Algemeen

Dit ferhaal is sa 'n tweintich jier ferlyn ferteld op biste dei, troch in feedokter dy in koarte tiid yn dizze omjouwing wurke.

Omdat biste-dei dat jier yn de hjerstfakânsje foel hie de Activiteiten Commissie fan doarpshûs ' De Kampioen' te Hijum, betocht  dat it wol aardich wêze soe dat alle bern út Hijum en Feinsum, fan de basis skoalle, mei harren húsdieren by de feedokter komme koenen om it bist neisjen en keure te litten. As Kommisje wienen wy al betiid yn it doarpshûs om de boel dêr klear te setten en ek de feedokter wie goed op tiid. De man koe prachtich fertelle en hy fertelde ús dat er ris tsjinst hie op twadde krystdei! It wie doe ûnlijich, kàld en it snijde omraak en hy hie der dan ek gjin nocht oan om der út, mar de tillefoan gie en hy hearde dat er nedich wie by in rier dy 't kealje moast.

Dus "in de benen" en der út! It wie net yn dizze streek, mar earne oars yn Fryslân, wêr it krekt wie sei er net, mar wol dat it plak wêr hy wêze moast in moai ein bûten it doarp wie. Hy frege dan ek goed it paad want yn in sniewite wrâld liken alle strjitten op mekoar!

Hy fûn in lyts boerespultsje dat bestie út wat âlde hokken en in lyts húske. Net allinnich it hûs en de hokken wienen lyts, mar ek it âlde mantsjes dy dêr wennen. It mantsje fan 86 fong him op en  brocht him nei it hok wêr de rier stie, mar dat hok wie sa plat, de feedokter koe dêr net rjochtop stean. Nei 't hy it bist besjoen hie wie it him dúdlik dat it keal der net troch koe, dus hy soe it mei de  keizersnede helje moatte! Mar dat koe net yn dat hokje.

Hy frege:'Ha jim ek in oar plak wêr ik operearje kin?' 
Dat hienen se net!
'Hoe liket it by de buorlju?' frege er.
'Nee, dat koe ek niks wurde, want mei de buorlju oan wjerskanten hienen se spul hân!'
'No, dat is ek wat,' sei de feedokter, 'mar kin it dan ek by jim yn 'e hûs?'

It mantsje fan 86 frege it oan syn broer fan 92 en dy tocht dat it wol yn de keuken koe!
Dy keuken wie sa 'n twa by twa meter en yn it midden stie in tafeltsje mei twa stuollen.

'As alles der út giet, dan moat it hjir krekt kinne!' tocht de feedokter.
Dus de tafel en de stuollen setten se bûten yn de snie en in stik lânbouplastik kaam op de grûn mei wat strie der op en doe koe it bist mar komme.

Op in Fjouwerpitspetroaljestel makken se yntusken hyt wetter, foar de dokter en de tee. Omdat it bist yn de keuken lei koenen se net fan de iene nei de oare kant fan de keuken komme of se moasten oer it bist hinne stappe, mar dy stap wie te grut foar de àlde mantsjes! Dêrom krige de dokter it wetter en letter de tee mei in stik krystbôle oer it bist hinne oanrikt.

De beide mantsjes hienen net rjocht yn 'e gaten oan hokfoar kant it keal der út komme soe. De ienen tocht fan efteren en de oare fan foarren en dêr bekfjochten se drok oer! Letter wienen se hiel ferbaasd doe it der oan de sydkant útkaam. Nei it keal der wie en de ko wer tichtmakke, moast de ko efterút wer nei bûten, want se koenen him yn it keukentsje net keare. Gelokkich wie it in mak bist, want dat slagge foar wûnder!
Nei 't de boel wer oprêden wie en it húsrie wer te plak stie yn de keuken, gie de feedokter net hûs mei dit bysûndere krystferhaal!Dy jûns fertelde hy it hiele ferhaal thús by de krystbeam oan syn frou en bern. Dy fûnen it in moai ferhaal, mar dêr bliuw it by. Se leauwden net dat it echt sa bard wie, mar tochten dat hy it measte optocht hie of dat it yn elts gefal swier oerdreaun wie!

No sei ik al dat de man moai fertelle koe en sy hearden him fansels wol faker, dus wat sil men dêr fierder ek fan sizze!

Hoe dan ek, dizze feedokter wie net fan juster en omdat er nochris nei de âlde mantsjes ta moast  foar de neisoarch, fûn er dat se dy kear dan allegearre mar mei moasten.

En sa barde it, mei de hiele húshâlding kaam by it lytse spultsje! En dêr koenen se alles sjen. 

Sawol it platte hok mei de ko en it keal, it lytse keukentsje, fan sa 'n twa by twa meter, mei it tafeltsje en de twa stuollen, mar ek de beide lytse âlde mantsjes! 

It wie krekt sa as it har ferteld wie! Mar stiet dy rigel ek net oan it ein fan it echte Krystferhaal?

 

Etie Pasma, Hijum 2019

P.S. By dizze wol ik jo, ek namens myn man, fredige krystdagen en alle goeds foar 2020 tawinskje!