Algemeen

Column Etie Pasma: De Timmerbaas

Arjen, dy in timmerbedriuw hie yn it doarp, bouwde dêr in stikmannich nije húzen. It wie moai dat de húzen foar de winter wyn en wetter ticht wienen, sadat de arbeiders fan binnen troch awesearje koenen. It wie wol kâld yn dy húzen, mar der koe wurke wurde en troch hurd te wurkjen waarden se wol waarm. Op 23 december wienen de arbeiders de moarns noch oan it wurk en oan it ein fan de moarn brocht hy de mannen in krystpakket en winske harren goede feestdagen. 

(in ynkoarte ferzje út myn nije krystboekje)

De mannen hienen dit jier no fierder frij, mar Arjen net. Syn wurk begûn wer yn de krystnacht as hy mei it korps in rûntsje troch it doarp makke. Omdat âlde musykanten dat ein net rinne koenen siet it Korps op in plattewein en in trekker brocht har nei alle hoeken fan it doarp om dêr krystferskes te spyljen. Se wienen oankommen by de nijbou, mar dêr wenne net ien en hoechden se net te spyljen. Se rieden dêr wol lâns, want der wie in oanslúting makke mei in oare kant fan it doarp. De trekker sette de gong der yn en omdat se de wyn dêr út earste hân hienen krupten de spylers ticht tsjin mekoar oan. 

Ien rôp:‘Héé,Timmerbaas, hast fergetten it ljocht fan ien fan dyn húzen út te dwaan!’  ‘Wat?’ rop er werom. ‘It ljocht is noch oan yn dat iene hûs!’ Arjen gie rjochtop sitten, mar seach neat, se wienen te fier fuort. Aanst mar ris sjen, tocht er! Oan it ein fan de tocht stoppen se by it doarpshûs en dêr hie Fokke, de frijwilliger, de waarme sûkelarjemolke klear. Lekker, nei sa ‘n kâld ritsje en elk waarme de hannen oan de hite beker. Ien sei:‘Jou my in skeutsje jenever Fokke, ik bin sa kâld as in bok!’  ‘Dan witst sto net folle fan bokken, want dy binne net kâld, mar gleon hyt.’ sei er. Guonnen laken en oaren skodden de holle oer sok núver praat, mar elk wie kâld en woe ek wol in drankje ha. Sa waarden se lekker waarm. Doe de sûkelarjemolke op wie gienen se oer op allinnich drank. It waard letter en Fokke hie syn nocht, hy woe op bêd en sei: ‘Dit is it lêste rûntsje, no ôfrekkenje, ik gean ticht!’ Se rûnen net mear like rjocht, mar elk kaam goed en wol thús, sa ek Arjen, de Timmerbaas. Hy hie ek goed preaun en tocht net mear oan de nijbou húzen, mar krûpte thús op bêd efter de waarme rêch fan Nynke, syn frou. Healwei de nacht moast hy der út en doe kaam him wer yn it sin dat it ljocht noch oan wie yn ien fan de nijbou hûzen. Hy woe der drekst hinne, want je wisten nea wat foar folk der nachts op in paad wie. Der stie ek noch al wat ark yn dy húzen en dat woe er net kwyt! Hy seach nei Nynke, sy sliepte. Sûnder leven te meitsjen klaaide er him oan, gie nei ûnderen, pakte de fyts en gie nei bûten.  It hie snijt en wie gliisterich op ‘e dyk dus fytske er foarsichtich nei de nije húzen. Dêr brânde nearne ljocht, mar foar de wissichheid gie er by de hûzen lâns en fielde as de doarre op it slot wienen. By it ien nei lêste hûs wie de doar net op slot. Wylst er de doar iepen die hearde er sêft in berntsje gûlen. Hy knipte syn bûslampe oan, gie de keamer yn en seach in frou mei twa berntsjes oer de grûn sitten. Se hie in grouwe tekken om harren hinne slein. Hy skrok dêrfan en frege: Wat sil dit?’   ‘Sorry sir, no place to go!’

Arjen seach nei har en hie begrutsjen! Hy tocht oan dy oare trije minsken, goed twa tûzen jier ferlyn. Foar harren wie der doe ek gjin plak! En no wienen der trije minsken yn dit kâlde hûs, se koenen hjir wol ferklomje! Dit kin net en mei net, tocht er en hy sei: ‘Come with me, come!’

Bûten lei der mear snie en doe de frou, mei de poppe op ‘e earm, bewuolle yn de tekken en hy, mei it oare berntsje efterop de fyts, troch it doarp rûnen, hearde hy it bysûndere, knerpende lûd fan fuotstappen yn de farske snie! Dat fielde betroud en goed! Thús brocht er har yn de waarme keamer en gie boppe, neist Nynke, op bêd sitten en aaide har oer de holle, oant se wekker waard.  ‘Arjen,’ sei se ‘wat is der?’  ‘Nynke, kinst my ek helpe?’  ‘Jawis jonge, mar wat is der?’  ‘It is kryst leave,’ sei er mei oandiene stim ‘en ús hûs is hjoed in herberch!  Nynke wie no goed wekker en sei: ‘Ik snap net wêr sto it oer hast, bist dronken?’  ‘Nee, nee, wier net! Mar hjir ûnder binne trije minsken by ús yn ‘e hûs!’  ‘O jaaaa? Hoe kin dat no?’  ‘Dat is in lang ferhaal, dat sil ik dy letter wol fertelle, mar wolst my no earst helpe?’  ‘Ja, ik sil dy helpe!’ sei se, die de klean oan en gie mei him nei ûnderen. En dêr, midden yn dy krystnacht, waard waarm drinken en iten klear makke en krigen in mem en har twa berntsjes in plakje yn de útfanhûzers keamer fan Arjen en Nynke, dy altyd klear stie foar de bern en pake- en beppesizzers.  

‘Hoe it letter allegearre komt,’ sei Arjen doe se wer op bêd leinen ‘dat wit ik net, mar dizze kryst- en nijjiersdagen soargje wy foar in waarm plakje foar dizze trije minsken, okay? ’‘Jawis, dat dogge wy!’ sei Nynke en gappe!

                Etie Pasma

No alfêst winskje ik jo, 

ek namens myn man, 

goede feestdagen en folle lok, 

seine en sûnens foar 2025.