Algemeen

Column Etie Pasma: Alde Sije

Haadstik 12.

Nei in protte geskrep en nochal wat tillefoantsjes, om te sizzen dat se de komende tiid net folle thús wêze soe, kaam Eelkje om tweintich foar fiiven yn it sikehûs oan. Se hie om fiif oere mei Elske ôfpraat yn de hal en betocht dat se by de balie wol freegje koe wêr ‘t Pyt lei en him earst noch efkes besykje. Mar dat hie se net mei Elske ôfpraat en sa soenen se mekoar miskien mis rinne kinne, dus dat moast mar net!  Se seach om har hinne en har each foel op in reclame boerd mei in kopke kofje dêrop.  KOFJE!   Wat hie se dêr in sin oan. Se hie net folle mear hân nei ‘t Elske har belle hie en fielde har wat roppich. Se bestelde kofje en naam der in puddingbroadsje by.  Lekker! 

Elske seach har sitten, rûn nei har ta en sei: ‘Ha goeie, do bist moai op tiid.’  ‘Ja, mar hoe is it mei Pyt?’  ‘Wol aardich, mar hy switte wol wat. Ik tink dat er hjir wol in klap fan krigen hat, mar do kinst him wol efkes goeie sizze. Kom mar, hy wit datst hjir bist en ferwachtet dy fêst!’  Se rûn efter Elske oan en op seal seach se dat Pyt der yndie wat switterich mar ek wat opset útseach. Se begroette him en frege hoe it wie. ‘Wol goed je, ik moat rêstich oan dwaan, sizze se. No, dat moat dan mar! Mar Eelkje, fijn datsto no in skoftke by Elske komst. Sy hat it allegearre bewust meimakke. Ik net, ik wie yn ‘e sûs! En sy hat der foar soarge dat ik noch libje.’ Elske soe der tsjin yn gean, mar hy sei: ‘Ja, ja Els, ik wit it wol, dy jongens ha dy holpen, mar do naamst it foartou! Moast mar goed op har passe!’ sei er no wer tsjin Eelkje. Dy seach dat er trienen yn ‘e eagen hie en dat rekke har. Se beloofde dat se goed op Elske passe soe, winske him betterskip en mei in dikke tút op it wang naam se ôfskie en wachte by de doar oant ek Elske ôfskie nommen hie.

Haadstik 13.

Mei har trijen rieden Jelke, Styntsje en lytse Sije út it sikehûs wei nei Marrum. De katten hienen har gerak hân en koenen har wol oant moarn ta rêde. Styntsje begûn mei it waarm miel klear te meitsjen, Sije skille mei ien fan syn skoallematen foar it húswurk en Jelke begûn oan Sije syn fyts, wêr ‘t de bân noch fan plakt wurde moast. Styntsje hearde nei de ferhalen fan Sije. Syn freon woe fansels alles witte oer de oerfal. Se hearde him sizzen: ‘Ik sil dy wol fertelle, ik woe dat ik in bytsje letter west hie, dan hie ik der by west doe dy boeven kamen en dan hienen pake en ik bêst fan ús ôfslein. Mar pake koe allinnich net op tsjin dy twa!’  Styntsje snapte de jonge wol, hy hie begrutsjen mei pake en hie it sa foarkomme wollen, mar it wie de fraach as se dat rêden hienen tegearre. Sy wie bliid dat hy der net by west hie en gjin klappen oprûn hie. Se sei tsjin Sije dat it iten klear wie en dat er ophâlde moast mei beljen en syn heit roppe moast. 

Doe se it iten op hienen gie de tillefoan. ‘Pak do him mar,’ sei sy tsjin Jelke dan waskje Sije en ik ôf.’ Jelke hearde in frjemde stim. It bliek dûmny Damsma fan de Hijumer tsjerke te wêzen, dy woe witte hoe it mei syn heit wie. Jelke fertelde hoe se him hjoed yn it sikehûs meimakke hienen en dat de dokters tochten dat er wol wer better wurde soe, mar dat it syn tiid ha moast. Dûmny sei dat er wol ris wer belje soe en dat er, as Boskma besite ha mocht, him opsykje soe yn it sikehûs. En hy moast him foaral de groeten dwaan en betterskip en sterkte tawinskje. Jelke sei dat er it oerbringe soe en bedankte him. 

It wie rêstich wurden bij Jelke en Styntsje yn ‘e hûs. Sije makke boppe syn húswurk en Styntsje brocht Jelke in twadde bakje kofje. Hy pakte har by de earm en frege: ‘Hoe is it?’  ‘Wol goed, mar ik wol jûn net let op bêd.’  ‘Dan gean ik mei, want ik ha ek noch wat te goede no?’  ‘O ja, dat is sa, hast dêr sin oan?’  ‘Ja, do net?’ 

Op dat stuit gie de tillefoan wer. Sy skrokken beide. Jelke seach “privé” op de nûmermelder stean liet dat oan Styntsje sjen en tagelyk seinen sei: ‘It sikehûs?’ Senuweftich sei Jelke syn namme en hearde: ‘Mei Doede Wytsma, resjerzje Ljouwert.’  ‘Jo litte my skrikke, mar is der nijs?’  ‘Nee, dat net, de útslagen moatte noch binnen komme. Mar hoe is mei jo heit, kinne wy hast mei him prate?  Jelke sei dat soks noch te gau wie. Wytsma frege as hy noch wat fertelle of freegje woe. Jelke sei: ‘Ik ha allinnich in fersyk. Wolle jo ús jûns sa let net mear belje, want as wy in privé nûmer sjogge dan skrikke wy en tinke dat der wat mis is mei myn heit. Sadwaande!’

De man ferûntskuldige him en sei dat er jûns net mear belje soe!

Etie Pasma

Stiens 2024 (14)