Algemeen

Column Etie Pasma: Alde Sije

Op de neimiddei troffen Jelke, Styntsje en lytse Sije de âld man hiel oars oan en al hie de suster dat dy moarns al sein, doch wie dat in ferrassing. Hy lei net mear op bêd, mar siet yn de kjessens en sei monter: ‘Fijn, dat jim der binne!’ Jelke wie bliid syn heit sa te sjen en sei: ‘Heit liket in stik better as juster.’

‘Ik fiel my ek better, al docht myn holle noch wol sear, dêr moatte se dan ek net oankomme en myn earm kin ik neat mei fansels, mar fierder fiel ik mei wol goed.’ ‘Dat is moai, mar soe heit dan miskien moarn wol mei de plysje prate wolle?’ ‘Jawol, se meie wol lâns komme want it folk dat my dit oandien hat moat net te lang frij rûn rinne!’ Jelke skille, op ‘e gong, dit troch oan resjersjeur Doede Wytsma en dy sei ta de oare deis del te kommen. ‘Hâld it noch wol in bytsje rêstich, want hy is noch mar krekt oansprekber!’ hold Jelke him foar en dat sei de man ta.  Doe er wer werom kaam wie lytse Sije in synappel foar pake oan it klear meitsjen en dy iet der lekker fan. Sa reisgen se letter, bliider as dat se kommen wienen, werom nei Marrum, mar fersoargen yn Hijum earst de katten noch.

Haadstik 16.

De oare moarns, rûn kofjetiid, waard der yn it sikehûs op âlde Sije syn keamerdoar kloppe. Dat hie er noch net earder meimakke want alle dokters en susters rûnen by him yn en út. Hy seach nei de doar en wachte op wat der barre soe. Stadich gie de doar iepen en seach er in man dy ‘t er net te plak bringe koe. De man knikte en sei: ‘Goeie, binne jo Sije Boskma út Hijum?’  ‘Ja, al hielendal.’ ‘Dan bin ik te plak. Ik sil my efkes foar stelle, myn namme is Doede Wytsma en ik bin fan de rezjersje, sis mar fan de plysje en ik soe jo wol in pear fragen stelle wolle. Soe dat kinne?’ ‘Ja, dat kin wol.’ Wytsma pakte in stoel, sette syn tillefoan op opnimmen en sei: ‘Ik hoopje dat jo my wat fertelle kinne oer wat der in pear dagen ferlyn by jo yn Hijum bard is. Lit ús mar by it begjin begjinne. Woansdei te middei is jo pakesizzer by jo west. Hoe gie dat?’ ‘No, lytse Sije hie in lekke bân en hy hat doe myn fyts mei krigen. Jelke soe myn fyts de jûns werom bringe en de oare ophelje en dêr de bân fan plakke.’ ‘Dat is dúdlik en doe? Wat ha jo doe dien?’ ‘Lit my efkes tinke. Ik lei op bêd en doe wie der ien by de achterdoar. Dêr skrok ik fan en ik wist net wa it wie, dus pakte ik de pook, dy foar soks ûnder myn bêd leit. Mar it wie lytse Sije en dêr ha we it al oer hân!’ ‘Ja, en wat barde der dêrnei?’ ‘Earst neat, ik wie krekt wekker en ha noch efkes yn de stoel sitten te bekommen.’ ‘En ha jo doe ek murken dat der in auto by jo it hiem opkaam?’ ‘Nee en dat wie ek sa net want fan ôf dy stoel kin ik ien it hiem op kommen sjen. 

In skoftke letter bin ik nei de keuken gien om tee te setten en doe ik dêr wie kamen der twa mannen yn.’ ‘Gelokkich dat jo dat noch witte, knap hear!’ ‘No ja sis, fansels wit ik dat, ik bin wol in âld man mar noch goed bij!’ ‘Jawis, dat is ek sa, mar doch goed dat jo dat noch witte.’  Sije seach him oan en tocht, do bist in sjerpslikker wol ‘k leauwe! Omdat er neat mear sei frege Wytsma: ‘En kinne jo my ek wat fertelle oer dy mannen?’ ‘Eh, even tinke, ja it wienen in lytsen en in grutten en dy iene, de lytse, hie in  kneppel yn ‘e hân. Se woenen jild ha en ik sei dat ik dat net hie en doe sloech er my op myn earm. Ik hearde him knappen. O man, wat die dat sear!’ en foarsichtich aaide er mei syn goeie earm oer de seare. ‘En wer frege er om jild en ik soe de beurs pakke út it tafelslaat mar dy pakten se ôf. Dy lytse woe mear ha, mar ik hie niks mear en no wit ik ek niks mear, allinnich dat ik wekker waard yn it sikehûs.’ It griep de âld man oan, want hy begûn te hymjen, mar Wytsma hie niks yn ‘e gaten, frege fierder en sei: ‘Hoe seagen dy mannen derút Boskma? Wienen se wyt of dûnker?’ ‘Se hienen swarte mûtsen op! Of net? Ophâlde, jo moatte ophâlde, ik ha pine yn ‘e holle!’ Wytsma skrok doe er nei de âld man seach. Dy wie sa wyt as sûpe, hold mei in hân syn holle fêst en hong no núver yn de kjessens, dêrom sei er: ‘Is goed hear, rêstich mar, sil ik de suster roppe?’ ‘Ja, myn holle docht sear en ik moat ek pisje!’ De resjersjeur drukte op it alarm knopke, gie der út, mar wachte yn de gong op de suster en fertelde har dat de âld man him net goed fielde. Alde Sije kreunde doe de suster by him kaam, dy joech him earst de flesse en frege de dokter om by him te sjen. Wylst er syn hân noch foar de holle hie krûpte er ûnder de tekkens. Wytsma wie ek fan slach en helle earst yn it restaurant in bak kofje. 

Hy fielde him skuldich en tocht oan de wurden fan Boskma syn soan, om it rêstich oan te dwaan. Dat hie er net dien en hy hope mar dat de âld man no net in tebeksetter krige.

Etie Pasma

Stiens 2024 (18)