Algemeen

Column Etie Pasma: Alde Sije (26)

Op sneontemoarn, fan 10 oant 12 oere, wie it besyk oere yn it sikehûs en Jelke en Styntsje soenen dêr dy moarns hinne om syn heit te fertellen oer wat se no wisten fan de dieders. 

Lytse Sije woe mei, mar hy moast in wedstriid fuotbalje by ‘vv Marrum’ en dat koe no, op it lêste momint, net mear ôf sein wurde. ‘Se rekenje op dy.’ sei Jelke. Sije snapte dat wol, mar hy hie graach mei nei pake wollen. 

Doe se yn it sikehûs by syn heit op seal kamen siet dy op bêd te krantlêzen en twa fan syn sealgenoaten sieten by de tafel. ‘No is’t ek wat,’ wie it earste wat er sei doe er har seach, ‘de trije mannen by my op seal meie nije wike alle trije nei hûs en dat muoit my, want we ha it hjir gesellich. Fansels is it moai foar harren, mar net foar my, want ik moat mar ôfwachtsje wa der hjir by my op seal komme.’  ‘Dat kin ik my wol foarstelle, mar ik tink dat heit hjir de langste tiid ek wol west hat.’   ‘O ja? Tinkst dat? No dat soe moai wêze! Mar werom binne jim hjir sa betiid en wêr is lytse Sije?’  ‘Sije moat fan ‘e moarn fuotbalje!’   ‘O, mar hoechst do dêr dan net hinne? Ik wie der altyd asto yn Hijum kuorbalje moast by MNenW.’   ‘Ja, dat is ek sa. By “Mei Nocht en Wille” wat wie dat in prachtige tiid!  Mar heit, no efkes wat oars, want wy ha nijs en dêrom binne wy hjir.’   

‘Ik harkje!’  

Jelke skode wat tichter nei him ta, sa dat de oaren it net hearre koenen en sêft sei er: ‘Wy ha justerjûn besite hân, fan twa reserzjeurs.’ Alde Sije hie yn ‘e gaten dat dit wichtich nijs wie, sette syn goeie hân efter it ear en flústere: ‘En?’   ‘Se ha de dieders!’   ‘Jonge noch ta, dat is moai! Bekinden?’   ‘Née!’  

De doar gie iepen en reserzjeur Wytsma kaam der yn. Hy seach it lege bêd en de twa mannen by de tafel, gie nei har ta en frege: ‘Is Sietsma der net?’  ‘Nee, dy is nei it restaurant om kofje, mei syn frou en skoansuster.’

‘Dêr ha we de plysjeman!’ sei âlde Sije yniens.  

It wie as waard Wytsma stutsen, sa hurd draaide er him om, seach de âld man, mei Jelke en Styntsje by syn bêd en sei: ‘De famylje Boskma. Goeiemoarn! Dus jo lizze hjir no! Dat is gâns geselliger, liket my.’   ‘Ja seker, mar ik hearde krekt it goede nijs fan myn soan!’

‘Jawis, dat is ek sa, mar ik kom hjir eins foar de famylje Sietsma, mar dy binne hjir no net. Ik sil se ophelje en dan tagelyk mei jimme en mei harren prate. Momintsje!’ 

‘Wat hat dit te bestjutten?’   ‘Ja heit, dat wit ik ek net, mar we sille it drekst wol hearre.’  ‘Is dizze man justerjûn by jim west?’   ‘Ja!’   ‘O, mar wat dat mei Pyt en Elske te dwaan hat, snap ik net!’’

As Pyt, Elske en Eelkje mei de reserzjeur wer op seal binne freget Wytsma, oan de mannen by de tafel, as se wol efkes earne oars hinne gean wolle. Pyt seit lykwols dat it om him net nedich is omdat sy wol witte fan de mannen fan de kamping. 

Wytsma sjocht nei Boskma en freget: ‘Witte dizze mannen wêrom jo gesicht sa skeint is en jo earm brutsen?’  ‘Nee, mar ik tink dat it iene mei it oare te dwaan hat, dus lit se dêr mar sitte, dan hoege wy it har aanst net te fertellen!’

‘Hoe fier binne jo Boskma?’ freget er oan Jelke. ‘Dat jim witte wa de dieders binne!’  ‘Moai dan begjin ik no!’

Pyt en Elske mar ek Jelke en Styntsje sieten elk oan in kant fan alde Sije syn bêd. De reserzjeur stie op it fuottenein as er útein set.  ‘Dit ferhaal is foar beide famyljes heal om heal bekind, mar ik begjin mar by it begjin. 

By de hear Boskma is fiif dagen ferlyn ynbrútsen en dy mannen ha him slim tramtjearre, sa jim wol sjen kinne. It wie harren te dwaan om jild, goud en sulver-spul. Omdat de hear Boskma sei dat er dat net hie, woenen se him ûnder druk sette, ha se him mishannele en bewusteleas slein. Dêrnei ha se syn hûs trochsocht en allinnich sulveren leppeltsjes en sa fûn en dy meinommen. Ik tink dat it frou Sietsma no al wat begjint te daagjen?’  Elske siet mei ôfgriizen te harkjen,  hie de hân foar de mûle en sei: ‘Nee man, net echt! It is ferskrikkelik wat der mei jo bard is Boskma, mar dat kinne dizze jongens net west ha, want dy wienen sosjaal en ha Pyt rêden fan de dea!’ ‘Ja frou Sietsma, dat tochten wy ek, mar de fingerôfdrukken, it DNA, mar boppe al de leppeltsjes, dy we yn de karavan fûn ha, sizze wat oars!’ λ

Etie Pasma

Stiens  (26)

It boekje oer Alde Sije, ‘Oerfal op de Hijumer Mieden’ is te bestellen op tillefoan nr. 0613783818.