Algemeen
Column Etie Pasma: Alde Sije (7)
De reserzjeurs hienen mei harke en wienen bliid dat syn heit der wer boppe op komme soe. Se vertelden wat sy fierder dien hienen, sa as fan de spoaren fan de autobanden in ôfdruksel makke, by ferskillende buorlju lâns west, wat neat opsmiten hie. Op allerhande plakken hienen se finger ôfdrukken fûn, wêr se ek ôfdrukken fan makke hienen. Ien fan de mannen woe no ek alfêst Jelke syn finger ôfdrukken ha en moarn noch dy fan syn frou en soantsje.
‘Kin dat moarn net, tagelyk mei dy fan myn frou en soan?’ frege er en dat wie gjin beswier. ‘Dan ha ik noch in fjremde fraach oan jo.’ sei ien fan dy mannen. ‘Kom mar op,’ sei Jelke.’ ‘Hawwe jo, of jo soantsje, hjir hjoed ek efterút west?’ ‘Efterút?’ ‘Ja, poept, dus!’ ‘No ja sis, dat is yndie in frjemde fraach! Mar nee, ik net en ús soan sil ik der moarn nei freegje! Mar hoe dat sa?’
‘No, wy ha by oare ynbraken ontlasting op it húske fûn dat net fan ien fan de bewenners wie. Dy poep, sis mar, ha wy ûndersocht op DNA en by oare ynbraken fûnen wy sa no en dan itselde. Omdat der hjir ek nochal wat restanten op de wc sieten ha we dêrfan in monster nommen! Wy tinke dat ien fan dy dieders it sa spannend fynt, dat hy der fan poepe moat! Dat sadwaande!’ ‘Tsjonge jonge, jim ha ek wol wat. No ja, as it mar helpt om de dieders te pakken.’ ‘It kin fansels ek fan jo heit wêze, mar dat sykje we wol út, mar Boskma, wolle jo no efkes sjen as der hjir ek wat mist?’ Jelke strúnde de kasten troch, mar wist net wat syn heit al of net hie en hy sei dan ek: ‘Ik wit it net!’ ‘En dy lade fan de tafel, dy stie iepen, wolle jo ris sjen of dér wat út mist?’ Hy murk drekst dat heit syn beurske derút miste en seach om him hinne as er it ek fine koe. En ja hear, heal efter de tafelspoat seach er him lizzen. Hy soe de beurs pakke mar de man, dy dat seach, rôp witte lûd: ‘OFBLIUWE!!!’
Jelke skrok en fearre wer oer ein. ‘Finger ôfdrukken, no!’ ‘Jawis man, sa gau net oan tocht, sorry hear!’ ‘Okay, mar misse jo oars ek wat? Sieraden fan jo mem of sa?’ ‘Nee, ik wit it net, mar myn frou makket hjir sa no en dan de boel skjin, wellicht mist sy wat. Witte jo wat, wy komme hjir moarnier wer en geane dan alles efkes nei.’ Sa praten se ôf.
De mannen fan de rezjerzje woenen it hjir hjoed mar by litte en fregen him de doarren op it slot te dwaan. Jelke sei dat ta, mar joech de katten earst noch wat iten en skjin wetter, aaide harren oer de kopjes en sei, heal yn himself: ‘Koenen jim mar prate!’ ‘Dat soe moai wêze en ús in soad wurk besparje, mar prate kinne se no ienkear net!’ reagearde ien fan de mannen dêrop. Jelke knikte en suchte. Nei ‘t er sjoen hie dat alle rúten ticht wienen die er de ljochten út, de doarren op slot en ried, efter de mannen oan, de Mieden út. Dêr gienen sy op Ljouwert oan en hy gie rjochting Marrum.
Hy sette er de auto op de oprit fan harren hûs, stapte út en op dat stuit sloech krekt de klok fan de âld Sint Godehardus tolve kear. Hy helle Sije syn fyts út de kofferbak, sette dy yn it hok en wylst er de auto op slot die seach er de pûde mei smoarge klean lizzen, pakte dy en joech it oan Styntsje dy al yn de efterdoar stie te wachtsjen en sei: ‘Heit syn klean, dy ha se my yn it sikehûs jûn. Se sille wol útwasken wurde moatte!’ sei er. ‘Ik sil se yn in amer mei wetter sette, mar jonge, bliid datst der wer biste! Wat wie dit wat net?’ ‘Ja, sis dat wol, mar hoe is it mei lytse Sije? Leit er al op bêd?’
‘Ja en hy sliept, ik ha krekt noch by him west.’ Nei ‘t se de wask yn it wetter setten hie kaam se yn ‘e keamer en seach Jelke dêr yn gedachten op in rûngear protsje op de bank sitten. Se frege: ‘Sil ik wat foar dy ynjitte?’ ‘Doch mar in Berenburchje, dan kin ik miskien aanst better sliepe.’ Se skonk foar harren beide ien yn, gie neist him sitten en sei: ‘Fertel ris jonge, wat witste oan no ta?’ Jelke fertelde en fertelde en fertelde mar! Hy rûn ôf as in wekker en it like wol as belibbe er alles wer op nij. ‘Mar Jelke,’ ûnderbruts se him mei opset sin, ‘hoe komt it moarn mei lytse Sije?’ ‘Hy moat moarn mar thús bliuwe, ik sil moarnier wol mei skoalle belje en it útlizze. Mar no wol ik op bêd, de dei hat lang genôch west en ik ha myn nocht!’ ‘Ja, ik ek!’ Tegearre gienen se de treppen op, mar op bêd woe de sliep, ek nei it Berenburchje, net komme. Se draaiden har fan de iene side op de oare en wer werom. Doch foelen se beide, lang om let, yn ‘e sliep.
Etie Pasma
Stiens 7-2023
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december