Algemeen

Column Etie Pasma - Alde Sije (16)

- Healwei de nacht waard Styntsje wekker en murk dat lytse Sije net mear neist har lei. Se knipte it nachtljochtsje oan en rûn foarsichtich nei syn sliepkeamer. Hy wie wekker en se frege: ‘Hoe is it?’  ‘Wol goed, ik bin net bang mear en sliep no fierder op myn eigen bêd!’  ‘Dat is goed jonge, lekker koese.’ 

Jelke wie ek wekker wurden en siet heal oerein, leunde op syn earmtakke, doe se werom kaam en frege: ‘Hoe is it mei him?’  ‘Goed, hy is net bang mear, seit er.’  ‘Moai, kom do dan no mar by my,’ sei er wylst er har beseach mei in glimke om ‘e mûle. Doe er it dekbêd opsloech seach se dat er de klean út dien hie en “it geweer” yn de oanslach.  Sy waard der oars fan, die gau har klean en it ljocht út, krûpte neist him en sei: ‘Al sêft dwaan hear, hy is noch wekker.’  ‘Binne syn en ús sliepkeamer doarren goed ticht?’ frege er sêft werom, wylst syn hannen har lichem al fûn hienen.  ‘Ja, oe je!’ sei se, wylst har lichem trille fan oerstjoerens. Hast sûnder lûd te meitsjen fierden se dêr tegearre in lyts feestje en leinen letter foldien yn mekoars earms. Dêr naam de swiete sliep harren mei yn in djippe en woldiedige rêst!

- Op de kamping yn ‘e Wâlden brânde om fjouwer oere hinne it ljocht yn de karavan. Elske wie mei in barstende pine holle wekker wurden. As dat no kaam troch de alteraasje fan de lêste tiid of troch dat se tefolle wyn hân hie, wat se net went wie, dat wist se net. Nei dat se in besite oan it húske brocht hie pakte se twa asperyntsjes út har taske en naam dy yn mei in beker wetter.  Eelkje wie wekker fan har wurden en frege wat der wie. Nei in lyts petear dienen se it ljocht wer út en joegen har del. Eelkje foel sa mar wer yn ‘e sliep, mar Elske lei noch in skoft wekker, mar doe de piltsjes begûnnen te wurkjen foel ek sy wer yn ‘e sliep.

- Yn it sikenhús seach de suster wer efkes om ‘e hoeke by âlde Sije. Hy wie wekker. Se gie nei him ta en frege: ‘hoe is it Boskma?’ ‘Ik ha pine holle.’ sei er, ‘Dan helje ik foar jo in pear pynstillers, momintsje.’ Nei dat er dy ynnommen hie frege er: ‘hoe let is it eins?’ ‘Goed fiif oere. Ik hoopje dat de piltsjes gau wurkje en jo noch wat sliepe kinne!’ ‘Ja, ik ek.’ sei er en joech him wer del.

Nei dat de suster by al har pasjinten lâns west hie naam se efkes lins mei in bak kofje en in broadsje en gie der noflik by sitten mei de fuotten op in oare stoel. Om seis oere wie it tiid om op nij by de pasjinten lâns om de temperatuer op te nimmen. Boskma lei noch te sliepen dêrom slûch se him earst mar oer, mar nei dat se de oaren hân hie moast se him wol wekker meitsje, want oars rekke har wurkskema yn ‘e war. Nei dat se him oanrekke hie wie er gau wekker. Foarsichtich die se de thermometer yn syn ear, wachte oant er pipe en sette it op syn kaart. ‘Klear hear.’ sei se. ‘Moai, dan jou ik my wer del!’  ‘Jo ha gelyk en dan mar oant moarn Boskma, want myn tsjinst sit der hast op.’  ‘Oant moarn suster!’

- Op de intinsyve soarch ôfdieling sliepte Pyt noch. In suster makke him wekker en flústere: ‘Goeiemoarn Sietsma, ik moat jo temperatuer efkes opnimme hear.’  ‘O, ik bin krekt wekker, ik moat efkes bijkomme hear.’  ‘Rêstich mar, ik bin sa klear, dan kinne jo je wer deljaan.’  ‘Hoe liket it suster?’ frege er nijsgjirrich, doe se klear wie. ‘Goed hear!’ sei se. Mar mei dat antwurd wie Pyt, dy al wat helderder wurden wie, net tefreden en frege wer: ‘Hoefolle wie it?’  Sy seach nei wat se krekt opskeaun hie en sei: ‘38!’  ‘Is dat net te heech? Ik soe hjoed nei in oare seal, kin dat no wol troch gean?’  ‘Dat wit ik net Sietsma, dêr giet de dokter oer, dus dat kin ik jo net fertelle. Mar jo dokter komt aanst en hy sil jo dêr wol in antwurd op jaan. Mar jo temperatuer, ja, dy is sa wol goed!’ Al wat gerêster joech Pyt him wer del.

- By de Boskma’s yn Marrum wienen se ek oan in nije dei begûn en Styntsje belle nei it sikehûs om te freegjen hoe it mei har skoanheit wie en as er in goeie nacht hân hie. De suster wie noch op de ôfdieling en sei dat er goed sliept hie, oansprekber wie en goed antwurd jûn hie as him wat frege waard. Dêr wienen se bliid om en praten ôf om dy jûns net let te iten en dêrnei mei har trijen nei it sikenûs. Lytse Sije stelde foar om mar yn it sikehûs te iten dan wienen se earder by pake! Jelke seach nei syn frou, mar dy helle de skouders op, dus sei er: ‘Dêr ha mem en ik it fan‘e middei noch efkes oer!’