Algemeen

Column Etie Pasma: Alde Sije

Tsjebbe jage mei in rotgong werom nei it doarp en rôp tsjin elk dy ‘t er tsjin kaam: ‘Der is ynbrutsen by Alde Sije. Se ha him op ‘e kop slein en no leit er yn it sikehûs!’ Alhoewol de Hijumers net wei wienen fan Tsjebbe syn praatsjes en meastal seinen: ‘Ja Tsjebbe, no witte we it wol, gean mar fierder!’ wie dat no oars, want elk woe it fijne der fan witte. Tsjebbe wie in frjemd man, net allinnich dat er wyld fytste, hy seach der ek sa út, mei syn lange vette bosk hier en syn bolle eagen dy je betiden fûl oansjen koenen. Foaral de bern hienen it net op him stean en krûpten fuort efter mem as er te ticht by kaam. 

De Hijumers wienen ferslein troch dit bericht en koenen net begripe dat soks yn har doarp bard wie. Der wie wol earder yn it doarp ynbrutsen, mar dat ien der letsel by oprûn hie, nee dat hienen se noch nea meimakke!  Men frege him hoe it no mei Sije wie, mar dat wist er net dus sei er: ‘Letter, ik moat no wer fierder.’ Hy fleach binnentroch oer it skulpe paadsje op nei Feinsum. Op healwei stie in spultsje fan Harke Bylsma, dy’t krekt yn ‘e tún dwaande wie. Tsjebbe seach him, stie boppe op ‘e rem, dy der fan pipe en rôp: ‘Hast it al heard Harke? Se ha juster alde Sije de harsens ynslein en no leit er yn it sikehûs!’ Omdat er it moai-er hearren fûn feroare hy it ferhaal sa no en dan wat, mar dat wie elk wol went. Ek Harke wist dat it Tsjebbe wie dy it fertelde, dêrom frege er: ‘Fan wa wisto dit Tsjebbe?’  ‘Fan Styntsje’ syn skoandochter dy wie dêr oan it oprêden.’  Harke koe har wol, hy hie jierren ferlyn noch op de trouwerij west fan Jelke en har, dus dan soe it fierhinne klopje, tocht er.  ‘Do makkest my bot kjel Tsjebbe jonge, dit is net te begripen. We sille hoopje dat de âld man der wer boppeop komt. Mar ik moat dit mar efkes oan dûmny fertelle dan kin dy ris by him sjen!’  ‘Jawis, dûmny moat it ek witte!’ sei Tsjebbe en jage fierder, op nei Feinsum.  Harke seach him nei en tocht, in wûnder dat hy noch net troch dy âld fyts sakke is.  Yn ‘e hûs joech er troch dat er noch fuort moast en gie op ‘e fyts nei dûmny Damsma, dy yn Feinsum wenne. As tsjerkeriedslid fûn er dat syn plicht. Doe er lykwols by dumny kaam wie dy al op’e hichte. Tsjebbe wie him foar west!

Op ‘e weromreis betocht er dat er bêst efkes by Sije syn hûs sjen koe. Miskien wie dêr ien dy him wat mear fertelle koe. Yn de Hijumer Mieden kaam him in auto yn ‘e mijtte, hy stapte ôf, gie oan ‘e kant en seach, yn it foarby gean, dat it Jelke en Styntsje wienen, mar hy wie te let om har oan te hâlden en wat te freegjen. Op Sije syn hiem stie in witte auto en der rûnen twa mannen om. Hy gie op har ta en sei: ‘Goeie! Wa binne jim?’  ‘Resjerzje en wa binne jo?’ sei de iene noartsk. ‘Harke Bylsma, in goeie kennis fan Sije. Witte jim ek hoe it mei him is?’  ‘Dêr kinne wy jo neat oer fertelle!’  ‘O, no dan gean ik mar wer. Goeie.’ 

Marten Sybesma kaam de Mieden del op de trekker. Harke stapte ôf. Marten bliuw by him stean en frege: ‘Hast by Sije syn hûs west?’  ‘Ja, dêr wienen twa plysjemannen, mar dy koenen my neat fertelle!’  ‘O, mar ik ha har wol wat te fertellen, want ik ha dêr juster in auto stean sjoen en dat moatte se al witte!’  ‘Jawis, dat sille se ek wol graach witte wolle, mar gau der hinne!’  Marten sette de trekker yn de wâl en rûn nei Sije syn hûs. De mannen kamen op him ôf en de iene frege: ‘Wat moatte jo hjir? Wy, no!  Binne jo altyd sa aardich?  It is dat ik dit foar Sije doch oars gie ik yndie wer fuort. Mar ik ha nijs foar jim, want juster doe ik dêr op it lân oan it wurk wie, seach ik hjir in auto stean. Ik tocht dat jim dat wol witte woenen!’ De man bûn yn en noege him út om by harren yn de auto te kommen. Hy moast syn namme en adres opjaan en se fregen op welk stik lân er dwaande west hie. Marten fertelde, dat er om trije oere hinne op it lân wie en doe hie er hjir in auto sjoen. Nei sa ‘n tweintich minúten stapten dêr twa manlju yn en dy rieden richting Hallum. Wer letter rieden se de súder Mieden del, op nei Bartlehiem!’  ‘Witte jo ek wat foar merk auto it wie en it kenteken?’  ‘It wie it in VW Polo, dat wit ik sa goed as seker want ús dochter hat krekt sa’n, mar in kenteken, nee, dat wie te fier fuort!’ ‘En de kleur fan de auto?’ ‘Blau!’ ‘Ljocht- of dûnkerblau?’ ‘Deselde kleur as myn trekker!’ ‘Dat is blau-grienich net?’   ‘Ja, dat wit ik net hear, ik ha gjin ferstân fan kleuren, foar my is it gewoan blau! Mar werom meitsje jim net in foto fan ‘e trekker, dan witte jim it krekt!’   ‘Goed idee!’ sei de man. Wol núver, tocht Marten, dat ik dy mannen fertelle moat wat se it bêste dwaan kinne!