Algemeen

Column: Drokte

Ik wit net hoe it der by jo op 't heden om en ta giet, mar minsken noch ta, by ús is it ien en al drokte. Net yn 'e hûs, mar bûten, yn 'e tún en dat hat ús belangstelling eltse maitiid wer. 

Ik wit net hoe it der by jo op 't heden om en ta giet, mar minsken noch ta, by ús is it ien en al drokte. Net yn 'e hûs, mar bûten, yn 'e tún en dat hat ús belangstelling eltse maitiid wer. De beam foarhûs sit fol mei mosken dy 't har hast de longen út it liif tsjilpe. De mieskes ha it wol sa drok en fleane ôf en oan nei de ferskillende nêstkastkes. En dan dy trije grouwe hôfdowen dy 't yn de tún omstrúne. Sa no en dan ite se wat, mar it is dy twa dofferts foaral te dwaan om it wyfke. Se 'stalkje' har gewoan en besykje har te fersieren, mar dy sleauwe tutte kin net út 'e rie komme. No sjogge beide heren der goed en glânzich út, dat ik tink dat se it swier fynt om tusken dy twa tsjeppe feinten te kiezen!

De Turkske toartels meitsje ús moarns wekker en binne drok dwaande nêsten te bouwen. Sa 'n nêst hat trouwens net folle om 'e hakken, hjir en dêr in tûkje en dat is it wol sa wat. 

Sy moatte trouwens al út sjen, want in akster hat efterhûs in nêst makke en dat is foar de fûgels, mar foaral foar harren jongen net sa feilig. De einen swimme sa no en dan, krekt as elts foarjier, by ús yn 'e sleat en alhoewol der jierren lang in bêste einekoer stie, ha se hjir noch gjin jongen hân.  In stel reidhintsjes wol, mar dy ha ik hjir dit jier noch net fernommen!

Wat is de maitiid doch in moaie tiid, it wurdt waarmer, alles sprút út en de beammen steane rûnom yn bloei. Foar de fûgels is it boppedat de tiid fan de leafde en sis no sels, wat is der no moaier as de leafde? Dêr wurde je doch allegearre bliid fan!  Wy genietsje fol op fan it leafde's spul fan de fûgels en as it in bytsje kin geane of bliuwe wy der foar sitten. It is allinnich wol spitich dat ien fan ús nêstkastkes de lêste jierren leech bliuwt en dat is dy fan in lytse droktemakker, it tomke of, sa jo wolle, it winterkeninkje. 

Jierren efter mekoar ha we dêr in pearke yn hân, mei somtiden meardere lechsels yn ien jier, mar in pear jier ferlyn wie dat yniens gebeurt. Dat gie sa, it mantsje makke in nêst mei hier fan ús swarte Labrador, mei mos út in blomstikje efterhûs en mei de fearkes fan buorfrou har hinnen. Hy hie bytiden safolle yn de snaffel dat it like wol as hie er in snor! 

Op in moarn, wy sieten te kofjedrinken, wisten we dat it nêst klear wie, want hy gie yn de beam sitten, wipte dêr op en del en kwettere sa lûd, om in wyfke, dat wy him binnendoar hearre koenen. Yniens hie er gelok en ferskynde der in wyfke, dy 't in eintsje fan him ôf yn deselde beam sitten gie. Wy gienen der goed foar sitten om dit stel te folgjen. Dat duorre lang, mar wy hienen alle tiid. Hy lykwols wie alhiel oerstjoer en fleach mar hinne en wer, fan de beam nei it kastke en wer werom en ûndertusken kwettere er mar. 

Hy hie tocht dat se kaam te hûs besjen, mar se wie dreech! Op ôfstân seach se nei him en nei it nêstkastke, mar makke gjin oanstalten om ien of oar fan tichtby te besjen. Wy moasten dus, krekt as hy, tiid dwaan, mar nei in hiel skoft kaam der feroaring.

Sy fleach nei it nêstkastke, gong dêr oan hingjen en seach troch it gatsje nei binnen.Om har te ymponearjen siet er no te dûnsjen op 'e takke en kwettere noch lûder. Sy seach nei him, loerde nochris yn it kastke en of it no oan him lei of oan it nêst wat er makke hie, dat binne we net te witten kommen, mar ien fan beiden of allebeide wienen har net nei 't sin, want se fleach fuort en se is net werom kommen. Hy efter har oan, mar hy koe har seker net 'omprate' want allinnich kaam er wer by it nêst. 

Hy wie lilk en slim frustrearre, koenen wy wol sjen en ek wol begripe. 

Hoe wy dat sjen koene?  

No, hy fleach it nêstkastke yn, skuorde it mos, it hûnnehier en de hinnefearkes derút en fleach fuort. Wy ha him net wer sjoen en it sil jo gjin nij dwaan dat we dat jier gjin lytse tomkes yn it hokje hân ha en ek de jierren dêrop is it net wer bewenne! 

Dat is oe sa spitich, mar wy hoopje dat hjir ea wer in tomke-pearke briede sil. Sy en alle fûgels binne hjir fan herte wolkom. Want it is sa fijn om yn de maitiid fan harren drokte en sjongen te genietsjen. Foar ús jild dan ek, yn dizze tiid, wat mear drokte wat leaver!

 Etie Pasma, Hijum 2019