in jier fan ôfskied nimmen. Mar ek yn it ôfskied nimmen leit altyd wer in nije belofte, in nij begjin. Fansels mis ik myn mem, wol ik de tillefoan pakke om har wat te fertellen. Mar sy hat my ek wer hiel wat weardefols meijûn, troch de wize werop se ôfskied nommen hat fan it libben. Doe liet se sjen, dat har leafde foar ús grutter wie as wat dan ek. Sels woe hja ek net langer lije, mar boppe al woe se net, dat wy langer foar har soargje moasten en nochris it lijen fan in âlder meimeitsje. Yn ús húshâlding waarden noch wolris wat muorkes bouwd en wie it net altyd maklik om echt by it gefoel te kommen. Mar úteinlik waard de muorre delhelle en koe de leafde syn wurk dwaan.

Jim merke it, dit wurdt in echte ôfsluter. Mar ja, sa’n jier wie it no ienkear. 

En nei it ôfskied kaam der it ôfskied fan it “gewoane”libben en kaam der in “nij normaal”. In útbundige maitiid mei prachtich sinneskyn waar. En it wie stil yn it doarp. 

Foar ús koe alles trochgean. Us wurk, ús wykeintsjes nei Grou. En fan’t simmer koene wy mei bern en freonen sels noch wol by elkoar komme foar in bbq of in oar feestsje. 

Ja, dy simmer. Mei in man dy’t kanker hie en oan de chemo’s wie. Mar dy’t dat redelik trochstie. En dy’t ek hoopje mocht op in goede ôfrin. As ik werom tink oan de simmer fan 2020, dan sil ik letter allinne mar tinke oan de waarmte en leafde dy’t op ús paad kaam. It wurdt miskien sa stadichoan wol hiel softy, dit ferhaal, mar it is net oars. Dit jier is it wol hiel dúdlik wurden, dat minsken elkoar nedich ha. De koroana makket iensum. Kanker makket iensum. Dat besef is hurd oankommen by in protte minsken. Dat wy sa kwetsber binne, hiene wy net mear yn de gaten. En dêrom ha wy elkoar nedich. Ek al meie wy elkoar net mear beethâlde, wy kinne der foar elkoar wêze. Wy witte, hoe goed as dat wurket. Wy ha erfaren wat waarmte en leafde docht. Dat nimme wy mei nei it nije jier. 

En fansels winskje wy dat elkenien ta. In protte waarmte, leafde en sûnens yn 2021!

In resept foar bôlebakjes dy’t fuld wurde kinne mei in lekkere salade of in ragout. Lekker op de lêste jûn fan it jier, mar fansels ek op alle oare dagen fan it nije jier!

Foar 24 stiks:

12 stikjes mais- of brune bôle, sûnder koarste

2-3 ytleppels olijfoalje mei krûden

fulling nei eigen kar

2 muffinfoarmen mei elk 12 holtes fan 2-3 sm of 24 mini taartfoarmkes.

Ferwaarmje de oven op 200ºC. Stek út de bôle rûntsjes fan 5-7 sm mei in útstekfoarm en rôlje de bôle plat mei in deechroller.Stryk op beide kanten fan de rûntsjes olijfoalje en druk se yn de muffinfoarm. Bak se yn 10-15 menuten goudbrún en knapperich.

 Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens.