Algemeen

Column Etie Pasma: Alde Sije

Haadstik10

Yn it sikehûs skrok Jelke fan it skeinde gesicht fan syn heit. Hy wie no folle blauwer om ‘e holle en ek mear opset. It foel Styntsje net ôf, want dat wie dy moarns ek al sa, doe se dêr mei de jonge wie. Alde Sije murk dat der minsken by him stienen, die de eagen in bytsje iepen en seach nei harren. Lytse Sije murk it en sei: ‘Hoi pake, ik bin hjir mei heit en mem en we moatte pake de groeten dwaan fan in man út Hijum. Hoe hiet dy ek al wer mem?’  

‘Tsjebbe!’ sei Styntsje.  Alde Sije flústere wat. Jelke ferstie it net en frege: ‘Wat seit heit?’  ‘Wylde Tsjebbe!’  ‘Ja, dy wie it. Wat in frjemde man, hy fytst noch altyd like healwiis, mar wy moasten heit de groeten fan him dwaan en jo betterskip winskje. De âld man beweegde de holle in bytsje, wat like op in knikje. ‘Pake,’ sei de jonge no, ‘ik pas op de katten hear, salang pake yn it sikehûs leit. Ut skoalle wei jou ik se iten en wetter. Dat is goed no?’  ‘Ja!’ sei er en die de eagen ticht. Se murken dat er wurch wie en dêrom namen se ôfskie want allinnich rêst soe him better meitsje kinne. Jelke joech syn heit ta ôfskie wer in tút en sei: ‘Doech heit, aanst lekker sliepe, moarn komme we wer!  Alhoewol it him fêst sear die, oan syn skansearre holle, lei der wol in lyts glimke op syn gesicht.

Haadstik 11

Nei ‘t de mannen fan de resjerzje alles wat Marten fertelde opskreaun hienen, gienen se werom mei dit nijs nei it haadburo. Dêr waard alles trochpraat troch ferskillende resjerzjeurs en twa krigen de opdracht om by de huzen yn de Súdermieden fan Hallum rûn te freegjen as se ek wat sjoen hienen. Ek moasten se yn Bartlehiem en Burdaard sjen en dan wer op it buro komme, foar in evaluaasje. Yn de Sudermieden hie, al wie it de rûte fan Wylde Tsjebbe net, de tam-tam syn wurk dien. Men wist fan de oerfal op Alde Sije en omdat se him goed koenen sprutsen se der mei ôfgriizen oer. No krigen se, dêr bûtenút, net faak minsken oer de flier dus de mannen wienen tige wolkom en waarden drekst yn ‘e hûs nûge. Elk woe witte hoe it op en ta gien wie, mar foaral ek hoe it no mei him wie. Mar dêr kamen de mannen net foar en as dy murken dat men neat nijs fertelle koe wienen se gau wer fuort. Nei’t se de huzen oan de Súdermieden hân hienen rieden se fia Bartlehiem nei Burdaard.  Yn Burdaard wie in kamping en ek dêr seagen se efkes, mar dy lei der ferlitten by.  Wol wie der by de brêge ien oan it fiskjen en se rûnen nei him ta. Hy seach har oankommen, kaam oerein en taaste mei syn hân ûnder syn jas. De mannen wisten net wat er dêr wei helje woe. It koe foar it selde jild in wapen wêze, dêrom wienen se op har iepenst en bleaunen stean. It foel gelokkich ta want hy begûn mei in papier te swaaien en rôp: ‘De wetterplysje tink? Jim hienen net op in better momint komme kinnen, want ik ha juster krekt in fiskakte kocht. Dêr ha ik no gelok mei want jim bekeuringen binne net om ‘e nocht! Wolle jim him sjen?’ De reserzjeurs hienen fan skrik de siken ynhâlden, mar hellen no ferromme adem en de iene sei: ‘Née, dêr komme we net foar, bergje dy papieren mar wer op!’  ‘Werom binne jim hjir dan, as ik freegje mei.’  ‘Omdat der juster in oerfal yn de Hijumermieden west hat en dy oerfallers binne nei de tiid dizze kant op gien yn in blauwe auto. No freegje wy ús ôf as jo hjir juster ek sieten te fiskjen en as jo dy auto doe ek foarby kommen sjoen ha.’  ‘In oerfal yn Hijum? No je, je soenen sizze, is dêr wat te heljen?’  ‘Dat soe ik net witte, mar ha jo ek wat sjoen?’  ‘Nee wis net, ik sei ommers al dat ik juster om in fiskakte fuort west hie. Ik wie hjir juster net!’  ‘Dan geane wy wer, it bêste en goeie vangst.’ De man groete werom en de beide mannen rieden op nei Ljouwert. ‘Hienen wy ús sa foarnommen om ús net úthearre litten, mar dy fisker wie ús te slim ôf!’ sei de sjauffeur. ‘Makket neat út, hy fertelt it wol fierder en sa komt in oar miskien wat yn it sin!’ Op it buro fûn Doede Wytsma, it haad fan de resjerzje, it spitich dat de besites oan de Sudermieden niks opsmiten hienen. De opdracht wie no om op de internetside fan stellen auto’s te sykjen nei in stellen blauw-griene VW polo. Miskien dat se wat fine soenen. En dan wie it wachtsjen no op de útslach fan de fingerôfdrukken, de spoaren fan de autobannen en de restanten dy dêr op it húske fûn wienen. Dy koenen no elts momint binnen komme en dêr woe hy dan drekst fan op ‘e hichte brocht wurde! 

As lêste fertelde hy dat hy dy jûn skilje soe mei de soan fan it slachtoffer.  Foarst om te freegjen hoe it mei syn heit wie en as se hast mei him prate koenen, mar ek om te fertellen hoe fier se mei it ûndersiik wienen, al wie dat noch net sa botte fier!

Etie Pasma, Stiens 2024 (13)