Algemeen
Column: De nije aginda
Miskien wat âldwerwetsk, mar ik ha foar it kommende jier dochs mar wer in aginda oanskaft. It ôfrûne jier brûkte ik de tillefoan, men wol op it lêst ek sjen litte, dat men meidwaan kin yn dizze digitale wrâld...En ja, safolle wie der no de lêste twa jier ek net te dwaan, dus sa’n aginda, dêr koe ik wol sûnder. En dochs leit er der no wer. In grutte reade aginda, flink formaat.
Dat seit fansels wol wat. Ik hie ek gewoan in lytse, beskieden aginda keapje kint. Mar nee, hy is knap oan de maat en ek noch read. Dus myn ûnderbewuste sil my wol ferteld ha, dat ik it kommende jier ferlet ha fan dit opskriuwboek. Der moat wat gebeure blykber.
No moat ik earlik wêze, ek al moat it nije jier noch begjinne, der stiet al aardich wat yn. De earste moanne is noch wol aardich ûnbeskreaun, mar dêrnei stiet der dochs wol hiel geregeld wat yn. It oantal preekbeurten, dat ik troch hiel Fryslân hinne fersoargje mei, is knap heger dan it ôfrûne jier. Dat begûn fansels ek net earder as yn juny, fanwege eardere lock downs. En ja, op dit momint witte wy ek net wat ús noch te wachtsjen stiet. De aginda kin ek samar wer leech wêze...
Ik gean der mar fan út, dat de tsjerketsjinsten “gewoan” troch geane.
Ja, en dan fierder? Miskien brûk ik de aginda ek wol gewoan as in soarte fan “to-do” list. Want ik ha it gefoel, dat dat krekt noadich is, as der net safolle mear te dwaan is.
Noch in moanne as trije, en dan sil it dochs dien wêze. Hast 38 jier lang wie it de “saak” dy’t bepaalde, wat ik wol of net dwaan koe. Hast 38 jier lang, wie der elke dei “de saak”. Ek op snein, ek op dagen dat ik “frij” wie. It is gewoan myn libben wurden. Ik kin my hast gjin foarstelling meitsje fan in libben sûnder “de saak”, it libben, dat ik dochs ek 30 jier libbe ha.
Ha ik dêrom sa’n grutte aginda kocht? Bin ik bang foar dat libben sûnder de saak? Ik wit wol, dat ik my op myn bêst fiel, as ik wat te dwaan ha. Sneinen sûnder doel fiele as ferlerne dagen. Dan wurd ik ûngeduerich, sit ik net goed yn myn fel, wol ik wat “dwaan”.
Der sil in totaal oare struktuer komme, nei 2 april. No sil dat net staf en af gebeure, want der sille noch genôch dingen wêze, dy’t ôfhannele wurde moatte.
De ôfrûne wike siet ik ris te betinken, wat ik straks sil mei al dy frije tiid, dy’t der oan sit te kommen. It duorre net sa lang, en doe seach ik de dagen al wer mear as fol foarby kommen.
Dat is no krekt wat ik ek altyd hear fan pensionado’s. Der is noch tiid te min. Ek al hat men alle tiid.
Wat is it eins ek in frjemd begrip: “tiid”. Foar de iene duorret in oere 3600 lange sekonden, in oar hat oan 60 menuten fierstente min. Ik bin sa nijsgjirrich, hoe as it straks giet. Mar dêroer hearre jimmme dan fêst wol mear. Earst dochs mar besykje dy aginda in bytsje leech te hâlden. Ek al is hy dan grut genôch om der in hiele protte yn te setten...
It resept is fan in fulde bôle, de link is gau lein mei in fulde aginda...
Ingrediënten.
1 stokbôle
150 gr. gehakt
1 aai
2 ytl. panearmoal
2 ytl. chilisaus
2 tientsjes knoflook
Ferwaarmje de oven foar op 200°C. Snipperje de sipel en snij de paprika, reade piper en knoflook yn stikjes. Ming yn in kom it gehakt met it aai. Doch dêrnei it panearmoal der by in ming it goed troch elkoar. Dêrnei kin de rest fan de ingre-diënten der by. Alles goed troch elkoar minge.
Snij de boppekant fan de stokbôle en holje de bôle út. Ful de stokbôle mei it gehakmingsel. Lis de fulde bôle op in bakplaat mei bakpapier. Strui de noch wat raspe tsiis oer hinne. Bak dizze stokbôle mei pittich gehakt yn ûngefear 20 menuten yn de oven.
Tip: dit kin fansels ek hiel goed mei in stokbôle, dy’t oerbleaun is nei de feestdagen. It gehakt kin ek mingd wurde mei restsjes griente. In sipeltsje, knoflook en wat krûden meitsje it dan ôf! λ
Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens.
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december