Algemeen

Column: Corona en fuotbal, (de nul hâlde)

Jo kinne tsjintwurdich de televyzje net oandwaan as it giet oer corona. De corona hat ús al in heal jier yn de besnijing. In heal jier lang wurde wy alle jûnen wer mei it slimme firus konfrontearre.

Ik wit, it is slim genôch en we hoege der ek net omhinne te draaien. Mar om alle jûnen wer ferskate minsken oan te hearren mei wat wol en wat net goed bart, sit ik ek net op te wachtsjen en bin ik wolris bliid dat der in knop op ’e televyzje sit. Hast elke stjoerder hat wol in program mei gelearde minsken dy’t der in “schnabbel” by pakke. Wol mûlekapkes as gjin mûlekapkes, wol op fakânsje, net op fakânsje. Wol sporte, net sporte. Ja sis mar wat it bêste is. No bin ik gjin saakkundige, mar soms haw ik wolris myn twivels. Krektlyn binne der wer beheiningen oplein dy’t foaral de horeka en de sport slim reitsje. Foaral de bûtensporten wurde swier rekke, wylst der hieltyd sein is dat it firus bûten minder trochjûn wurdt. Hja wienen al swier beheind troch de besteande regels. Gjin folk mear oan de line, gjin kantine mear iepen. En dan te begripen hoefolle sportkantines en doarpshuzen ynvestearre ha om it corona feilich te meitsjen. Ik sil no net sizze dat de beheiningen net nedich binne, mar ik haw myn twivels der wol oer. Wy wienen krekt wer in bytsje oan de nije situaasje wend. Wy koenen no yn de húskeamer op it skerm sjen hoe’t ús bernsbern oan it kuorbaljen en fuotbaljen wienen. Livestream hjit dat. Fan de bern krigen wy in koade op de tillefoan en dan moasten wy mei de tillefoan de televyzje aktivearje en koenen wy de bern fan CSL op it Hearrenfean kuorbaljen sjen. Mar dat is no ek oer om’t de kompetysje stillein is. Hja wolle fan it regear út sa gau as’t mar kin werom nei nul besmettingen. En dan ek de nul hâlde. Ik fyn it in goed streven, mar it moat net te koste gean fan in stikje libbenswille. 

Wêr’t wy tsjintwurdich ek mei dea goait wurde op de televyzje is it fuotbaljen.  Bûten it fuotbaljen sels, komt hast elke stjoerder wol mei in program mei in oantal promininten efter in grutte tafel. Faak minsken dy’t, wat it fuotbal oanbelanget, trochleard hawwe en op dizze wize der noch in “schnabbel” by pakke. Analysearje neame se soks. Grutte skermen wurde oantôge om út te lizzen hoe immen it neffens de trochlearde ferkeard die, wêrtroch in oar yn de problemen kaam en se dêrom de nul net hâlde koenen. En dan ek noch tiden troch-eamelje kinne oer in pass mei “buitenkant rechts” fan de iene fuotballer mei plakplaatsjes op de earms, nei de oare fuotballer mei noch mear plakplaatsjes op it lichem. En as der immen hast troch de midden skopt wurd en in ferslachjouwer doart dan ek noch te sizzen dat hy it net mei opsetsin die, dan bin ik bliid dat der in knop op de televyzje sit.  

Se kinne harren better dwaande hâlde om de spulrigels oan te passen. Want as ik by in yngoai te pisjen gean, wurd der wol gauris wachte dat ik werom bin en it spul fierder gean kin. Suvere spyltiid is de útkomst, en it bûtenspul ôfskaffe. Neeeee, kin net: It is tradysje. No “so wat”, swarte Piet is ek tradysje, mar kin ek troch in pear minsken de nekke omdraaid wurde. Wat fernijing oanbelanget kin it fuotbal noch in soad leare fan oare sporten.

Mar de corona tiid is ek foar de amateur ferienings in swiere tiid. Hja misse no foaral de kantine ynkomsten om harren hege kosten wer boppe wetter te krijen. No is it frjemde dat de profklups by it fuotbaljen bûten skot bliuwe, wat it stillizzen fan de kompetysje oanbelanget. Dat komt tink om’t sy yn in stadion spylje dêr’t it firus skynber net komme kin, om’t se de doarren ticht hâlde. Der wurdt wol sein dat sommige profklups it net sa lang mear op ’e fuotten hâlde kinne. Dat falt neffens my wol wat ta, salang as der noch mei sa folle miljoenen smiten wurdt. Sy moatte it yn alle gefallen noch mar in skoftsje dwaan sûnder folk op de tribune. Der is ek neat mis mei. Gjin gedonder mear oer rasistyske útspraken en gjin grutte plysjemachten mear nedich om it folk yn bedwang te hâlden. Ik bin der al oan wend. Televyzje oan en it lûd der ôf. Sjen nei it fuotbaljen sa ik dat ek op de livestream seach nei myn pakesizzer fan Stiens/DTD MO 13-1. Hja stiet op goal en hat foarige wike wer knap de nul holden. Mar hja moatte no stopje, om’t sy net yn in stadion spylje dêr’t de doarren fan ticht kinne 

 www.henkiefandepolderdyk.nl

(Om misferstân foar te kommen: Ik bin in grut leafhawwer fan in protte sporten, wêrûnder ek it spultsje dat fuotbal hjit.)