Algemeen
Column: Aldomke Harm
“Do likest op de omke fan dyn heit”, sei Geartsje tsjin my doe’t ik har in “selfie” fan mysels sjen liet. Om’t op’t stuit it waar it net talit om bûten wat om te pielen, sit ik faak efter myn pc om wat nei âldheden te sykjen. By my binne dat faak âlde foto’s wêr’t ik noch wol gauris in ferhaal oan fêstknoopje.
Sa haw ik al ferskate minsken en wennings by’t ein hân om my der wat fierder yn te ferdjipjen. Sa brocht Geartsje har reaksje op myn foto my wer oan it tinken.
It like my wol moai om it foar in kolum te brûken. Mar om in misferstân foar te kommen: De foto is in “selfie” fan my, foar dat de tondeuze wer oer it kin helle is, wêrtroch ik neffens Geartsje op myn âldomke Harm lykje.
Harm van Zwol, dy’t op 16 maaie 1887 yn Terwispel berne is, wie in broer fan ús beppe Liesbeth. Harm wie de tredde út in húshâlding fan fjouwer bern en hat nea troud west. Ek syn jongere broer Albert is frijgesel bleaun. Beppe Liesbeth wie de âldste en is nochal frij jong mei ús pake Alt Liemburg troud en hat fjirtjin bern krigen. Oer har âldste broer Pieter wie net folle bekend en neffens ús heit wie dy samar wei wurden. No wol it gefal dat ik op facebook immen tsjinkaam bin dy’t in pakesizzer fan dy Pieter wie. Hy hat foar it grutste part yn Frjentsjer, wenne en wie lokkich troud mei Hendrikje van der Iest en sy hawwe tegearre achttjin bern krigen. Sa koe it beteare dat de âldste twa, 32 bern op’e wrâld setten ha en de jongste twa gjin ien.
Harm en Albert binne mei harren heit en mem yn 1910 ferhuze nei in pleats yn de Aldeweisterpolder ûnder Gersleat. Hja hawwe tegearre fan 1938 ôf, doe’t harren heit as lêste stoar, yn alle stilte wat troch buorke. Hja wienen de minsken net ta lêst en hja hienen ek gjin lêst fan de minsken.
Yn 1964 kamen se nochal fûleindich yn it nijs om’t neffens harren in straaljager midden yn de nacht in stik fan harren dak ôfsûge hie. Dat sy der beide goed foar wei kaam binne, hawwe sy te tankjen oan in “hongerklop”. Hja leinen op bêd doe’t sy wat ropsk yn it liif waarden en beide nei ûnderen gongen om in flaubyt. Op itselde stuit dat sy ûnder wienen, moat in straaljager flak oer it pleatske flein wêze en in stik fan it dak mei sûge haw. Harren beide ledikanten stienen letter iepen en bleat yn it skynsel fan de moanne. Der hawwe djipgeande ûndersiken west, mar de broers koenen wat de luchtmacht oanbelange nei harren dak fluitsje. No wie it net sa dat it earmoede wie by de beide broers, want hja koenen fan in bytsje libje. It dak is wer makke en Harm en Albert koenen wer fierder buorkje. Dat it dêr net allegear “spic en span” wie fertelde in omke fan my dy’t by harren lâns kaam. Hja sieten oan’e tafel te praten doe’t in kat om de tafel fleach, mei fuortdaliks in hûn der efteroan. Dat joech safolle stof, dat de mannen mekoar net mear sitten sjen koenen.
Doe’t ien fan de beide mannen op in jûn min by’t spul wie, hawwe de neiste buorlju der foar soarge dat der in dokter kaam. Dat wie de earste kear dat de dokter fan Tsjalbert by harren oer de flier kaam. It hat ek fuortdaliks sa’n yndruk op de man makke dat hy de oare deis weromkaam mei in fototastel. Hy hat doe de ienichste foto’s fan harren makke oan doe ta. Mar tagelyk ek de saak yn’t wurk setten, dat de beide broers sa net langer libje koenen. Yn 1967 binne Harm en Albert yn’t Hearrenfean yn in rêsthûs kaam. Harm is yn itselde jier stoarn. Hy wie doe tachtich jier. Yn 1971 is Albert stoarn, 81 jier âld.
It is úteinlik oan de húsdokter te tankjen dat der doe in foto makke is fan de beide broers van Zwol. En ik bin der grutsk op dat ik op ien fan de beide mannen lykje. Fan dêr de foto fan myn âldomke Harm van Zwol, sa as de húsdokter fan Tsjalbert dy yn 1967 makke hat λ
hfdp@kpnmail.nl
Yn dizze kolum haw ik gebrûk makke fan Genealogie van Zwol fan Alt J Liemburg
Laatst geplaatst
Agenda
-
Zo 12 januari
-
Ma 13 januari
-
Di 14 januari