Algemeen

Column Etie Pasma - Alde Sije (22)

Elske en Eelkje kamen wer op seal en murken dat Pyt oan-dien wie. Tiid om dêr oer te praten hienen se net, want de sealdoar gie iepen en der waard in bêd nei binnen riden troch in suster, dy sei: ‘Mannen, dit is de heer Boskma, jim nije sealgenoat!’

Alde Sije stuts as groet syn, goeie, hân omheech en sei:‘Goeiemiddei!’ Se mompelden wat werom en seagen mei begrutsjen nei it skeinde gesicht fan de man. Wat se eins allegearre wol freegje woenen, mar net doarsten, dat die Elske. Se rûn nei him ta en sei: ‘Bêste man, wat sjogge jo der út, wat is der mei jo bard?’ ‘Frou, dêr wol ik sa min mooglik oan tinke en al hielendal net oer prate. En om it te ferjitten mei ik hjir by dizze fleurige manlju op seal lizze. Se seinen dat it fleurige manlju wienen, mar dat liket wol sa net, ik tink dat se wat fan my skrokken binne. Dat hoecht net hear, want mei de tiid binne de blauwe plakken fuort en is myn earm wer hiel. Mar eh, ik bin Sije Boskma.  Alde Sije sizze de minsken en dat kloppet want ik bin âld. Mar der is ek in jonge Sije, myn pakesizzer. In skat fan in jonge, mar hoe kin dat ek oars, mei sa‘n pake!’ Dat wie foar Sije in hiel ferhaal, mar dêrtroch wie it iis brutsen, want elk lake om dy útspraak. De mannen stelden harren foar, sa ek Elske en Eelkje en sy fertelden der by, dat se by Pyt Sietsma hearden, de iene as frou en de oare as skoansuster! Op seal wie it dêrnei wer fleurich en yn dy fleurige sfear namen de froulju ôfskie. 

Jelke hie bericht hân dat syn heit ferhúze wie nei in mienskiplike keamer, dat wie moai want it wie in teken dat it better gie. Sy soenen der op ‘e neimiddei hinne en dan earst by pake sjen en dêrnei, sa Sije graach woe, yn it restaurant ite en nei iten wer nei pake. Jelke wie dy middei earder thúskommen en Sije, dy al betiid út skoalle kaam, soe earst pake syn katten fersoargje, dan hoechde dat letter op de jûn net mear. Hy fietse de Hijumer Mieden yn en wie noch net botte fier doe er seach dat der by pake syn hûs in fyts stie, mar der wie net ien te sjen. Hy bleau stean, in bytsje eangstich en belle nei hûs. Jelke, dy te tillefoan oanpakte, stie drekst op skerp en sei: ‘Der net hinne, no omdraaie en thús komme! We sjogge foar dat we nei pake geane wol wa dêr is. Dus omkeare no! Okay?’ ‘Ja, ik kom der oan.’ Styntsje frege ûngerêst:‘Is der wat mei Sije?’ ‘Ja, der is ien by heit syn hûs en dat stean ik net. No hoopje ik mar dat de jonge docht wat ik sein ha en rjochtsomkear makket.’ ‘Witst wat ik tink dat sto dwaan moast?’ frege Styntsje. ‘Ja!’ sei er en belle it nûmer fan de plysje yn Ljouwert, frege nei reserzjeur Wytsma en die syn ferhaal. ‘Potferdikke, ik stjoer der drekst twa man hinne,’ sei dy. ‘It is goed datst belle hast, mar ik bedoelde eins, hoe no mei Sije?’ murk Styntsje op. ‘Ik pak de auto en gean dy kant út, ik wol witte wêr hy is. It wurdt miskien tiid om sa‘n app op myn tillefoan te setten, dan kin ik altyd sjen wêr hy is!’ ‘In goed idee, mar kinst him no ek belje!’ ‘Ja, mar dan sjoch ik net wêr hy is!’ 

By Hallum seach er Sije oankommen, stoppe, stapte út en sei, mar gau yn de auto, ik lis dyn fyts efteryn.’ ‘Wêrom sa hurd?’ ‘Dan binne we earder by pake en witte we seker dat se it iten net op ha as wy yn it restaurant komme.’ ‘Ja, ja, dat sil wol, ik bin net onnoazel hear!’ ‘Net sa‘n grutte mûle tsjin dyn heit ha, jonge!’ Styntsje stie klear en neidat de fyts yn de garaazje stie rieden se nei Hijum. Dêr stie al in plysjeauto by it hûs en doe se it hiem oprieden seagen se dat twa plysjes oan it praten wienen mei ien dy op de grûn siet. Jelke sei dat sy sitten bliuwen moasten en rûn der hinne. Mar Sije hong nijsgjirrich heal ta it rút út en sei: ‘Neffens my is it dy wylde man út Hijum dy dêr oer de grûn sit.’ Jelke seach ek dat it Tsjebbe wie en sei tsjin de plysjes:‘Dizze man kin ik wol!’ ‘Dat kin wol wêze, mar wy net!’ en tsjin Tsjebbe: ‘En no noch ien kear, wat moatte jo hjir?’ ‘Ik wachte op lytse Sije!’ ‘Wat wolle jo fan de jonge? Fertel!’ ‘Freegje hoe it mei syn pake is.’ Tsjebbe kearde him nei Jelke en rôp: ‘Toe Jelke, do kinst my ommers wol.’ ‘Ja, dat is sa, mar do litst ús skrikke en Sije ek!’ ‘Dat kin wol wêze, mar de minsken freegje my hoe it mei dyn heit is en ik wol se graach wat fertelle en dêrom tocht ik, ik freegje de jonge, want dy komt alle dagen by de katten!’ De plysjes hienen troch dat de man gjin kwea yn it sin hie, mar de iene spruts him noch wol streng ta en sei: ‘Wy sille it dizze kear troch de fingers sjen, mar doch dit nea wer! Jo binne hjir op in “plaats delict” wêr slimme dingen bard binne en dêr mei jo net samar komme. Dogge jo dat al dan moatte wy jo arrestearje en komme jo yn de gefangenis! Dus hjir net wer komme! Begrepen?’

 

Etie Pasma

Stiens 2024 (22) λ