Algemeen

Column: Bernetiid

Myn tinzen geane tsjintwurdich wol gauris werom nei de tiid dat ik noch in bern fan in jier as acht, njoggen wie.  In tiid fan mear as 60 jier ferlyn, doe’t wy der noch fan út gienen dat de wrâld neat feroarje soe.

De tiid dat wy efter de polderdyk wennen en wy noch libben yn alle ienfâld, sûnder de foarsjennings sa as hja dy doe rûnom ús hinne wol hienen. Wy koenen allinne mar mei de roeiboat as de fyts oan de pleats ta komme. En mear as in fyts hienen wy ek net nedich.  Us libbenswize wie foar in part gelyk as dat fan ús oer- oer- oer- oerbeppe Afke Alts Liemburg. Us (4x) oerbeppe Afke libbe fan 1751 oant 1828, dat is alwer in moai skoft lyn. Iksels bin yn 1948 berne, 120 jier letter dan dat oerbeppe Afke stoarn is. Mar der siet net sa’n hiel grut ferskil tusken. Ja 120 jier, in stik as wat generaasjes, mar in protte dingen kamen noch oerien.

Want oerbeppe Afke hie yn 1828 gjin elektrysk, wy yn 1948 ek net. Afke hie doe gjin wetterleiding, wy yn 1948 ek net. Afke hie gjin WC, mar in húske efterhûs, wy yn 1948 ek. Afke stookte har kachels mei hout en turf, wy yn 1948 ek. Afke har lampe yn ’e keamer baarnde op petroalje, dy fan ús yn 1948 ek. Afke lêsde yn 1828 de Hepkema, wy yn 1948 ek. Afke brûkte gjin rol WC-papier, mar brûkte hjirfoar deselde Hepkema, lykas wy dat yn 1948 ek dienen. Afke  rûn yn 1828 meastal op klompen, ik yn 2019 noch. Mei oare wurden: Ik kin sizze dat ik noch libbe ha sa as ús oer- oer- oer- oerbeppe Afke Alts Liemburg oant har dea yn 1828 libbe hat. Net folle dy’t dat, krapoan 200 jier letter, yn 2019 noch sizze kinne.  Dochs wie der ien hiel grut ferskil, wy hienen yn 1948 in fyts en dy hie oerbeppe Afke doe noch net. Ik nim mar oan dat oerbeppe Afke  yn har libben nochal wat klompen fersliten hat.Doe’t ik yn 1948 berne bin wie dat yn ien fan de grutte berteweagen fan nei de oarloch. De skoallokalen kamen wer oan de harses ta fol te sitten. Fan 1950 ôf gie dat de oare kant wer út. Der feroare in soad. It frachtferkear oer it wetter waard oernommen troch it frachtferkear oer de dyk. De wetters wienen ienienen ek net mear nedich. Op ferskiedende plakken binne de wetterwegen, dy’t sa’n wichtige funksje hân hienen foar in protte doarpen, tichtsmiten en der kaam in dyk oer te lizzen. Nimmen hat der doe in trien om litten. 

By ús thús gie it al krekt en gelyk sa. De slûs en de feart waarden ein fyftiger jierren tichtsmiten en wy koenen no ek mei de auto oan hûs ta komme. 

Foar elkenien gie it libben troch en wat west hie waard foar in grut part fergetten. Oant it fenomeen sosjaal media syn yntree dien hat en wy thús op it skerm sjen kinne wat der eartiids weiwurden is. 

No komme der foto’s boppe wetter, fan hoe it der doe útseach. Want bûten de musea binne der noch in protte minsken dy’t foto’s hawwe fan eartiids. Allinne al de âlde foto’s fan de doarpen út ús âlde gemeente en dy fan It Bildt jouwe in byld fan hoe’t de wrâld der doe útseach en hoe de minsken libben. Om’t ik hjir net grut wurden bin wit ik ek neat fan hoe it der hjir doe útseach. Dêrom bin ik no ek sa wiis mei facebook. Ferskate doarpen hawwe in facebooksite dêr’t minsken harren âlde foto’s op kwyt kinne en oare minsken dêrmei yn diele litte. 

Fan dêr dat myn tinzen tsjintwurdich wol gauris werom geane nei myn bernetiid, doe’t ek de earste foto’s fan my en myn omjouwing makke binne. In omjouwing wêr’t wy as bern fan tochten dat dy nea feroarje soe.

 www.henkiefandepolderdyk.nl