Algemeen

Column Etie Pasm: Alde Sije (24)

Op it plysjeburo yn Ljouwert rapportearden de mannen dat der gjin slimme dingen bard wienen by Boskma syn hús en dêr wie Wytsma bliid om. Alhoewol it tiid wie om nei hûs, rôp hy syn mannen by mekoar en sei: ‘Mannen, wy moatte noch efkes oerlizze, want ik ha krekt bericht hân fan kollega’s út Noard Hollân. Dy binne der út wat de dieders oangiet en foardat sy dat oan de pers troch jouwe moat de famylje Boskma it witte! Sy moatte fansels net yn de krante lêze, as op de tv sjen hoe ien en oar gien is mei de oerfal op har heit. Dus dit noch efkes oereidzje!’ 

Van Kempen, ien fan syn mannen, moast nei hûs, want syn frou wurke en de oppas woe op tiid nei hûs. Hy krige frij ôf.  ‘Mannen,’ begûn Wytsma wer, ‘ek wy witte sa goed as seker dat we de dieders ha, want de fingerôfdrukken klopje en it DNA fan de “poeper”, om it mar maklik te sizzen, ek! Krekt as de leppeltsjes dy yn de karafan fûn binne.  Allinnich de tsûgenis fan Sietsma en syn frou, dy de mannen helden neame, sit my noch dwars! Want helden binne sosjaal en dat wienen dizze mannen, dy Boskma sa mishannele ha, beslist net, dêrom graach jimme kommentaar!’  Ien murk op: ‘Sietsma en syn frou binne hjir te emoasjoneel by belutsen en dan sjogge je it libben wol ris wat te roaskleurich.’  Wytsma knikte. In oaren: ‘Der is mear wat der by de Sietsma’s net kloppet sa as de achternammen en it wenplak, Utrecht, ek net! Dat ha se har fêst wiismakke omdat se harren op in dwaalspoor bringe woenen! Ja wier, ik tink dat dit de dieders binne!  Wytsma: ‘Dit klinkt oannimlik, mar tinkt elk dêr sa oer?’ Hy seach se wer ien foar ien oan en allegearre knikten. ‘Moai, dan binne wy der ek út en sil ik drekst in ôfspraak meitsje mei Boskma syn soan.’ De reserzjeurs gienen hei hûs en hy skille nei Marrum, mar dêr waard net opnommen. Dan jûn letter mar, tocht er.

It iten lake lytse Sije oan en hy sette alles wêr hy sin oan hie op syn dienblêd. Dat wie hast fol doe er by de kassa kaam. Dêr wachte er op syn heit, want hy wie net fan plan om dit allegearre sels te beteljen. Jelke sette syn blêd by dy fan Sije en frege: ‘Rekkest sto ôf Sije?’  ‘Née, doch heit mar, ik ha pake syn synappels al betelle!’Nei iten gienen se wer nei pake, mar dy sliepte. Sêft seinen se tsjin de mannen dat sy nei hûs gienen, mar moarn wer komme soenen en de mannen flústeren werom dat se it oerbringe soenen.

Dy jûns om healwei achten hinne gie by Jelke de tillefoan. Jelke hearde dat Wytsma nijs hie en foar de oare deis graach in ôfspraak meitsje woe. ‘Wat is der foar nijs? Ha jim de dieders?’  ‘Dat fertel ik leaver net oer de tillefoan, dêrom meitsje ik graach in ôfspraak foar moarn.’  ‘As ik earlik bin dan duorret my dat te lang, kom hjir jûn mar.’  ‘Dan moat ik dat noch regelje mei ien fan myn mannen. Dy moat mei en ik wit net of hy jûn wol kin. Mar ik doch myn bêst en jo hearre jûn noch fan my, Mar dan moat ik jo jûn noch wol in kear belje.’  ‘As der wichtich nijs is, dan mei dat!’ sei Jelke werom. Om goed acht oere gie by Jelke en Styntsje wer de tillefoan. Wytsma: ‘Wy kinne jûn noch lâns komme, mar net earder as healwei tsienen. Earder kin Van Kempen net want hy moat oppasse sa lang syn frou oan it wurk is. Om njoggen oere is sy klear en dan soenen wy om healwei tsienen by jim wêze kinne! Mar Boskma, foar itselde komme we moarn, dat is ek gjin probleem.’ 

Jelke en Styntsje oerleinen efkes, mar woenen allebeide graach dy jûn noch it lêste nijs witte, dus sei Jelke: ‘Wy sjogge jimme om healwei tsienen!’ 

Om dy tiid kaam der in auto by har it hiem opriden. Jelke die de doar iepen, noege de mannen der yn, mar op wei nei de keamer seagen se lytse Sije boppe oan de trep stean. Jelke frege: ‘Mei hy der by wêze, of is it net geskikt foar him wat jim ús fertelle sille?’  ‘It binne gjin rûge ferhalen, mar it is oan jo om dêroer te beslissen.’  ‘Kom mar.’ sei er tsjin Sije.  

Nei’t se mei mekoar yn de kunde kommen wienen en om de grutte tafel sieten frege Styntsje as se kofje woenen. Mar de mannen bedankten, se hienen op it buro de hiele dei al kofjedronken, mar in glês wetter soe wol fijn wêze.  

Reserzjeur van Kempen helle syn laptop út de tas, sette dy op de tafel en socht om in stopkontakt. De earste bylden kamen op in skerm en lytse Sije, dy neist van Kempen siet, seach yniens mei grutte letters op it skerm stean: 

‘Ynbraak en oerfal mei lichaamlik letsel oan de Mieden te Hijum.’

Etie Pasma

Stiens 2025 (24)