Algemeen

Column Etie Pasma - Haadstik 4 (8)

Yn it midden fan de nacht wie it rêstich op de kamping yn de Wâlden. Elske hie al in skoft sliept mar waard yniens wekker. Se seach yn it tsjuster om har hinne, taste neist hat en murk dat dat plak leech wie. Se die it ljocht oan, seach dat Pyt op de râne fan it bêd siet en frege: ‘Wat is der mei dy?’ 

‘Ik fiel my net goed.’ Elske gie nei him ta, mar skrok want hy wie sa wyt as sûpe en hie it swit op ‘e holle. Se frege: ‘Wêr hast lêst fan?’  ‘Myn boarst en ik bin wat mislik!’  ‘Och hea, it is dyn hert net wol? Hast ek lêst fan dyn earm?’  ‘Ik wit it net, ja, miskien wol!’  ‘Dan moat der in dokter komme.’ sei se.  ‘Och nee je, no noch net, lit my mar efkes. Ik gean wer lizzen en miskien bekomt it dan wat!’Mar it bekaam net, it boaze allinnich mar oan, dat Elske sei: ‘ik belje 112 !’ Se pakte har mobile tillefoan en as it no oan it mobyltsje lei of oan har senuwen, mar hy die it net. Gau die se de klean oer de pyjama hinne en de sandalen oan.  ‘Wat silst no?’ frege Pyt. ‘Ik gean nei de jongens en freegje as sy 112 belje wolle. Do moast yntusken mar rêstich lizzen bliuwe, ik bin hjir sa wer.’

It wie tige hoar op de kamping en doe Elske de doar fan de karavan efter har ticht luts. It klonk, foar  har gefoel, as koe hiel Fryslân dat hearre. Se skrok der sels fan, mar rûn troch, oer it wiete gêrs nei de lytse karavan fan de jongens en kloppe dêr op it rútsje. Se wachte lykwols net mar rûn drekst troch nei de doar, bûnze dêr mei de fûst op en rôp: ‘Jongens, help! Hallo, help alsjeblieft!’ Mar doe se neat hearde gilde se: ‘HELP!’ en trommele op de doar.Se hearde gestommel, in doar gie iepen en it ljocht oan. Mar it duorre lang foardat se iepen dienen.It hearde wol dat se oan it oprêden wienen of soenen se miskien earst de klean oandwaan? 

Nochris rôp se:‘Jongens help, mijn man is ziek!’ De doar gie iepen en foar har stienen beide jongens, elk yn in grut wyt t-shirt en de iene sei: ‘Wat is er aan de hand?’  ‘Mijn man is ziek, zijn hart denk ik, en mijn mobieltje doet het niet. Zouden jullie 112 willen bellen, dan ga ik weer naar hem toe. Hij heeft het erg benauwd, pijn op de borst. Willen jullie dat doorgeven alsjeblieft?’‘Ja hoor mevrouw, ik ga metéén bellen!’  ‘Dankjewel.’ sei se, gie wer nei Pyt en frege him: ‘Hoe is it no, bekomt it al wat?’  Hy hime swier doe er sei: ‘Née, sa‘n pine en myn earm docht sa sear!’‘Do moast mar kalm bliuwe, de jongens hawwe 112 belle dus de sikeauto sil sa wol komme.’

Se helle in wiet mofke en fage him it swit fan ‘e holle. Yniens rôp Pyt: ‘Elske, help my!’ en doe sêfter:‘Ik gean dea!’ en syn holle foel fan siden. It gie har troch ieren en sinen, it hert stie har ek hast stil, mar se pakte ta, fleach werom nei de jongens, kloppe net op rút of doar, mar fleach deryn en rôp: ‘Help, hij gaat dood!’ De jonge dy yn de keamer stie skrok him kapot, de eagen stienen him boppe yn de holle. Hy pakte gau syn jas en goaide dy oer de tafel hinne en sei: ‘Ik kom zo!’‘Nee,’ raasde Elske no, ‘opruimen doe je straks maar, nu meekomen!’ en se luts him mei nei bûten. De oare kaam no ek bûten en mei har trijen draafden se nei Pyt.

Dy lei noch krekt sa. Elske gie by syn holle stean en rôp: ‘Duwen, op zijn borst!’  De iene begûn te pompen en nei in pear kear sei se:’ ‘Stop!’ tilde Pyt syn holle wat nei efteren, begûn yn syn mûle te blazen en seach nei syn boarst as dat ek omheech kaam. ‘Weer pompen!’ rôp se en sa gienen se mei har trijen troch. Ynienen stie de beheerder by har yn de keamer en neist him twa mannen yn wite jassen. Net ien hie harren vernomen, sa drok hienen se it hân, mar se wisten dat dit de helpers wienen en stapten, alle trije hymjend en swittend, oan ‘e kant. De iene pakte in stethoscoop, harke en sei tsjin Elske:‘Ik hear in lichte hertslach, dat is moai, wy nimme him no mei nei it sikehûs en miskien kinne jo syn medisinen en sikefûns papieren klear sykje?’ 

Elske moast efkes bekomme, dit gie har eins stûf genôch, mar se hie de boel al gau wer op in rychje, pakte har hântaske en wie klear. Want yn dat taske, dêr siet alles yn, alle sinten, paskes en papieren, dus ek dy fan it sikefûns. Se frege oan de behearder of dy de boel aanst ôfslute woe en dat kaam altyd klear, sei de man. Hy winske harren sterkte en hope dat har man hjir wer boppe op komme soe! Ek de jongens winsken harren sterkte en betterskip foar Pyt.

‘Dank jullie wel, allemaal! Duizendmaal dank!’ sei se noch tsjin harren. 

De mannen fan de sikeauto hienen Pyt al yn de sikeauto en him op allerhande toeters en bellen  oanslúten. Ien fan dy mannen kaam by har en frege: ‘Geane jo mei?’  ‘Ja,’ sei se ‘ik kom!’ 

 

Etie Pasma 

Stiens 8-2023