Algemeen
Column Etie Pasma: Earst kofje!
Hinke, in frijfaam fan tsjin de tritich, wurke op in notariskantoor yn de stêd. No, oan it ein fan it jier, wie der sa ‘n soad oan- en ferkeap fan húzen dat se it smoardrok hienen mei de akte’s dy dêrfoar klear makke wurde moasten. De baas frege dêrom of sy en har kollega Trynke wat jûnen oerwurkje woenen. Mar de froulju sieten sels ek krap yn de tiid, want se spylen beide yn it orkest dat op twadde krystdei in krystkonsert hie. Op woansdei 22 en tongersdei 23 december wienen derfoar ekstra repetities dus foar de baas bleau der allinnich de moandei- en tijsdeitejûn oer, mar dy wie dêr bliid mei! Nei twa lange dagen op it wurk wie it woansdei-te-jûn tiid foar de repetitie. Dat gie lykwols net sa bêst en Evert, de dirigent, wie dêr min oer te sprekken. Se krigen, nei ôfrin, dan ek de opdracht om thús harren party goed troch te nimmen. Elk beloofde dat en die dat ek!
Mar och hea, hoe se har bêst ek dien hienen it hearde dy jûn nearne nei. Evert hie no echt de pest yn, waard koartôf, sei dat de fioelisten oan it seagjen wienen yn pleats fan oan it striken en de fluitspylers moasten werom nei de skoallebanken, want telle koenen se net mear! De sfeer waard der net better op en men wie dan ek bliid dat it skoft wie. Elk gie mopperjend nei de bar om kofje, mar Evert bleau by de piano sitten. Omdat Hinke wol aardich mei Evert oer wei koe, frege Joukje, ien fan it bestjûr, om mei him te praten en him wat del te bêdzjen. Se suchte, mar helle twa bakjes kofje oan de bar, tovere har moaiste glimlach op it gesicht, stapte op him ôf, joech him de kofje en gie neist him sitten. Hy seach har oan en frege: ‘Werom krij ik kofje fan dy?’ ‘Dat is,’ sei se mei in stielen gesicht, ‘omdat ús mem altyd seit, dat it nei de kofje better giet!’ Hy skodde de holle en seach har frjemd oan. Om wat mear op syn gefoel te wurkjen lei se in hân op syn skouder en sei: ‘Toe je, doch no mar wat ús mem seit, dan giet it fêst better en no sil ik it folk ophelje.
Evert begûn oan syn kofje en Hinke rûn nei de bar, mar seach noch krekt dat Trynke en Joukje fuort stoden. Se moast laitsje om dy nijsgjirrige Aagjes. Se hienen fansels sjoen dat har hân op syn skouder lei! No ja, se moasten der mar fan tinke wat se woenen! Omdat Hinke wist dat Evert in goed gehoor hie, lei se in finger op har lippen en sei: ‘Allegearre de kofje op? Dan geane we der wer foar!’ As it no troch de kofje kaam of net, mar alles gie better nei it skoft. Doch fûn Evert dat se de 24ste december noch wer efkes oefenje moasten. Hy seach om him hinne en syn eagen bleaune stean by Hinke. Dy skodde de holle. ‘Net mei iens?’ frege er. ‘Nee Evert, it wie no goed en as wy thús ús partij noch in kear troch spylje dan moat it goed komme! Mar… regelje wol dat we foar it konsert kofje krije, want echt, dat skeelt in slok op in borrel!’
Fan de orkestleden krige se applaus en sawol Evert as it bestjûr stemde dêr mei yn! Wylst se de jas oan die hearde se yniens efter har: ‘Wat bin dyn plannen foar de komende dagen?’ Se skrok fan Evert syn stim en har hert slûch yniens wat hurder mar úterlik kalm sei se: ‘Moarn nei de krystnachtfiering yn it doarpshûs, earste krystdei nei myn âlders en de twadde krystdei earst útsliepe en dan nei ús konsert.’ Trynke en Joukje wienen tichterby kommen en harken mei sân pear earen. ‘Dan mar gesellige dagen!’ sei er! ‘Do ek Evert!’ rôp se him nei. En dy middei fan de twadde krystdei? Doe gie it foar wunder en dat kaam, neffens Hinke, omdat se earst in bakje kofje hân hienen. Sawol de drege stikken, as de “Christmas Carols” mar ek de bekinde lieten dy men meisjonge mocht. Ek oan it ein, waard it “Ere Zij God!” út folle boarst songen! Mei in tefreden en goed gefoel rûn Hinke, mei Trynke en Joukje, nei de garderobe. En wer, wylst se de jas oan die, hearde se Evert syn stim dy sei: ‘It gie mar bêst, mei troch jim mem har kofje! Sille wy dêr no ien op drinke, Hinke?’ En ek no wie se wer goed yn it betinken fan in ferlegje, want samar sei se, wylst se nei de beide froulju wiisde: ‘Dat is no spitich Evert, mar ik soe mei dizze froulju út iten!’ Evert seach nei de froulju en gelokkich, dy knikten beide! Doch fûn Hinke it wol wat sneu en dêrom frege se: ‘Mar Evert, dat drankje fan dy, hâld ik dat te goede, yn ‘t nije jier?’ ‘Jawis, dat is best en dan no noch mar in gesellige jûn!’
‘Do ek Evert!’ Evert waard wei yn de dûnkere nacht en de trije froulju bleaunen efter. Se fûnen it in goed plan fan Hinke om út iten te gean, mar wêr soenen se hinne? Ek no kaam Hinke wer mei de oplossing, se sei: ‘Dêr ha we it drekst oer, mar we drinke hjir earst noch in bakje kofje!’
Etie Pasma, Stiens 2023
Oan it ein fan dizze krystcolumn winskje ik jo, ek namens myn man, alfêst fijne krystdagen en folle lok, seine en sûnens foar 2024!
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december