Algemeen
Column Etie Pasma - Alde Sije (10)
Haadstik 6
It wie dy moarns hast acht oere doe in suster Elske wekker makke. Se seach frjemd om har hinne en wist sa gau net wêr se wie, mar doe se de suster seach wie alles har dúdlik. ‘Hoe it’s mei myn man?’ frege se benijd. ‘Hy hat fannacht wol aardich sliept, hy is no wekker en jo meie wol efkes by him sjen. Mar net te lang en foaral net te drok.’
Nei ‘t se har wosken en oanklaaid hie rûn se nei Pyt syn plak op de IC. Hy hie de eagen ticht, mar die dy iepen doe se him oanrekke. ‘Elske, myn Elske!’ sei er. ‘Hoe is it?’ flústere se. ‘It bin der noch en dat ha ik oan dy te tankjen!’ sei er sêft werom. ‘Och je, hoe komst dêr no by?’ ‘Dat fertelde de sikehûsdokter en dy hie it wer fan de dokter út de Wâlden! Want as sto my net reanimearre hiest dan hie ik no tusken seis plankjes lein.’ ‘Do moast ophâlde mei dat healwize praat, ik wurdt der raar fan.’ ‘En doch is it sa!’ Elske skodde de holle en frege wer: ‘mar hoe is it no mei dy?’ ‘Wol goed, as it sa troch giet mei ik moarn nei in gewoane seal.’ ‘Dat is moai nijs, mar ik moat no fuort want ik mocht mar efkes by dy. Fan ‘e middei kom ik wer hear!’ As ôfskie krûpte se him efkes oan, mar doe se him los litte soe hold er har beet en flústere: ‘bedankt hear.’ Hy hie wiete eagen en dat rekke har. Mei trillende stim sei se: ‘Graach dien jonge. Hiel graach dien, want ik wol dy net kwyt. Mar no moat ik echt fuort, oant fan ‘e middei.’ ‘Wat silst no, do hast hjir gjin auto!’ frege er. ‘Gjin noed, ik rêd my wol.’ ‘Ja, dat is sa, do rêdst dy wol, do bist net sa min! Mar wol foarsichtich hear Elske, want ik wol dy ek net kwyt.’ Se stuts de tomme omheech, swaaide by de doar noch in kear en hy swaaide werom.By de útgong frege se om in taksy en dy brocht har werom nei de kamping. Dêr waard se oanholden troch de behearder en dy koe se gelokkich goede berichten oerbringe. Yn de karavan besocht se of se har mobyltsje wer oan de praat krije koe en dat slagge. Mar doe se har suster, út it Fean, belle naam dy net op. Aanst noch mar ris besykje, tocht se.
Haadstik 7
Om healwei tsienen stapte Styntsje mei har soan yn ‘e auto en rieden se op nei Ljouwert. Yn it sikehûs by de balie frege se wêr’t Sije Boskma lei en ûnderweis nei pake, kocht lytse Sije yn de lange gong fan it sikehûs, fan syn eigen sinten in pûde synappels, want hy wist dat pake dêr gek op wie. Foar de keamer fan har skoanheit bleau Styntsje stean, pakte Sije by de earm en sei: ‘Net skrikke hear Sije, pake sil wol blau om ‘e holle wêze.’ Sije helle syn skouders op, mar sei neat. De âld man lei allinnich yn in keamerke wêr de gerdinen fan ticht sieten en wêr it frijwat skimmerich wie. By syn bêd hongen slangen en flessen. Pake hie de eagen ticht en in opzette holle seach de jonge. Doch stapte hy op pake ôf, pakte him by de hân en sei: ‘Pake, ik bin hjir en mem is hjir ek.’ De âlde man die syn eagen iepen, glimke, mar seach harren net, tocht Styntsje. Se gie wat tichter nei him ta en sei: ‘Goeie heit, hoe is it mei jo?’ Der kaam gjin antwurd. ‘Mem giet efkes nei de suster hear, bliuw do hjir mar by pake.’ sei se tsjin har soan.
Dêr frege se hoe it mei har skoanheit gie en de suster tocht dat it nei onstannichheden wol goed gie, mar it moat echt syn tiid ha. It is ek noch mar krekt bard en in soad rêst soe grif helpe om him wer better te meitsjen. Se moasten dêrom mar net te lang bliuwe, want it wie gau te drok! Styntsje koe dat begripe. Se gie dan ek werom nei it keamerke en seach nei de beide Sije’s. Sije hie pake noch altyd by de hân beet en de pûde mei synappels lei op it kastje. ‘Wy moatte no fuort hear Sije, oars is it te drok foar pake.’ sei se en drekst der efteroan, ‘Heit, wy geane no fuort hear, mar we komme fan ‘e middei wer en dan komt Jelke ek mei.’ Yniens klonk dêr samar en hiel dúdlik út har skoanheit syn mûle: ‘Ja!’ En al wie it noch sa ‘n bytsje, doch wie se oe sa bliid mei dat iene wurdsje.Werom op de lange gong frege se: ‘Sille wy in ijsko keapje Sije?’Hy knikte en gie op in bankje sitten te wachtsjen. Doe se werom kaam mei de ijsko’s seach se twa dikke trienen by de wangen fan har soantsje del rinnen. Dat griep har oan, se plofte neist him del, joech him in ijsko, die in earm om him hinne en suchte, hiel djip!
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december