Algemeen
Column Etie Pasma: Alde Sije (20)
De dokter dy de foarige dei ek by âlde Sije west hie, neidat er net goed wurden wie, kaam dy moarn wer del. Benijd frege er: ‘Hoe is it no mei jo Boskma, jo ha juster in lytse ynsinking hân, is it wer wat better en ha jo fannacht wat sliept?’
‘Ja hear dokter, ik ha bêst sliept en fiel my goed. Ik tink dat ik de oerfal juster opnij yn myn holle belibbe en dat wie miskien net goed foar my, soe it net?’ ‘It soe kinne Boskma, it soe kinne! Mar it betsjut wol dat jo it noch in skoftke rêstich oan dwaan moatte! Ik wie eins fan doel om jo hjoed nei in seal mei mear minsken oer bringe te litten, dat jout wat ferdivesidaasje, mar dat is miskien noch wat te gau.’ ‘Om my kin dat wol dokter, it liket my wol moai en dan hoech ik net de hiele tiid oan dy beide mislike mannen te tinken dy my dit oandien ha!’ ‘O, dus dat liket jo wol goed ta?’ ‘Jawis, om my kin it wol.’ ‘Miskien ha jo wol gelyk, witte jo wat, ik kom der fan ‘e middei op werom. As jo dan noch sa goed binne as no en jo tinke der noch sa oer dan moat it mar wêze! Wy sjogge mekoar hjoed wer, oant dan.’ ‘Ja, goeie dokter."
De trije hertpasjinten dy yn in rolstoel nei in oare seal oerbrocht waarden wienen frij wat bluisterich op hun tocht troch it sikehûs. It wie as wienen se mei in reiske. Se besochten om ûnderweis mei mekoar te praten, mar om mekoar te ferstean moast der lûd roppen wurde, want se rieden efter mekoar oan, en dat dienen se dan ek. In susters hie alris sein: ‘Kin it ek wat sêfter?’ en in oaren: ‘Doch net sa oerstjoer!’, mar dêr harken se net nei. De minsken dy se foarby kamen bleaunen stean, sommigen laken en oaren skodden de holle oer safolle misbaar. De trije susters hienen dêr tabak fan en neidat de se mekoar in pear oanwiizings jûn hienen gongen se yniens alle trije in oare kant út en namen elk in oare wei. De mannen wienen fan slach en stil en dat wie krekt de bedoeling! Pyt hie troch dat se it te mâl dien hienen en sei: ‘Sorry suster!’ Se kamen letter ien foar ien op de nije keamer oan en krigen dêr in bêd tawiist. Doe se wer ûnder mekoar wienen sei ien: ‘Dêr hienen dy wiven ús te pakken en wienen we mekoar yniens kwyt.’ Mar Pyt sei: ‘Dit gie te mâl mannen, dit moat net wer en dy froulju, dy binne best genôch en no moatte we earst ús spul mar oprêde en yn ‘e kast lizze!’ Neidat se de boel oprêden hienen wie it itenstiid en ploften se wurch by de tafel del. Se murken dat se, troch de hert problemen, noch lang de âlde net wer wienen en nei iten gienen se gau op bêd foar it middeis knipperke.
Alde Sije hie it middeissliepke noch net út, mar waard wekker trochdat de dokter tsjin syn bêd oantikke. Hy seach slieperich om him hinne, wie noch net by syn sûp en stút en frege suver wat eangstich: ‘Wat ha we no?’ Dokter pakte him by de hân en sei: ‘Rêstich mar Boskma. Ik bin it, jo dokter, earst mar efkes bijkomme.’ ‘Dokter? O ja, jo soenen hjir wer komme. Hé je, ik wie sa fier fuort, mar ik bin der wer.’ ‘Moai, en hoe is it no mei jo?’ ‘Goed, ja bêst hear. Om my kin ik wol nei dy oare keamer, teminsten as dêr wat aardige manlju lizze.’ ‘Manlju, it kinne ek froulju wêze bêste man, want dy lizze tsjintwurdich troch mekoar!’ ‘Nee wol? Froulju en manlju op ien keamer, net te leauwen!’ ‘Doch is it sa, mar meitsje jo gjin soargen, want as ik it goed begrepen ha dan komme jo by trije fleurige mannen op de keamer te lizzen, dus jo sille it dêr fêst wol nei ‘t sin ha. Mar it moat net te drok foar jo wurde, want jo ha in rare klap op ‘e holle hân en dat moat tiid ha te heeljen. No woe ik it sa mar dwaan, se bringe jo aanst nei dy oare seal, mar as dat te drok is dan komme jo gewoan werom op dizze keamer, want we moatte gjin ferkearde dingen dwaan. Hoe liket dat?’ ‘Bêst dokter, hiel bêst!’ ‘Moai, dan dogge we dat.’
Haadstik 18.
Elske en Eelkje, har sus, soenen op besite by Pyt, mar op syn keamer leinen frjemden. Se gie nei in sûster en frege wêr Pyt no lei. It frommiske wie it yn ‘e wei dat it net trochjûn wie en dêrom bestelde se in karke mei sjauffeur om harren nei syn nije keamer te bringen, dan wienen se der wat earder en hoegden net te sykjen. By Pyt begûn Elske, nei in koarte groet, oan har ferhaal, want se hie nijs en dat woe se kwyt. ‘Moast ris hearre je, der hat my niis in plysje belle. Dy woe fan ‘e middei by ús komme op ‘e kamping, mar ik sei, dat past net want myn sus en ik geane fan ‘e middei op besite by myn man yn it sikehûs!’
Etie Pasma
Stiens 2024 (20)
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Za 7 december
-
Zo 8 december
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Za 14 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december