Algemeen
Column Etie Pasma: Alde Sije (23)
Tsjebbe wie bot skrokken, foarst omdat der mei in rotgong in plysjeauto it hiem fan âlde Sije opkommen wie, wylst hy dêr rêstich siet te wachtsjen. Dêrnei, dat der út dy auto twa kleankasten fan kearels op him ôfkamen en him oansprutsen as wie hy in krimineel.
Mar dat se him no ek noch drigen op te pakken en yn de gefangenis te smiten dat sloech alles. Hy wie der stil fan wurden en omdat hy neat sei rôp dy plysjeman noch in kear en no mei stimferheffing: ‘Begrepen?’
Tsjebbe wie lyts man wurden en sei ûnderdienich:‘Ja menear!’ ‘Moai, en dan no as de donder fuort wêze!’ Tsjebbe pakte syn fyts, plofte op it sadel, mar gie net fuort. ‘No, sil it noch wat wurde, fuort wêze en gau!’ Alhoewol hy bang wie, bleau er doch stean, wiisde nei Jelke en sei: ‘Ja mar…, ik moat noch fan him witte hoe it mei âlde Sije is, oars kin ik dat net fierder fertelle.’ De plysjeman joech Jelke in teken om dat mar te fertellen. Mei it boadskip dat it stadichoan wat better gie, trape Wylde Tsjebbe, krekt like healwiis as altyd, de Mieden út, op wei nei syn adreskes. Fansels soe hy der by fertelle dat de plysje him oppakke en yn de gefangenis smite woe, omdat hy op it “plaats delict” west wie. Foaral de wurden “plaats delict!” wienen geweldich, wat der yn syn ferhaal beslist net ûnbrekke mocht! Jelke frege noch as der ek nijs wie oer de oerfal, mar nee, dan moast er echt by harren baas, reserzjeur Wytsma, wêze. Wol wienen se bliid dat dizze frjemde man gjin kwea yn it sin hie en boppeal dat it better gie mei syn heit! Harren wurk siet der op, se rûnen nei de auto en kamen Styntsje en lytse Sije tsjin. De iene kloppe Sije op it skouder en sei dat it hiel ferstandich west wie om net allinnich nei it hûs te gean! Nei in groet rieden de mannen op nei Ljouwert en neidat Sije de katten brokjes en skjin wetter jûn hie gienen ek sy dy kant út.
Tsjebbe, dy no echt nijs hie en dêr fol fan siet, moast dat ek drekst kwyt. Oeral wêr er ien bûten seach bleau er stean en begûn syn ferhaal. ‘Héé, ha jim krekt dy plysje auto jeien sjoen yn ‘e Mieden? It hie neat skeelde as se hienen my oppakt en yn ‘e gefangenis smiten! Ik siet dêr gewoan by âlde Sije syn hûs en dêr kaam yniens in plysjeauto mei in rotgong it hiem opriden. Echt wier, as Jelke der net kaam wie dan hienen se my oppakt, omdat ik op de “plaats delict” wie!’ Hoe er syn bêst ek die hy krige gjin reaksjes. Sommigen draaiden har om en gienen yn de hûs. In inkeling hie der noch in wurd foar oer en sei: ‘Dêr ha we Tsjebbe de praatsjemakker.’ It echte boadskip, dat it better gie mei de âlde Sije, moast er meast tsjin in tichte doar roppe. Omdat it oeral itselde wie, tocht er dat er syn nijs miskien mar better omdraaie koe. Op it paadsje fan Hijum nei Feinsum bleau er by it spultsje fan Harke Bylsma stean. Dy wie net bûten en dêrom fytse er nei de doar, drukte op de bel en wachte. Harke syn frou, Wikke, kaam by de doar. Sy stie net bekend as in ynnimmend, mar as in wat kattich persoan en dêrom neamden se har dêr “Wikke Kat” Se seach Tsjebbe stean en sûnder te groeten draaide se har om, rûn it hûs wer yn en rôp mei in rauwe stim: ‘Harke, foar dy!’ Der wurdt wol sein dat in man en frou, of in baas en syn bist, dy lang by mekoar binne, op mekoar begjinne te lykjen, mar dat wie hjir sa net. Want Harke wie in fleurich en meilibjend mins. Hy brocht it dan ek wol op om it nijs oer âlde Sije, mar ek nei it ferhaal oer de plysjes en de “plaats delict” oan te hearren. Tsjebbe siet al wer op ‘e fyts, mar rôp noch gau: ‘Hoechst net nei dûmny ta hear Harke, want dêr gean ik no hinne.’ ‘Bêst hear Tsjebbe en bedankt foar it boadskip!’
Yn de hal fan it slikehûs kocht Sije wer dikke synappels, want hy wist dat de oaren op wienen en pake soe dêr fêst wiis mei wêze, tocht er en dat wie ek sa, want doe er seach wat lytse Sije by him hie sei er:‘Lekker jonge, meitsje my mar gau ien ta!’ De mannen rûkten dy lekkere geur en iene sei:‘No is it al wat, mar ik krij gewoan de flibe yn ‘e mûle fan dy synappel!’
‘Dan moast foar de mannen ek mar ien tameitsje Sije, want sy ha der ek sin oan.’ Neidat er ien, oan feantsjes, by him brocht hie, sei dy: ‘Dankewol, dyn pake hat net oerdreaun, want do bist in bêste jonge!’ Lytse Sije wist net wat hy hjir op sizze moast en knikte mar wat. Mar syn pake wol en dy sei krekt as earder: ‘Fansels is hy in bêste jonge, dat kin ommers ek net oars as je sa ‘n pake ha!’ Omdat der in suster op seal kaam mei de bôle boel, foar de pasjinten, gienen sy mei har trijen nei it restaurant, om dêr wat te iten λ
Etie Pasma
Stiens (23)
Laatst geplaatst
Agenda
-
Vr 24 januari
-
Za 25 januari
-
Zo 26 januari
-
Ma 27 januari
-
Di 28 januari